De Tsjerne. Jaargang 11
(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 92]
| |
[pagina 93]
| |
Apeldoarn
wûnderlik doarp
mei túntsjes
en paedtsjes
mei stopljochten
it loo
en astoria
yn-doarp mei great-
stêdske allures
alles leit trochinoar
sânpaed en beton
oldenhol koldenhof
vosselman put
oudbier en modderkolk
morren en born
beekman en schut
ik mocht dy net lije
6 jier forlyn
ik reits je dochs thús dy
yn ik haw dochs in hûs dy
yn ik haw dochs in lok yn dy
| |
[pagina 94]
| |
De Haech
it binnenhol
ha 'k ienris sjoen
it buitenhof
twaris
es es en ha es
kin 'k suver al dreame
en op de laan van meerdervoort
seit jef last
is god vermoord
myn man imiteart
zeg sjörs wat zijn dat
toch
veur ördinaire
bleksems
oeral binn' minsken
oeral bin 'k seis
it libben is goed
|
|