De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 81] [p. 81] [Nummer 2] Freark Dam: Jounliet Hja binn' sa fordomde fitael, Bêst by 't spul en goed op 't forhael By flaubyt en by bacchanael My lykwols bistjurret de laits Omt ik wurch bin en bang foar dy Skraits Bang en wurch bin fan Tryn, Bets en Beits En as in maits. Hja binn' sa iordomd sljocht en rjocht Sûnder lêst ea fan krupsje ot sjocht' Sa démoedich loar 't lêste gerjocht Sa wis fan harsels en har lok Wylst ik fan binaudens slok Sa kâld as in stien, as in flok En as in bok. Farwol en farwol en farwol De fleurigen rêdde it wol dy't tahapt dy sêddet him wol Mar my bliuwt de strôte ticht Lykwols falt it skieden my licht lt is dochs gjin saek fan gewicht Allinne noch in gedicht. Gedicht foar de freon dy 'k net hie In gedicht foar har dy 'k misdie Gedicht foar it bern dat ik wie En foar de soan dy't ik woun Forwûnderlik bernlik en soun Syn ûnrêst is noch net bigoun Nou noch net, joun - Vorige Volgende