| |
| |
| |
Geart Jonkman:
Mislearre missy
As notaris Buwalda tsjin iterstiid fan 't kantoar nei de wenkeamer sette, kroep lytse Machteld ûnder de tafel en wachte op it stuit dat har heit sizze soe: ‘Is ús Machteld der net?’ Har mem sei dan stéfêst: ‘Dat fanke is altyd fuort, as wy ite sille.’ Notaris socht de hiele keamer troch, loek lang om let de kastdoar iepen en rôp: ‘Ha, dou greate dogeneat, wolstou wolris handich út dy kast komme?!’ As er dat in pear kear roppen hie, koe Machteld it net langer úthâlde en kroep nei de kast om to sjen oft hja dêr nou wol yn siet; men koe it op 't lêst nea witte.... Letter roun hja der net mear yn, mar it wûnder woe har altyd oan, hja bleau nijsgjirrich, binammen nei it dwaen en litten fan oare minsken, swalke it hiele doarp ôf, kaem by elk oer de flier en wie ornaris om bêd- of iterstiid nearne to finen. Klean en tael wiisden altyd út, Hwe't hja de deis tahålden hie; it mocht mei beide wol sa wêze, bytiden. Hja gyng, tsjin alle warskôging en driging yn, har eigen wei en wie neffens de âlden foar gjin gat to fangen.
Mei lytse Nanne fan master Nauta wie it rjocht oarsom. Syn heit, haed fan 'e bisûndere skoalle, hoegde mar in streek to setten yn 'e tún en Nanne kaem de hiele dei net oer dy streek. Hy hie it net op oare minsken stean, boarte leafst allinnich, mar hie wol each foar alles hwat plant of dier wie binnen syn biheinde romte.
Ut en troch wie Machteld wolris by him foar in hoart en sei dan altyd: ‘Sjoch, ik stap der sa mar oer.’
Nanne seach ek nei de streek en sei: ‘Ik mei der net oer, ús heit wol 't net lije.’
‘Hoe âld bistou, Nanne?’
‘Safolle!’
Hy stiek it rjochterhantsje mei útsprate fingers omheech.
‘Dus fiif’, sei Machteld. ‘As ik fiif jier bin gean ik hielendal allinnich nei ús pake en beppe. Mei de tram! Sjoch.... ik stap der samar oer.’
Mear as tweintich jier letter brocht de analiste Machteld Buwalda, in tige selsstannige en net minder kreaze notarisdochter, har fakänsje yn it bûtenlân troch mei de lânbouredakteur Nanne Nauta, op bitingst dat hja biwarre bliuwe
| |
| |
soe foar leafdeforklearringen en bisibbe bykomstichheden fan syn kant. Nanne Nauta, in rizige, net ûnsjogge feint, dêr't de froulju wol each foar hiene, hie wol yn 'e rekken dat er sadwaende de slach yn 't foar al heal forlern hie, mar better de heale slach as har út it each forlern, tocht him. Hy wie greatsk genôch om him net skine to litten dat har bitingst him suver mânskernôch wie. Dàt it sa wie, kin men alle bigryp foar hawwe, om't Machteld har skientme net, lyk as dy fan gâns froulju, in tokoart oan karakter, geast en sex-appeal goed to meitsjen hie, mar, krekt oarsom, dy eigenskippen namsto opmerkliker útkomme liet.
Al koe fan Nanne net sein wurde dat er psychologysk in nul wie, hy like yn safier op de measte foreale manlju, dat syn bigryp foar en oer de bigearde frou daelk gjin sprekken lije koe. Syn great forsin foar Machteld oer wie, dat er har komselden in amerij allinne liet, alle selskip mijde, en fan har forwachte dat hja likefolle bilangstelling hie foar de wynbou en natuer as hy. Boppedat woe er alle dagen mei har nei de saneamde Blauwe Rots, mei syn ‘ûnforjitlik’ útsjoch op 'e baei. Fan gefolgen hie Machteld lang om let skjin har nocht en de jouns fan 'e seisde dei slim pine yn 'e holle. Dat trof al nuvere màl, hwant Nanne wie krekt gewaer wurden dat it útsjoch fan 'e rots by jountiid op 'en moaisten wie. Hy bisocht har to bipraten - de frisse jounloft soe har goed dwaen en folie net genôch - mar der wie gjin forwin op. Hja woe daelk nei har keamer en forsocht Nanne allinne to gean en de oare moarns forslach to dwaen fan syn tocht.
‘Astou net giest, gean ik ek net’, sei Nanne.
‘Hwerom net? Dou dochst my der in deugd mei.’
‘Ik gean net allinne,’
‘Hwerom twingst altyd sa? Hâldstou wol fan my?’
‘Dêr soe ik my net oer útlitte, hawwe wy ôfpraet.’
‘As ik dit dy freegje hast alle frij. Yn alle gefallen hoopje ik moarn fan dy to hearren hoe't it west hat. Bringst my even nei de keamer?
Nanne roun goedmoedich mei nei boppen, mar hja fielde wol dat er net alhiel út 'e rie wie. Yn 'e keamer sette hja har tas op 'e tafel, naem ûnforhoeds syn gesicht tusken beide hannen, loek it nei har ta en tute him op 'e mûle. It kaem him oer 't mad en fan 'e weromstuit wist er oars net út to bringen as har namme. Hja treau him lykwols sêft ta de doar út, seach him ûndogensk oan en sei, mei in stim dy't as muzyk yn syn earen song: ‘Ik bin nou wurch Nanne, oant moarnier.’
| |
| |
Ticht wie de doar, de kaei waerd omdraeid. Fly soe noch hwat sizze, roppe, mar bitocht krekt op 'e tiid dat er de boel nou net bidjerre mocht. Gau hjir wei.... gau! Stie syn hert stil? Hwat hammere der dan sa?! It wie him allegear likefolle, hy dounse de gong oer, trobbele mei oerdwealske sprongen by de treppen del, wiuwde breed tsjin de kellner en wie kammeraet mei de hiele wrâld. Ha je der nou forstân fan?! Sa'n fanke....
It fanke klaeide har ûnderwilens hastich út en, nei't hja in bad nommen hie, mei soarch wer oan, seach op it horloazje - hy is aenst trije kertier fuort! - en yn 'e spegel - ik mei faeks gjin societyforskining weze, mar hwat ik haw dat haw ik fan mysels - en dêr tripke hja de keamer út, de treppen del, stiek it terras oer en sloech daelk lofts de wei op nei it kasino.
Hja wie hjir op 't lêst net om de se to sjen - dan hie 'k wol nei hús to kinnen en klim oer de sédyk! - mar om ris hwat oars as oars to bilibjen. Nanne mei syn wrâldfrjemde sinnen wist net hwat in frou as har takaem. Hawar, joun soe hja sjen hwat hja thús nea to sjen krige en de spanning en sensaesje fan 'e spyltafel persoanlik meimeitsje en ûdergean.
Hja hie der lykwols net alhiel frede mei dat Nanne der neat fan wist, mar kom, hja soe it him moarnier sljochtwei sizze, hy woe nou wol yn goedens.... Of soe er ek oars kinne? Stel dat er ris.... Hja waerd ynienen oergunstich op in kreaze súdlike forskining út it hotel, mei bleate skouders en lytse stevige boarsten. Stel dat Nanne....
Ungemurken skau hja efter in lyts selskip oan it greate gebou yn en slagge yn ien fan 'e spylsealen. It forblynjend ljocht fan anbidige kroanlampen en it dimmen gounzjen fan stimmen, skuorden har itt 'e mimerij. Fierder yn 'e seal krongen de minsken stiif op elkoar. In heaze, mar fierdragende stim rôp: ‘It spul giet oan!’ En even letter: ‘Der mei net mear set wurde!
Machteld skau nei foaren mar koe net oer de kloft hinne sjen. Hja roun nei de oare kant en seach dat der njonken de bankhâlder noch romte wie. Hwat in gesichten! De measten folgen koartseftich de biwegingen fan in wyt baltsje op in draeijende skiif.
‘Read!’ rôp de bankhalder, wylst er opslàch in great part fan it jild dat set wie nei him tahelle en guon spilers hwat taskau, ien sels in fiks bidrach.
‘It spul giet oan!’
| |
| |
De spilers bigounen to setten mar it wie Machteld net dúdlik hwerom't hja birekkeningen makken Ear't hja har jild op kleur en nûmer pleatsten.
‘Der mei net mear set wurde!’
Opslàch brocht de bankhâlder de skiif oan 't draeijen en smiet it wite baltsje der tsjin 'e tried yn op.
‘Read!’
Mei't Machteld de gesichten jitris mei stúdzje achtsloech, krige hja dat fan in man yn 't each, dy't rjocht foar har oer oan de oare kant de spyltafel stie en net meispile, sa't it like. It wie in aristokratysk en yntelligint gesicht mei in moaije smelle, al wie it hwat brike noas. It tinne glêdboarstele hier like yn it Ijocht fan de lampen wol alminium to wêzen. It opmerklike fan de man, dy't tuskenbeiden great en net ålder as fjirtich wie, lei lykwols yn syn manear fan sjen nei spul en spilers. De eagen, hja koe net útmeitsje oft se griis of grien wiene, foroaren oanienwei en de mûle paste him dêr wûnderwol by oan. It iene stuit lei der hwat yn fan nocht oan únnocht, dan wer fan spot of spyt, soms in glimk fan bigryp of bigreatsjen. Ynienen draeiden de eagen har kant oer, hja sloech ûnwillekeurich harres del - wist seis net hwerom't hja trille - en twong harsels wer, nei 't spul to sjen.
In koart dreech mantsje roppe mei ôfgryslike stompe en swier biringe fingers yn in steapel bankpapier om.
‘Der mei net mear set wurde!’
Koartseftich folgen de eagen it wite baltsje.
‘Nul!’
De bankhâlder skau in slompe jild nei de ûnhuere fingers. Machteld koe der net langer nei sjen mar Ear't hja de eagen ôfkeare koe, sei deun by har ear in dimmen klearlûdige manljusstim: ‘Fine fingers meije minder ûnsjoch lykje, se binne net minder ûnsillich.’
It waerd yn 't Ingelsk sein, Machteld wist opslàch dat de wurden foar har ornearre wiene, mar houd de eagen op 'e gesichten oan e oare kant de spyltafel. It gesicht dat hja dêr ûnwillekeurich forwachte, wie der net mear. ‘It gesicht is hjir.... wol sa goed as oan dy kant’, sei deselde stim. De lytse ûnderbrekking jage har it bloed nei de holle. As op stellen bitrape draeide hja har om, stoarre yn in pear frjemde binearjend skerpe eagen - se binne wrychtich blau! - en stammere: ‘O... eh... wiene Jo dat?’
It amper waer to nimmen triljen fan syn each- en mûlshoeken makke har op 't selde stuit dúdlik dat hja har bleat- | |
| |
jown hie. Hy sei nammers: ‘In man hat even mear frij.’
Hja wie dalik op har iepenst, loek heechhertich de wynbrauwen op en frege koel: ‘Jo bidoele, mynhear?’
‘Dat ik better hjir komme kin as Jo dêr.’
‘Ik haw net de eare....’
‘En ik sil it my ta in eare rekkenje, Jo fan tsjinst to wêzen.’
‘Fan tsjinst hwermei?’
‘Mei Jo ien en oar út to lizzen.’
‘Ut to lizzen hwerom't Jo sa dryst binne en sprek my oan?’
‘Bygelyks.’
‘Dêr bin ik net binijd nei, mynhear.’
‘Faeks al binijd nei de technyk fan de spyltafel.’
‘Jou minskekennis is seldsum!’
‘Dêr is hwat fan wier.’
It kaem der sa wis, en net alhiel sûnder idelheit út, dat hja ynienen út 'e rol rekke en har ûntfalle liet: ‘Oan Jo is gjin salve to forstriken.’
‘It jild dêrta soe better ûnder de earmen forpart wurde kinne!’ Hja seach him forbjustere oan. Hwer doelde er op? Hie hja him misledige? Mar né, hy glimke al wer, lykwols net sûnder spot, en om yn oar praet to reitsjen, sei hja:
‘As it Jo oanstiet my ien en oar út to lizzen en ik Jo dêr in deugd mei dwaen kin....’
‘Ik sil it my ta in eare rekkenje.’
Even ljochten syn eagen mei in hurde metalen glâns. Doe bitsjutte er har hoe't hja Even en Uneven, Read en Swart spylje moast, dat Leech en Heech op de getallen ûnder de njoggentjin en boppe de achttjin sloegen en dat hja yn biskate gefallen op Nul sette koe. Hja bitanke him, it iis wie nou folslein brutsen, en sei: ‘Mar it komt dochs op 't selde del, Hwe't men op set, de kânsen lizze der dochs foar alle kleur en getal?’
‘Wiskundich al, psychologysk net. De magy fan biskate getallen en kombinaesjes is biskiedend.’
‘Fan hokker getallen en kombinaesjes?’
‘Dat leit foar elk oars, en hinget ek fan de tiid ôf. Jo dogge der bygelyks goed oan en spylje net, nou net.’
‘En as ik al spylje?’
‘It spul dat Jo to spyljen hawwe leit op in oar en heger plan. Mar sille wy net in koeler en gaedliker sté sykje foar dit petear? Hwat tinkt Jo fan Cominotto? Dat is de saek hjir skean foaroer.’
Mei in ienfâldich knikje naem hja syn útstel oan. Hwerom
| |
| |
net? Hja wie op 't lêst frij. Njonken him tripkjend stelde hja fêst dat er lytser wie as Nanne, net iens folie greater as har. Hy hie lykwols hwat oer him dat har boeide en tagelyk bineare, yn alle gefallen hwat oars as oars en hy wie net sûnder geast.
By Cominotto bistelden hja Turkse kofje, en nei't de kellner dy brocht hie, riisde Machteld ynienen fan 'e stoel en sei: ‘Mar wy kenne elkoar ommers net!’
‘Dêr is it foar Jo net minder om.’
Hja liet net skine dat it antwurd har nitele, stiek him de hån ta en sei: ‘Myn namme is Machteld Buwalda.’
‘Dat wit ik. En dy fan Jou feint, Nanne Nauta.’
‘Mar hoe witte Jo dat?’
‘Ut it gasteboek.’
‘Binne wy dan yn 't selde hotel?!’
‘Wy hawwe deselde bilangstelling....’
‘Deselde bilangstelling?!’
‘Ja, Jou feint en ik alteast....’
‘Wel, wel!’
‘Yn twaderlei ding.’
‘Yn twaderlei ding noch wol!’
‘To'n earsten foar de Blauwe Rots.’
‘De Blauwe Rots?!’
‘Dêr haw ik Jim alle dagen sjoen, fan 'e wike; Jo hiene der minder each foar as Jou feint!’
‘Hwat Jo al net witte! En twad?’
‘Nou wolle Jo it neiste witte.’
Hja skeat ûnwillekeurich in kaem, mar rêdde har der opslåch út mei to sizzen: ‘It neiste? Ik wit Jou namme net iens!’
‘Dy heart minder muzikael as Jouwes. Shepherd, Peter Shepherd - mar faeks wol sa misliedend.’
‘Misliedend, mynhear Shepherd? Meitsje Jo gjin yllúzjes, ik bin gjin skiep.’
‘En alhiel net in laem.’
‘Tige foreare. Hwerom achten Jo it net goed dat ik spile niis?’
‘Dat haw ik sein.’
‘Hwat forstiene Jo ûnder spul op oar en heger plan?’
‘It spul fan de frou.’
‘Wel, wel!’
‘Dat Jo wol hwat trochsichtich spylje.’
‘Ik kin Jou humor net alhiel neikomme, mynhear Shepherd, it muoit my om Jo.’
| |
| |
‘Dat bigreatsjen is oer en wer.’
‘Jo sitte noch al oer my yn, mynhear Shepherd.’
‘Oer Jo ynsitte, né, mar ik achtsje Jo to goed foar de twade fioele, Jo binne yn 'e widze lein om to skitterjen.’
‘Mar ik liz net mear yn 'e widze en dêrom bigryp ik ek hwat Jo bidoele mei de kwalifikaesje misliedend. Jo binne mear charmeur as shepherd.’
‘Jou ynsjoch pleitet foar myn gelyk. It muoit my allinne dat in oar mei minder ynsjoch Jo de romte net jowt en sèls skitterje wol.... mei Jo!’
‘Mar mynhear Shepherd, nou slane Jo de bal fier mis, as Jo alteast op de hear Nauta doele. Hy is in tige biskieden en boppedat godstsjinstich minske.’
‘Tinkt Jo dat it dêr better om is?’
‘Tinkt Jo fan net?!’
‘Elk lit him jilde neffens syn aerd, de iene hoasfuotling, de oare izerbislein. De earste hat men minder yn 'e rekken, mar is net minder gefaerlik. En hwat dy godstsjinstichheit oanbianget - ik wol alhiel net forgelykje. Napoleon wie godstsjinstich, Hitler op syn manear ek en Raspoetin wie in muonts.’
‘In demon!’
‘De Tsaer tocht der by syn libben oars oer.’
‘Jo wolle dochs net sizze dat myn freon....’
‘Né, ik wol der inkeld mar op wize dat godstsjinst de minske net biwarret foar machtsdreamen, rjochtoarsom.’
‘Och, ik moast einliks net op Jou praet yngean, mynhear Shepherd! Myn freon is der alhiel de man net nei om him jilde to litten!’
‘Ik bin sa frij om dêr oars oer to tinken.’
‘Hwat jowt Jo rjocht en reden....’
‘Myn bilangstelling foar Jo.’
‘Dy bilangstelling, sa't Jo it neame, giet wol hwat fier, mynhear Shepherd!’
‘Net fierder as de Blauwe Rots, Machteld.... Buwalda.’
‘Dan hawwe wy nou de hichte, tink?’
‘De hichte is amper hûndert meter, lykwols krekt to heech om der sûnder gefaer ôf to springen.... alteast oan de steile sékant.’
‘Jo hawwe moai wis ek al ergere dat ik my tokoart dwaen soe, mynhear Shepherd?’
‘Ik haw allinne ergere dat Jo skjin Jou nocht hiene, mar net fan it libben. Jo sitte nammers hjir by Cominotto.’
‘Jo sjogge dus dat ik myn eigen wegen gean.’
| |
| |
‘Elk giet de wei dy 't er to gean hat, ek as dy nei de bidelte rint.’
‘Goed, mar yn frijheit. Ik bin yn alle frijheit greatbrocht, alteast great wurden.’
‘Namsto mear reden om net yn hearrichheit ûnder to gean, juffrou Buwalda,... Jo binne hjir, dêr bin ik wis fan, tomûk hinneset.’
‘Ik haw der net oer praet, dat is wier.’
‘Jo hiene grif wol in forlechje en dat is fan ien kant mar moai.’
‘Dat nim ik net, mynhear Shepherd.’
‘Ik wol, juffrou Buwalda, ik bin bliid dat Jo in forlechje hiene, oars soe 'k hwat mist hawwe, joun.’
‘Faeks hiene wy hjir dan mei ús trijen sitten, tinke Jo?’
‘Alhiel net, hoe soene Jo dat klearkrigen hawwe?’
‘Ik krij alles klear, as ik wol, mynhear Shepherd.’
‘As Jo wolle, just, mar hy wol net dat Jo wolle.’
‘It wurdt tiid om dizze gearkomste to sluten, Ieau 'k.’
‘Ik haw noch hwat foar de rounfraech, foarsitter. Lit ús hwat betters bistelle as dy swiete kofje, hwat tinkt Jo fan champagne?’
‘Sil ik moarntojoun mei him forskine, hjiroer?’
‘Ik sil Guiseppe warskögje.’
‘Jo hawwe my gjin antwurd jown, mynhear Shepherd.’
‘Ha, Guiseppe, dou bist in kenner fan wyn en froulju, Veuve Clicquot, hoe liket dat?’
De kellner, dy't Machteld gjin amerij út de eagen liet, makke in lichte bûging, sette him doe yn postuer en sei plechtich: ‘Perrier Jouet, mei minder kin mynhear joun net ta.’
‘Dou bist in great sakeman, Guiseppe.’
‘Mar mynhear! Perrier Jouet giet fier boppe it stoflike út. It is de leafdedrank dêr't Venus har bern by greatbrocht hat!’
‘Goed, goed, Guiseppe.... Perrier Jouet! - Ien blik, en Guiseppe stoart him foar Jo fan de Blauwe Rots, Machteld.... Buwalda.
‘Ik kin it net hoflik neame, mynhear Shepherd....’
‘Net hoflik fan Guiseppe?’
‘Ik haw Jo niis frege oft ik moarntojoun hjiroer mei him forskine sil.’
‘Mei Guiseppe?!’
‘Ik siz gjin wurd mear, Jo bigripe my skoan.’
‘Ha, dêr is Guiseppe al wer! Foar Ingelske froulju soe er sa net drave, dy binne him to koel.’
| |
| |
‘Mynhear mei him yn dit gefal dus lokkich achtsje... sjoch, in goadedrank.... en op de goede ôfrin!’
‘Hawwe Jo dy blik fan Guiseppe sjoen, juffrou Machteld? Sjoch dy charmeur ris rinnen, aenst sjocht er grif nochris om.’
‘Guiseppe is alteast in hoflik man.’
‘It swijen fait al wer ta, leau 'k. Hwat Jou fraech oanbilanget, stel dat it Jo slagje soe Jou freon oer de streek to krijen, soene Jo dat wol fan him bigeare meije?’
‘Hwerom net?’
‘Hy tinkt nou noch dat er is, dy't er liket. As it spul him yn 'e bisnijing nimt mei er himsels faeks net mear lije.’
‘Hy koe wolris mear himsels wêze as Jo.... tinkel’
‘Gans lju dy't dêr oer de drompel dwale hawwe gjin weet fan it munster ûnder har minlik masker.’
‘Jo wolle my hifkje, mar ik lit my net fan Jo ynkommedearje, ik haw alle bitrouwen yn myn freon, de hear Nauta, mooglik even mear as yn....’
Fierder kaem hja net, hwant earne efter Shepherd waerd glêsspul knoffele en in forwinsking útstaet fan in swiere manljusstim. Op itselde stuit seach hja oer Shepherd syn skouder in ûnbidich massyf lichem, dat, hoewol klaeid yn smoking, mear fan in gorilla as fan in minske wei hie. De geweldige kop mei slûk swart hier stie fuort op 'e romp, de earen liken as raberberblêdden út de skouders op to sjitten en de wrede sinlike mûle liet twa rigen hynstetosken sjen, wyt as in haech. De keardel, it wie yndied in minske, skau mei lij en de ûnfoege lea tusken de stuollen en tafels troch, elk seach him mei wearze en argewaesje nei. Hy like gâns oan Bacchus offere to hawwen. Mei skrik en ôfgrizen kaem Machteld ta 't bisef, dat it munster rjocht op harren tasette en gjin each fan har ôf houd. ûnwillekeurich sochten har eagen help by Shepherd, mar dy siet, yn stúdzje, mei syn champagneglês to boartsjen.
Ynienen lei it gedroch syn ûnhuere rûge hannen op Shepherd syn skouders en boldere, mei in blik op Machteld: ‘Haha, Lyncéus, hiest my soksahwat net únthjitten?!’
Shepherd sette it glês del en riisde, wyt as in deade, fan 'e stoel. Súntsjes draeide er him om, Machteld koe net sjen hwat der krekt barde, mar it gesicht fan de reus biloek en yn syn eagen lies hja tagelyk in ûntsettende eangst èn in deadlike haet.
Shepherd seach om, noch altyd wyt as in lyk, knikte har ta mei in frjemde, suver metalen blik en forsocht har, him ûnt- | |
| |
skuldigje to wollen. Hy soe der mei tsien minuten wer wêze. Hwat er tsjin de wearzige fint sei, koe hja net neikomme, mar dy kearde syn stekkend gleije eagen ôf, draeide him om en roun as in skurve houn foar Shepherd út, lykwols gâns liniger as doe't er kommen wie.
Mei it fordwinen fan de ûnhuere keardel kaem de walge Machteld op, der wie hwat yn de gong fan it gedroch, ja seis yn dy fan Shepherd, dat har oangriisde, sûnder dat hja wist, hwerom. Hja seach, mei ûntheistering, fan it lege glês nei Shepherd syn stoel, riisde ynienen huverjend en bibbertoskjend fan har eigen oerein, die in stap tobek, as lei der in gryslik reptyl, en trille oer alle lea. Nettsjinsteande ûnderskate tafels biset wiene fan pratende, laitsjende minsken, waende hja har folslein forlitten en sûnder fierder yn bistân to stean, stau hja ta de iepensteande tûndoarren ût, it terras op.
Yn it skaed fan in palm ljochte in baernende sigaret. Immen sei: ‘Hwerta dy haest, juffrou?’
Hja bigoun to draven en earst ûnder de néonljochten op 'e greate wei, kaem har yn 't sin dat it Guiseppe syn stim west hie.
Twaris stegere hja in dekadint klaeide darkert ôf, dy't har hinderlik folge en ûnfoege ûtstellen die.
In kertier letter stapte hja de festibule fan it hotel troch, fornaem fan 'e portier dat de hear Nauta allang boppe wie en gyng de treppen op. Hoeden de gong oer teantsjend, seach hja ljocht ûnder Nanne syn doar troch, hearde him njuentsjend spielen by de wasktafel, flutte doe har eigen keamer yn en draeide dalik de kaei om. Ljochtmeitsjend waerd hja kjel fan har spegelbyld yn 'e kastdoar, liet har langút op bêd falie, oerweldige fan wearze, eangst en selsbigreatsjen, en snokkere wol in ure, Ear't hja hwat ta harsels kaem. Mar de spanning wie brutsen, lang om let sprong hja biret oer de flier, klaeide har út en naem in bad. Yn 'e spegel biseach se har readskriemde eagen, har donker koperread hier, har skouders, boarsten.... né, hja wie net foreale op Shepherd. Nei noch in fikse striel kâld wetter, roste hja de lea ûnbarmhertich mei de rûge handoek, loek doe de nachtklean oan, kroep op bêd en foei opslàch yn 'e sliep.
(It léste folget)
|
|