Olav Gurvin, berne yn West-Noarwegen, waerd yn 1938 doctor yn 'e musikology op in dissertaesje oer it thema ‘Fan tonaliteit ta atonaliteit’. Wie dosint oan 'e Universiteit fan Oslo fan 1937 oant 1942 en fan 1945 oant 1947, doe't er ta heechlearaer yn 'e musikology bineamd waerd. Hy wie de iennichste redakteur fan it tydskrift ‘Norsk musikkliv’ en is sunt de oarloch muzykkritikus yn it deiblêd ‘Verdens Gang’ to Oslo.
Inger Hagerup, berne 1905 yn Bergen, studearre filology. Gâns dichtbondels, û.o. ‘Jeg gikk meg vill i skogen’ (1939), ‘Videre’ (1954), ‘Den syvende natt’ (1947), ‘Mitt skip seiler’ (1951) en ‘Som du vil ha meg’ (1949).
Gunvor Hofmo, berne 1921 yn Oslo, debutearre 1946 mei de bondel ‘Jeg vil hjem til menneskene’. Letter de bondels ‘Fra en annen virkelighet’ (1948), ‘Blinde nattergaler’ (1951) en ‘Testamente til en evighet’ (1955).
Hans-Henrik Holm, berne yn Oslo, studearre rjochtsskiednis en filology oan 'e Universiteit dêrre. As feint lange jierren yn Setesdal, nei tael en kultuer de meast isolearre delling yn Noarwegen. Hy debutearre yn 1933 mei ‘Jonsoknatt’, foarste diel fan great folksepos. Yn 1938 kaem ‘Gamle-Kari og hennar himilfart’, fragmint út it twadde diel, dat noch forskine moat. Yn it riksmâl de fersebondel ‘Guds gnistrende ildfluer’ (1942) en de lange fersen ‘Vårhelg in Gaukelikleiv’ (1947) en ‘Fugl Føniks i eplehagen’ (1948). Syn greatste wurk is ‘Bygdir i solrøyk’ I-VI (1949-’!51), in synthetyske dichtsyklus. Yn 'e mande mei Langvik Johannessen oersettings fan guon Midnederlânske toanielstikken.
Kåre Langvik Johannessen, berne 1919 to Onsøy by Fredrikstad. Studearre nei de oarloch filology en litteratuer to Oslo, helle dêr de magisterstitel mei in skripsje oer it bibelsk drama yn 'e Nederlannen foar Vondel. Studearre fierder to Freiburg yn Switserlân, Amsterdam, Leijen en Gent yn germanistyk en Nederlânsk. Die eksamen yn de Nederlânske filology oan 'e Frije Universiteit to Brussel. Studearre Frysk oan 'e Frije Universiteit to Amsterdam. Wittenskiplik meiwurker yn Norges Almenvitenskapelige Forskningsråd mei as opdracht, ûndersyk to dwaen nei de Nederlânske litteratuer yn 'e 16de en 17de ieu. Hat dêr al frijhwat oer publisearre.
Tor Jonsson, berne 1916 yn Lom, forstoarn 1951. Earst boere-arbeider, letter journalist. Debutearre mei de bondel ‘Mogning i mørkret’ (1943). Letter forskynde fan him ‘Berg ved blått vatn’ (1946), ‘Jarnnetter’ (1948) en in posthume bondel. Fierders twa bondels essays en in ienakter.
All Larsen, berne 1885. Bikend as in tige skerp kritikus, dy't gâns opskuor joech. Kaem yn de jierren 1933-1940 mei it anthroposofysk ynstelde tydskrift ‘Janus’, dat in heech gehalte hie. Fjouwer dichtbondels, û.o. ‘I jordens lys’ (1946), twa samlingen essays, dêr't ‘Den kongelige kunst’ in hichtepunt fan útmakket yn it Noarske kritysk proaza.