binne har réaksjes op de libbensforskynsels en is har solidariteit mei it skepene. Se leit har ear tsjin in telefoanpeal oan en is optein fan syn rûzjende muzyk. Se boartet mei sinnestrielen en kleurige ynsekten, dounset en spilet foar in slik jonkje. Se plantet de tomatepitten by de wei yn 'e groun, dat se groeije en bloeije sille.
As al har bisykjen ta in minsklike forhâlding mei Zampanò omdoch is, wurdt se wanhopich en fielt har sels oerstallich en ûnnut. Dan komt se yn 'e kunde mei Il Matto (de gek), in koardedounser. Ek in útsûnderlike figuer, mar in antipode fan Zampanò. Il Matto laket en sjongt it libben troch, wit dat er jong stjerre sil en is der mei formoedsoene. Syn inglewjokken binne in symboal fan syn sweevjen op 'e grinzen. Il Matto wit Gelromina to oertsjûgjen, dat alles doel en sin hat, sels it lytste stientsje. Hy leart har in wyske op 'e trompet spyljen, dat yn de muzyk fan de film en yn it hiele drama in greate rol spilet en in biskiedende bitsjutting kriget. Gelsomina kin it libben wer oan en wegeret sels, om Zampanò to forlitten.
Dan komt de slach, dêr't hja ûnder biswykt. Il Matto kin it nea litte, Zampanò to fergjen en to pleagjen. Dy réagearret der op as in lilke bolle en as hja elkoarren op 'e iensume wei tsjinkomme, fljocht er him oan en slacht him (tsjin syn bidoeling) dea. Dit is mear as Gelsomina forneare kin: har biheind forstân jowt it oer en har libben wurdt ien klacht oer Il Matto. Zampanò, dy't bigrypt, dat dit libbensgefaer foar him bitsjut, lit har yn 'e stiik. Hy strykt der út, as hja oan de wei to sliepen leit. Har trompet, dêr't it motyf fan Il Matto yn sit, leit er nêst har del.
Jierren letter, (hy spilet dan yn in sirkus), as er in kuijer troch in doarp makket, heart er in fanke, dat waskguod oan 'e line hinget, sjongen. It wyske grypt him forheftich oan: it is it motyf fan Gelsomina en Il Matto. Hoe komme jo oan dat wyske? freget er. De faem fortelt him, dat hja it leard hat fan in swalkersfanke, dy't har heit jierren lyn yn 'e hûs nommen hat, om't se gjin thús hie. Hja hie nea in wurd sein, mar altyd dit wyske op har trompet spile. Woe hy soms har grêf sjen? Yn it dier Zampanò is de minske wekker wurden, de iensume, forlitten minske, dy't de lêst fan it forline en fan it birou net mear tille kin. Hy bidrinkt him, falt op it strân del, wylst de floed opkomt en striidt dêr syn lêste skriklike striid. Hy klaut yn it sân om to gripen hwat er foar ivich forlern hat en dêr't er yn deadsneed om skreaut: Gelsomina!
Hwa't dit filmforhael, of neam it leginde of likenis, mei de wenstige litteraire noarmen to liif giet, kin better thús bliuwe. Dizze film libbet magistrael en autonoom yn in eigen wrâld. De term magysk réalisme, dy't ik earne lies, wurdt dit masterwurk faeks noch it bêst yn biflapt. De tragyske réaliteit wurdt oerglânzge fan in oare wrâld, de figueren wurde fier boppe harren sels úttild. Binammen Il Matto en Gelsomina swevet in sfear om, dy't alle misère Franciskaensk trochljochtet.
Filmtechnysk, binammen fotografysk is alles like sober hâlden en tagelyk ropt suver elk byld fisioenen op. Wy binne altyd op 'e greate wei: La Strada. Lênskip, stêdden en doarpen wurde mear oantsjut as útbylde en tsjinje allinne om Zampanò syn trijetsjiller to aksintuearjen. As ea ien rolprint it fenomeen film ta in folslein autonome kunst stimpele hat, dan is it La Strada. Scenario, thema,