De Tsjerne. Jaargang 11
(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermdMEIDIELINGEN. Op Sneon 21 Jannewaris de middeis 2 ure yn Amicitia to Ljouwert håldt De Tsjerne yn 'e mande mei de ‘Scandinavische Contactclub Leeuwarden’ in Middei toar Noarske Kunst, dêr't Amy van Marken en Prof. Dr J.H. Brouwer lêzingen hâlde oer Noarske litteratuer en dit nûmer oanbean wurdt oan de Noarske Legaesje. Tagong foar abonnés mei oanhåld f 1, -. De jouns wurdt om 8 ûre yn De Klanderij it twadde lustrum fan De Tsjerne bitocht mei in ‘frij’ programma. Tagong ek frij. Om 6 ure is der in mienskiplik kofjemiel: kosten f 2,50 de persoan. Opjaen by de administraesje. Sjoch ek ynlizkaert Desimber-nûmer 1955. Yn Febrewaris forskynt dan wer in gewoan nûmer. Wolle de abonné’!s by it biteljen fan har abonnemintsjild 1956 tinke om it nije gironûmer en administraesje-adres? (sjoch foaromslach).
DE REDAKSJE. |
|