| |
| |
| |
Amy van Marken:
Panorama fan it Noarske proaza.
Sûnder mis stiet de Noarske litteratuer yn Nederlân by de litteraire kritisi en ek by de yntellektueel mei niget oan letterkunde net botte gunstich oanskreaun. Grif komt dat foaral fanwegen de kweanamme, dêr't de s.n. ‘triolologieen’ langer op lizze. En dochs soe it in bigreatlik misbigryp wêze en foegje alle Noarske litteratuer mar sûnder skiftsjen by de boeken oer ‘die zwijgende en stroeve, die noeste, woeste boeren op de hoeve’, dêr't Annie M.G. Schmidt yn har forneamd kabaretlietsje sa kostlik op omstikelet. In net to ûntstriden feit is lykwols dat de litteraire kunst, sagoed as de oare kunsten yn Noarwegen, sterk lokael kleure binne. Mar hoecht dat nij to dwaen yn in lân dat der geografysk, histoarysk en sosiologysk hinneleit lyk as ditte? It machtich forline út de sagatiid en it nasionale ûntweitsjen yn de 19de ieu mei in kulturele stilstôn fan likernôch 500 jier hawwe yn Noarwegen oantrún west ta in sibbe forbounens mei de eigen stamme, mei de natûr fan it lên en mei syn skiednis.
It lit him dêrom tige forstean, dat by in hyperyndividualistysk folk as it Noarske, dat sa lang yn syn frijheit en ûnôfhanklikens bikronken waerd, hwannear't it nasionael biwustwêzen ienkear wekker wurdt, in bisiele idéalisme nei foaren kringt, dat de earbied foar de minske en de minsklike wearden sintrael stelt. Yn it meiinoar opgean fan it spesifyk eigene mei it universele leit foar sok slach lokael kleure litteratuer de kâns om oer de nasionale grinzen hinne to kommen en mei to stikjen om in plak yn de wrâldlitteratuer. Yn Noarwegen lykwols wurdt dy kâns forlytse troch de bysûndere taeltastânnen fan it lân. Men kin dat klear fornimme oan in skriuwer as Olav Duun, hwaens wurk de niisneamde synthese oer en yn him hat, mar hwaens taelfoarm it birikken fan in machtiger publyk bûten de eigen lânsgrinzen opkeart.
Ear't wy oergean ta ús eigentlik ûnderwerp, in oersjoch fan de hjoeddeiske proazakunst yn Noarwegen, wolle wy in hoartsje stilstean by de fjouwer greate figueren, dy't yn de Noarske skriftekennisse fan de 20ste ieu foar master opslagge: Knut Hamsun (1859-1952), Olav Duun (1881-1939), Sigrid Undset (1882-1949) en de nou noch libjende Johan Falkberget, berne 1879. De trije lêstneamde bihearre ta deselde generaesje; hja binne yngreven Noarsk yn har persoanlikheit en yn har
| |
| |
kunst, mar dat stiet har minske-wêzen alhiel net yn de wei. Har kunst forienet it wêzentlik Noarske mei it algemienminsklike yn romste bitsjutting. Om it min ofte mear skematysk to sizzen: men kin hinnegean en lit de Noardlanner Duun de synthese fine yn it humanistyske flak, Undset yn it godstsjinstige flak en Falkberget yn it maetskiplike flak. Byhwannear't men universaliteit ûntdekke wol yn de kunst fan de aerdich âldere Hamsun, dan moat men dy by my sykje yn syn natûrbilibjen, lykas dat yn gâns in rige fan syn boeken (yn it bysünder yn syn swalkersfigueren) ta útbylding komt. Hamsun hat in magiër west yn it biskriuwen fan de Noarske natûr; fan dat siket er yn Noarwegen om syn gelikens. Mar it strange, ethyske idéalisme fan it meiminske-wêzen, dat Duun, Undset en Falkberget sa hiem hawwe, wie Hamsun frjemd.
Duuns haedwurk is in great opsette famyljekronyk Juvikingar. It boek spilet yn Noard-Noarwegen en omfiemet it tiidrek fan 1814-1920. De tige sterke karakterútbylding, de sosiael- en kultuerhistoaryske aspekten, de epyske krêft, machtige fantasij en opskerpjende humor jowe dit romanwurk it merk fan in greate, artistike died. Dêr komt dan noch by de seldsume ethyk dy't it groun en piid jowt. It tige hege litteraire gehalte en de algemien-minsklike strekking tilt dy romansyklus heech út boppe it genre fan de gea-roman. Allinne mar it earste diel fan dit mânske wurk waerd yndertiid yn it Hollânsk oerset. Yn it Dútsk bistiet allinne mar in oersetting dy't kompleet is. Fan de bysündere tael en styl - it dialekt fan it Namdal - giet dêrby fansels ûnbitinklik folle forlern.
In famyljekronyk kin men ek Kristin Lavransdatter fan Sigrid Undset neame, mar (óárs as Duun syn wurk) konsintrearre om ien haedpersoan hinne en spyljend yn de Noarske midsieuwen. It is in breed útarbeide epos mei in ûnútbrûkbere rykdom oan njonkenhanlingen en details. De skriuwster naem it libben net licht op en har romans binne strange, réalistyske boeken, dêr't mar inkeld, to inkeld, de humor yn trochbrekt, al wie dy har persoanlik oars wol eigen. De konfliktstoffe fan har histoaryske en nammers ek fan har moderne romans draeit om de erotyk en de religy. It erotyske konflikt, lyk as hja dat yn Kristin en Erlend en ek yn de figuer fan Olav Audunsson yn de boeken mei dy namme biskriuwt, komt oan de woartel fan alles hwat der tusken man en frou wêze kin. En Alhoewol't wy minsken fan de 20ste ieu fier ôfstean fan it civitas deibigryp dat sa sterk yn Undset's midsieuske romans nei foaren
| |
| |
komt, sille wy dochs weitôge wurde, ek troch de religieuze konfliktstoffe fan har boeken.
De bijierre Falkberget is û.o. de skriuwer fan Christianus Sextus en de trije boeken oer Ann-Margritt. Hy is fan de fjouwer greaten de meast folksaerdige, de minst gearstalde, de waermste. Sigrid Undset kaem út in klearebaer yntellektueel en artistyk formidden; Duun bihearde krektlyk as Hamsun ta in boere- en fiskerslaech. Falkberget is mank harren winliken de proletariër, dy't it libben altyd oanseach foar in great aventür fol kleur en glans, nettsjinsteande alle ellinde dy't er trochmakke hat. In muorrefêst leauwe yn it oarspronklik goede yn de minske, in ienfâldige godsfrucht en in greate leafde ta de natûr hawwe Falkberget biwarre foar in negative, rankuneuze libbenshâlding. Yn de groun is er romantikus, hwat net bitsjut dat er it libben fan de minsken dy't bodzje yn en by de koperminen fan Røros (yn 17de en 18de ieu, it tiidrek dêr't syn beide greate romans yn spylje) ta in idylle makket. Hy formoaiket dy manlju en froulju net, mar jowt harren altyd hwat mei fan syn eigen langstme nei in better en minsliker bistean.
Dat in lân mei safolle tradysjes lyk as Noarwegen in skat fan romanstoffe opleveret, hat wol eigenskip. Dat hja dêr sa faek tobektaeste nei it forline hinget fansels gear mei it feit dat dit âlde folk noch mar in tige jonge naesje is, dy't him jerne jaen mei yn syn histoarysk kultuerbisit. Hoe sterk oft, ek yn de tsjustere tiden fan ôfhanklikheit en twingerij, dat kultuerbisit libbe ûnder it boerefolk yn de ôfhandige berchdellingen, biseft men by it lêzen fan Inge Krokann, in auteur yn landsmål dy't net maklik nei to kommen is en dy't yn in fjouwerdielige romanrige (I Dovresno, Gjenom fonna, På linfeksing en Under himmelteiknet, 1929-1941) de aventûrlike kronyk fan it slachte Lo, dat de Deenske machthawwers fûleindigen tsjinwar die, optekene hat. Yn dat wurk is, njonken it nasionale thema, de striid tusken heidendom en kristendom bysûndere meinimmend útbylde.
Ut kultuer-histoarysk each moetsje wy mei Kristian Kristiansen in modern skriuwer dy't pûrbêst de kunst forstiet en komponearje in oer alle boegen boeijend en flot forhael yn histoarysk (18de ieusk) formidden, dat èn artistyk èn psychologysk folslein forantwurde is. It giet hjir om de trilogy (!) oer de aventûrsman Adrian, bisteande út de dielen Adrian posepilt, Vårherres Blindebukk en I den sorte gryte (1951-1954). In oare namme dy't yn dit forbân ûnthâlden wurde moat is
| |
| |
dy fan de kultuer-histoarikus Nils A. Ytreberg, fan hwa't binammen nei de roman Svarta Bjørn (1954) gâns rop gien is. Dat boek spilet yn in mear deunby forline, yn de tiid doe't de ertsspoarwei tusken Kiruna yn Sweden en de Noarske haven Narvik oanlein waerd. De haedpersoan is in jonge frou dy't it rûge libben fan de spoarwei-arbeiders meilibbet. Sawol Kristiansen as Ytreberg witte mei in grif kunstnersynstinkt de faeije klippe fan de falske romantyk yn har spannend opboude yntriges to mij en. Beide skriuwers kin men fan sizze dat hja frij fabulearjend foar har stoffe oer stean, sûnder hokfoar fierdere bybidoelings.
Yn it genre fan de gea-roman, liket my ta, is de lêste jierren in opmerklike ûntjowing to fornimmen. Ear't ik dêr hwat djipper op yn gean, woe ik earst yn dit forbân in mannich algemiene opmerkings meitsje.
Hwannear't der, yn it foarôfgeande of tonei, mei opsetsin by sein wurdt, oft in skriuwer him bitsjinnet fan it landsmål, dan bart dat allinne om de Fryske lêzer hwat to oriëntearjen. Yn Noarwegen sels wurdt dat ûnderskie tusken de litteratuer yn de folksdialekten en de litteratuer yn it riksmål oer it generael net makke. Mei rjocht en reden wurdt dêr de Noarske litteratuer as ien gehiel biskôge.
It liket alle eigenskip to hawwen, dat it gea-motyf foar de landsmål-auteur foarst komt. Mar mien ûndertusken net, dat de dialektskriuwende auteurs yn Noarwegen allinne warber binne op it mêd fan de s.n. ‘heimat’-kunst. Foarearst sjocht men slach op slach hoe t it gea-motyf optild wurdt út syn oarspronklike sfear oant yn de sfear fan it mien-minsklike. Duun is, lyk as ik al sei, dêr in dúdlik foarbyld fan. Mar moderne psychologyske ûntlidding, aktuéle problematyk en in libbensgefoel, dat alhiel fan dizze tiid is, komt men yn de landsmål-letterkunde likegoed tsjin as yn dy fan riksmål. Tarjei Vesaas is yn dit stik fan saken de meast represintative figuer. Likemin is de ynlike forbounens oan in ieuwenâld tradisionalisme foar de landsmålskriuwers in stroffelstien om ek yn de litteraire foarmjowing om nije wegen to sykjen. Fanditoangeande kin men ek op en bêsten forwize nei Vesaas.
Dat it gea-motyf in monopoalje wêze soe fan de landsmålauteurs is fansels ek net to forwachtsjen. Men hoecht mar to sjen nei figueren as Falkberget, Gabriel Scott, Johan Bojer, Peter Egge en net to forjitten Hamsun. By de jongere generaesje fan riksmålskriuwers komt lykwols de gea-roman suver
| |
| |
net foar. Folksaerdige nasionael-histoaryske motiven en in ‘rustyk’ formidden fansels wol.
Sawol foar de landsmål- as de riksmålauteurs jildt, dat hja by de kar fan motyf, problematyk en milieu wakker ûnkosmopolitysk ynsteld binne, rjochtoarsom as b.g. de hjoeddeiske Sweedske litteratuer. Nordahl Grieg (1902-1943) heart by it lyts kloftke ynternasionael fielende en tinkende skriuwers, dy't har yn har wurk bûten de grinzen fan eigen lân bij aen doare. Mar hy wie ommers yn syn hert ek in séman! De politike roman Ung må verden ennu vaere en it sémansforhael dat yn it Hollânsk hjit Het schip gaat verder binne typearjend foar syn ynstelling. Ik tink hjir oan noch twa oare sémansboeken, ntl. Festen i Port des Galets fan Arne Skouen (yn it Hollânsk fortaeld as Feest op Réunion) en Åpent hav, it epos fan de Noarske skipfeart, fan Hans Geelmuyden. In mear kosmopolityske ynstelling hat ek Sigurd Hoel as essayist en as redakteur fan de s.n. Gule Serie (in rige moderne romans yn Noarske fortaling), wylst men fierder noch inkelde losse foarbylden neame kin, lyk as de roman Før hanen galer fan Jens Bjørneboe, dêr't dizze jonge skriuwer op frappant tûke wize de Dútske S.S.-mentaliteit ûntliddet. Of ek de sterk symboalysk útskaeide roman fan Odd Bang-Hansen Fly hvite Due, dy't jin forpleatst nei in optochte Italiaenske stêd mank in foech espel minsken dy't út hiele Europe wei gearstreamd binne.
Mar lit ús weromkeare nei it punt fan útgong, de gea-roman. As in goed eksimpel fan de klassike gea-roman soe men Tarjei Vesaas syn wurk fan foar de oarloch foar kar nimme kinne, binammen syn beide yn it Hollânsk oersette boeken Dei svarte hestane en Det store spelet. Of oars it wurk fan in oare landsmålauteur Magnhild Haalke, yn hwa har wurk it swiertepunt ornaris falt op it heldhaftige plak dat de froulju al den dei skjinmeitsje op it Noarske boerelân. Represintatyf foar har sympathike kunst binne de boeken Karenanna Velde, Kaja Augusta en Kvinneverden (1946, 1947, 1954).
By in tal jongere skriuwers kin men lykwols in nije opfetting fan it gea-motyf observearje en oare lûden biharkje. De tige bijeftige, to ier forstoarne landsmåldichter Tor Jonsson hat yn in bundel artikels, Nesler, en nammers ek yn syn lyryk de min ofte mear romantyske forhearliking fan it bûtenlibben en de boeredynastyën skerp en bitter en fansels yn syn fûlbannigens hwat iensidich oanfallen. Alf Prøysen, de tige populaire dichter-sanger biljochtet de pleatslike problematyk,
| |
| |
yn 't bysûnder de ûntfolking fan it boerelên, fan in hiel oare, koartswilige, kant. It yn it dialekt fan Hedmark skreaune boek Trost i Taklampa is in kluftige satire oer dit faeije ûnderwerp. Omarbeide ta in toanielstik waerd it in ünoarm sukses foar Det Norske Teatret yn Oslo. Mei syn roman Yousef i Harberg bigekket Stein Flekstad de forhâldingen yn in lyts Noarsk kustplak fan amper trijetûzen sielen. Hans Geelmuyden bisjocht yn syn leste roman Timan Timansaet de tsjinstelling tusken boereminsken en stedtsjers, in motyf dat yn de Noarske litteratuer oerbikend is, allyksa fan de luftige, parodiëarjende kant. En de jongste suksesskriuwer yn Noarwegen, Vegard Vigerust, sette forline jier út ein mei in kostlike gea-roman Stålstuten (dy't al fjouwer werprintingen bilibbe!), dêr't er folslein nije aspekten tafoeget oan it biwende genre. Hy bihannelet it eins ôfwaeide ûnderwerp fan de omkear dy't ûntstiet, hwannear't yn in ôfhandige Noarske berchdelling de nije tiid (diskear mei bulldozers, skientme-keninginnen en pin-up girls) syn yntré docht. By dizze jonge landsmålskriuwer fynt men lykwols neat werom fan de swier to rissen earnst, dêr't dit thema sa faek mei oanpakt wurden is. Mei útlittene wille, ûngewosken (sels)irony en jeuchlike frissens en oermoedichheit, mar ek mei great sielkundich ynsjoch giet Vigerust to wurk en it resultaet bisaut men jin oer. Oan sokke foarbylden docht wol bliken dat de nije generaesjes nochterener steane ûnder de problemen fan it boerelân en dat hja, ynsafier't it alteast de lêstneamde skriuwers oanbilanget, in steal humor ta har foldwaen hawwe, dat jin noflik oankomt.
Lit ús nou in toarn stilstean by de figuer fan Tarjei Vesaas, dy't yn de hjoeddeiske skriftekennisse langer sa'n sintrael plak ynnimt. Hy is berne yn 1897 yn de provinsje Telemarken. Ut soarte is hy in typyske geaskriuwer, dy't foar de oarloch al in hiel oeuvre op syn namme to stean hie. Om 1940 hinne kaem der yn syn kunst ûnder de parsing fan it tiidsbarren ûnforwachts in fornijing. Yn 1940 forskynde in lytse roman Kimen, dy't togearre mei it letter útkommen Bleikeplassen by my it hichtepunt is yn Vesaas syn wurk. Yn de hanling - in lynchpartij yn in lytse boeremienskip op in idyllysk Noarsk eilantsje - leit de problematyk fan dit prachtich fortelde forhael bisletten: de massasuggesty en har morele gefolgen. Fuort nei de bifrijing kaem de roman Huset i mørkret, dêr't men de Dútske bisetting om sa to sizzen ûndergiet as wie men der by, sûnder dat Vesaas hoegenamt ien sensaesje-effekt to baet nimt. Réalisme en symbolyk binne op tige persoanlike
| |
| |
wize yn inoar bifrissele, lyk as ek al yn Kimen en dat symboalyske trochljochtsjen fan de wurklikheit wurdt fan nou ôf oan in skaeimerk fan Vesaas syn litteraire kunst. Yn Tårnet en Bleikeplassen forrinne de konflikten bleat psychologysk: de foriensuming en de eangstme fan de minske dy't fortize rekket yn in idéé fixe en sadwaende de kontaktmooglikheden mei syn meiminsken kwyt rekket. Dochs bliuwt Vesaas net stean by it fêststellen en it biskriuwen fan dat konflikt, mar hy siket ek om in oplossing dy't ethysk bifrediget. Twa jier forlyn waerd syn novellebundel Vindane bikroand mei in ynternasionale litteratuerpriis, al hat dat nauwerneed holpen syn wurk buten Skandinavië bikend to krijen. (Yn 1953 is der in Dútske oersetting yn it ljocht kommen, ûnder de titel: ‘Der Wind geht wo er will’). Sûnder twivel komt dat mei troch syn tige aparte tael- en stylkunst, dêr't by oersetting ûnmeugend folle fan forlern giet. It forhael dat yn dit Tsjernenûmer opnommen is, waerd keazen út de bundel Vindane. It is troch-ende-wer-troch Noarsk fan atmosfear. Men fynt hjir in typysk gea-motyf mei mien-minsklik karakter. Vesaas syn formogen him yn to libjen yn it bern en de jongerein is seldsume fyntsjes. Dat docht bliken oan mannich forhael út dy bundel en forfêst net minder oan syn léste roman En vårnatt (1954). Yn syn novellen hat it symboal folle minder to sizzen as yn syn romans. Hy biweecht him hjir op in mear réalistysk plan en is boppe-al de folmakke stimmingskunstner en psycholooch.
Proaza mei in sterk symboalysk, resp. allegoarysk karakter is in forskynsel dat oars yn de Noarske letterkunde faek en folle foarkomt. It eksperimintele proaza fan de jonge Finn Carling, it earstlingsboek Torso fan Solveig Christov, mar ek it wurk fan in skriuwer lyk as Nils Johan Rud tsjut dêr op. (Lêstneamde auteur heart ta de sosiael en psychologysk rjochte skriuwers, dy't as groepearring yn de tritiger jierren frijhwat in rol spilen). De symboalyske ynslach is net ienfål dichwei in litterair moadeforskynsel, liket my ta. De oanstriid ta symboalysk tinken en fielen kin men as in reade tried troch de hiele Noarske litteratuer fan Wergeland oant nou ta folgje. Yn it miene oppenearret him yn de litteratuer fan dit lân in sterke kontinuïteit. Nim har foarleafde ta it biredendielen fan problemen en har oerhingjen nei it ethyske. As men jin biheint ta it tiidrek 1945-1955, dan sjocht men fuortdaliks in danigen oanstriid om de problematyk fan de oarlochsjierren, yn it bysünder de frage fan forantwurdlikheit en skuld, oan de boaijem ta to bidjipjen. Ut de lange rige goede romans dy't der djip
| |
| |
en dreech troch geane, nim ik trije foar kar: En lysets engel fan Ronald Fangen (1895-1946), Møte ved milepelen fan Sigurd Hoel (berne 1890) en Det store veiskillet fan Kåre Holt (berne 1917). Fangen bihearde mei Sigurd Christiansen (1891-1947) en de roomske bikearlinge Sigrid Undset ta de pear skriuwers dy't yn de tritiger en fjirtiger jierren in posityf kristlike ynstelling yn har wurk biliden hawwe. (Fan in godstsjinstige problematyk yn it Noarske proaza fan hjoed-de-dei falt in bytsje to bispeuren; wol is der yn Noarwegen de lêste jierren in algemien religieus debat geande). As romankomposysje is En lysets engel frijhwat de swakke kant neist, mar de probleemstelling en it boadskip dat it boek bifettet weage dêr, mei troch de tüke psychologyske analyse fan de haedpersoanen, gelokkich ryklik tsjin op. Fangen skilderet jin de libbensgong fan twa yntelliginte idéalisten, dy't beide de wei fan har gewisse folgje. Foar de iene bitsjut dat de dea yn in Dútsk konsintraesjekamp, foar de oare de dea oan it Russyske front. Seldsume oertsjûgjend lit Fangen sjen, hoe't men op groun fan jins idéalisme in smjunt wurde kin, hoe't, as men ienkear ynskikt dat it doel de middels hilliget, dat doel de divel sines wurdt. Tsjinoer de satanyske machtspolityk dy't minsken en folken bidriuwe, set Fangen dan in posityf kristlik idéalisme, dat er gearfettet yn it wurd ‘neistenpolityk’.
Hoel syn boek set de lêzer allyksa foar in krêftich moreel en posityf minsklik appèl. Yn syn roman binne in spannende yntrige, in yntelliginte probleemstelling, in kleare sielkundige motivearring fan de karakters en in noflik oankommende forteltrant byinoarbrocht ta in meinimmend gehiel. It giet hjir om de ôfrekken mei de Quislings en nòch de maetskippij nòch de ‘goede’ Noaren geane dêrby frijút.... Hoel hat it forline jier bistien en bisykje yn de roman Stevnemøte med glemte år de ‘mythe’ fan it heldhaftich forset yn de Aprildagen 1940 to ûntlidzjen of leaver to ûntkrêftigjen. It liket my in boek ta, dat yn it ramt fan Hoel syn hiele oeuvre in bytsje nije gesichtspunten wit to bieden, al hat de krityk der wakker fan sprutsen. Hoel biheart ta de sterk yntellektualistysk ynstelde auteurs ûnder de Noarske litteratoaren. Boppedat is er mank harren ien fan de bitûftste psychologen, nei hwa't ek harke wurdt fanwegen syn essayistysk wurk. Syn oarspronklik loftsradikael stânpunt, dat er mien hie mei gâns oare auteurs (û.o. de dichter Øverland, de toanielskriuwer Helge Krog en de romanskriuwers Nils Johan Rud en Axel Sandemose), hat er farre litten. Op it stuit fielt er him geastlik bisibbe oan Arthur Koestler.
| |
| |
Det store veiskillet fan Kâre Holt is grif it origineelste fan gâns boeken dy't geane oer oarlochsproblematyk. It ‘greate krúspunt’ is de 10de April yn it libben fan in ûnmaetskiplike boerejonge. Yn trije lykop forrinnende hanlingen kin men syn ûntjowing folgje to resp. kollaborateur, Noarsk W.A.-man en lieder fan it forset yn it gea dêr't er thúsheart. It binne de trije mooglikheden dy't foar sa'n jonge iepenlizze. Uterlike tafallichheden hinget syn kar fan ôf. Holt syn útbylding fan de haedpersoan is folslein oertsjûgjend en yn de komposysje likegoed as yn de omballingen is dizze roman de utering fan in vier kunstner. It is net it iennichste wurd dat Holt to sizzen hat oer de driuwende fraechstikken fan ús tiid, hwant yn Hevnen hører meg til (1953) set er it wraekprobleem as neisleep fan oarloch en bisetting foar jin del en yn Mennesker ved en grense (1954) lit er jin sjen, hoe't yn in grinsgebiet (forjit net dat Noard-Noarwegen oan Ruslân grinzget) de minsken yn in polityk, mar boppe-al moreel konflikt reitsje kinne, hwannear't hja foar de kar-út-twa: spionaezje òf kontra-spionaezje, heitelânsleafde òf biwûndering foar it oare systeem (dat fierders nearne by de namme neamd wurdt) steld wurde.
In sterk ‘engagement’ mei it tiidsbarren sit ek yn it wurk fan de skriuwster Torborg Nedreaas, dy't der útrint yn it koarte forhael. Har bundel Stoppested (1953) tsjûget fan in great psychologysk ynsjoch, in waerme bigienens en in bysûndere artistike evenredichheit.
Nou't ik kommen bin op de litterair forarbeide tiidsproblematyk fortsjinnet it neamd to wurden, dat Hamsun in jiermannich foar syn dea noch in tige apart boek útjown hat, På gjengrodde stier (Op oergroeide paden). It is in rjochtfeardiging fan syn hâlden en dragen ûnder de bisetting en in werjefte fan syn ûnderfinings en sielesteat yn de tiid, dat er op syn founis wachte. Men kin út dat boek, dêr't litterair sjoen inkelde masterlike stikken yn foarkomme, al min opmeitsje dat men in útlibbe njoggentiger foarhat. As minsklik dokumint tige nijsgjirrich. Hamsun is op it heden yn Noarwegen as auteur eigenaerdigernôch wakker populair. Syn sammele wurken wurde fannijs útjown en it boek dat syn frou Marie Hamsun oer him skreaun hat, Regnbuen, wie in bestseller.
Skuldfragen, los fan it tiidsbarren, hawwe yn de Noarske litteratuer altyd tige yn de bineaming west. Ik tsjutte dat al oan, doe't ik niis wiisde op it ethysk rjochte-wêzen. Undset,
| |
| |
Fangen en Christiansen bineijerje dizze problematyk binammen fan kristlik stânpunt út wei, wylst yn it wurk fan sokken as Duun, Hoel en Krog it humanistysk stânpunt nei foaren komt. Nordahl Grieg wurdt dreaun fan in sterk sosiael ethos. Ek by de jongere skriuwers is dit thema wol to finen. Ik tink byg. oan de min ofte mear modernistyske skriuwers Egil Rasmussen (roman: Sonja's hjerte) en Paal Brekke (roman: Og hekken vokste kjempehøy), beide auteurs mei oanstriid ta it psychologyske, lyk as Finn Havrevold ek al. De fûlste, iepenste en tagelyk meast persoanlike bihanneling fan it lang net ienfâldige kompleks fan de skuldfragen fine wy nei alle gedachten doch wol yn it wurk fan Axel Sandemose (berne 1899), dat litterair in folslein eigen plak hat yn de nijere Noarske letterkunde. De romans En flykting krysser sitt spor en Det stod en benk i haven fan resp. 1933 en 1937 binne hwat dat oanbilanget wol tekenjendst foar syn tige sterke en originele kunst. It probleem fan de skuld groeit by dizze skriuwer, dy't neat en nimmen mijt, út ta in skerpe oanklacht tsjin in maetskippij fan binyptens en húchelderij, mar ek ta in nea net loslittende frage nei wezen en oarsprong fan it minskebistean.
Dit panorama fan de hjoeddeiske Noarske litteratuer, hwerby't ik tocht haw om it oantsjutten yn inkelde greate streken en it opneamen fan gâns nammen en titels mijd haw, woe ik graech bislute mei in wurdmannich oer de skriuwster Cora Sandel (berne 1880). Sigrid Undset en Cora Sandel binne de twa greate frouwen yn de Noarske litteratuer fan dizze ieu, mar it wurk fan de lêstneamde is bûten Skandinavië sa goed as ûnbikend. En yn dit gefal kin men al min hinnegean en bring it op de taeltastânnen. Hja sette let út ein: mei seis-en-fjirtich jier. Har foarnaemste wurk, de Alberte-boeken (it foarste diel dêrfan is doedestiids ûnder de titel ‘Honger’ yn it Hollânsk útkommen) forskynde tusken 1926 en 1939. Yn 1945 kaem fan har út Krane's Konditori en it diereboek Dyr jeg har kjent, dy't beide oerset waerden. De Alberte-boeken binne in útrinder yn de Noarske litteratuer fan de lêste hûndert jier. It is de biskriuwing fan in frouljuslibben: in forsutere, troch alles hinne skruten en ynbannich famke, dat har tige moedsum ûntjowt ta in inerlik frij, selsstannich libjend minskebern en skeppend kunstneresse. In wurk dat om syn djipdollende psychologyske analyse en syn wûndermoaije styl in plak yn de wrâldlitteratuer fan ús tiid ûnbitwivele wurdich is. Krane's Konditori is in virtuoas stik Noarsk proaza, meastepart yn
| |
| |
dialoochfoarm skreaun. Dizze roman draeit ek om in frouljusfiguer, dy't longeret nei sêftens en tearens. Yn de treasteleaze sfear fan in Noard-Noarweegsk stedtsje mei al syn lytsboargerlike binyptens, yn in gesin dêr't dizze swakke frou net tsjin opwoeksen is, giet se ûnkearber har ûndergong tomjitte. It boek is fan komposysje tige fyn opset: de meinimmende hanling spilet him ntl. ôf yn in lunchroom, dêr't it hiele stedtsje út en yn rint en him bimuoit mei, resp. tsjûge is fan de tragyske wederwarichheden yn it gesin Stordal. As skriuwster fan koarte forhalen hat Cora Sandel ek hiel hwat yn har marse.
De bloei fan de novelle yn it Noarwegen fan hjoed kin men net oars as bysûndere wiis mei wêze. As ien fan de great-masters yn dit litteraire genre moat ik by einsluten Johan Borgen neame. Dy syn novellistysk proaza yn bundels lyk as Hvetebrødsdager (1948), Noveller om kjaerlighet (1952) en Dag og natt (1954) bitsjut in hichtepunt yn de litteratuer fan it âlde Noarwegen, sa't dy nei de lêste oarloch wer opnij yn 'e bloei stiet.
|
|