De Tsjerne. Jaargang 10
(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 406]
| |
Anne Wadman:
| |
[pagina 407]
| |
weging en wurkjowersorganisaesjes. En in forskynsel as de trochbraek moatte wy, lyk as al oantsjut is, mei idéologyske eagen sjen: in partijkiezen foar de neutrale, liberale steat by guon fan dy rjochtingen dy't oant nou ta yn prinsipe oan 'e partijsteat as doel fêsthâldden. De ynfloed fan it humanisme moat men dêrby net ûnderskatte, mar binammen hat it west de groei nei in greater mienskiplik kontaktsflak tusken de leden fan ûnderskate idéologyske mienskippen, in greater en mylder weardearring, dy't ta dizze ûntjowing laette, wylst men yn it religieuze in streaming as it Barthianisme binammen net út it each forlieze moat. De sosiale progressiviteit kin men dêrby sjen as in sekundair forskynsel, in gefolch fan greater geastlike iepenheit. Op groun fan al dizze dingen liket my in ûntjowing de kant út fan in nije geastlike antithese, binammen as de wolfeartspolityk sa stadichoan yn brede rounten, ek dy fan de wurkjowers, royale en algemiene erkenning kriget, net allinne oannimlik, mar ek wierskynlik ta. De fraech is dêrby binammen hoe't in partij as de V.V.D. har hâlde sil. Oan har namme hat men dêrby net it measte. ‘Frijheit’ is in bigryp, dat troch de oarloch wol wêzentliker ynhâld krige hat, mar dêr't men yn syn algemienens noch alle kanten mei útkin. Dat de har earder ‘liberael’ neamende partij de geastlike frijheit en frijsinnichheit foarstiet, is op himsels gjin nijs. It bigjinsel fan de ekonomyske frijheit is langer in twivelich bigryp wurden, in kwestje fan mear of minder en net fan prinsipe. In spesiale fordigening fan it bigryp ‘demokraty’ liket my yn 'e aktuële situaesje ek net absolút needsaeklik, as men jin net op 'e doele bringe lit troch it nije bigryp ‘folksdemokraty’. De oantsjutting ‘folkspartij’ is net fuortdaliks oertsjûgjend: oant nou ta kin men de V.V.D. better sjen as de politike organisaesje fan de sosiael ‘bettere’ man, de geseten boargerij, de nearingdwaende en yndustrialisearjende middenstân, foarsafier't er yn it idéologysk-religieuze de frijsinnige en humanistyske kant oerhinget. Noch altyd liket de V.V.D. in frij sterk ‘kapitalistyske’ partij en dit feit forklearret ek de dúdlike, mar biheinde populariteit dy't har by forskillende neioarlochske forkiezingen tafoel. It feit, dat de V.V.D. de iennichste partij yn Nederlân is, dy't it yn de forkiezingsstriid foar de iepenbiere skoalle opnimt - in saek dêr't de P.v.d.A. út taktysk bitinken leaver oer swijt - moat ek achtslein wurde: de âlde idéology fan de liberale steat wur- | |
[pagina 408]
| |
ket noch sterk troch, al wol dit net sizze dat in striid foar iepenbiere skoallen daliks striid tsjin de bysûndere bitsjut. Sjoen it feit, dat K.V.P, en A.R.P. beide nochal útienrinnende sociale groepearringen herbergje (fan uterst konservatyf oant frijhwat progressyf), wylst de partijbiningen dochs sterkernôch binne om dizze groepearringen op libbensbiskoulike grounslach by elkoar to hâlden, sjoen ek it feit, dat P.v.d.A. en V.V.D. beide de grounslach fan de liberale steat yn feite akseptearje, soe men jin ôffreegje, oft de tiid net ryp is foar in nauwer polityk forboun tusken dizze beide partijen. It soe dus in wer oplibjen bitsjutte fan de eardere antithese rjochts-lofts, konfessioneel-heterodoks of hoe't men dy neame wol. Ja, mar mei dit forskil, dat de hâlding fan de C.H.U. lang sa ‘rjochts’ net mear is as earder wol, en dat de posysje fan de earder bûten elk regear steande S.D.A.P. gâns breder en sterker wurden is yn de P.v.d.A., ek troch de trochbraekeleminten en de oanlûking fan gâns weardefolle krêften út de eardere frijsinnich-demokratyske partij, dy't as trait-d'-union foarornearre lykje. Guon tekens fan liberale kant (de rede fan Prof. Oud nei oanlieding fan it mandemint, deselde syn forwyt oan it adres fan de P.v.d.A. by gelegenheit fan de kremaesje-wet) wize dat ek út. De idéologyske basis ta dizze nije ‘konsintraesje’ soe yn earsten neat oars wêze (mar ik haw hjir bisocht útien to setten hoe wichtich dat op himsels al is) as de idéology fan de liberale steat op demokratyske grounslach. Hwat de trochbraekeleminten yn dizze koälysje oanbilanget, by harren biwiist de wegering om leauwe en polityk to identifisearjen, de wegering om kristlike organisaesjes to kiezen boppe algemiene, dúdlik har foarleafde foar de liberale steat. Yn in partijfoarming as dy't ik hjir bipleitsje, soe it humanisme, lossjoen fan syn al to stichtlike foarm, en sjoen yn syn prinsipiële forbynberens mei it kristendom, in brede basis lizze kinne. It komt my foar, dat it humanisme yn Nederlân mei in soarte fan minderweardichheitskompleks omrint en al to biskieden is yn syn oanspraken. De humanistyske libbensvisy, oan 'e iene kant bigrinzge fan it frijsinnige kristendom, dat as tsjerklike modaliteit syn reden fan bistean hat, oan 'e oare kant fan it rigoureus atheïsme en de frijtinkerij fan ‘De Dageraad’ - is histoarysk sjoen, sûnt de dagen fan Erasmus, ien fan de pylders fan it Nederlânske geastes- | |
[pagina 409]
| |
libben. Mar it is ien en al earbied foar tsjerke en dogmatyk hwat de klok slacht. Bûtentsjerklikheit liket langer in reden ta skamte en it humanisme it figeblêd om dy skamte to bidekken, Dêrby is op it humanisme yn syn yndied faek binypte 19de-ieuske liberael-boargerlike Nuts-foarm it odium lein fan de mannichte út de tsjerke dreaun en oan it nihilisme priisjown to hawwen. It moderne humanisme hat him yn 'e hoeke fan 'e surrogaet-godstsjinst of leaver fan it godstsjinst-surrogaet triuwe litten, it is net striidber mear, it is de opfolling fan in leechte en as sadanich negatyf. It is net fatsoenlik mear om sûnder in kaem to krijen ta to jaen, dat men net ‘mear’ leaut yn in godlike iepenbiering en yn in Kristus dy't foar sûnders de krúsdea stoarn is. In atheïst is in fordommeling of in ûngelokkich minske of in heiden fan foar BonifatiusGa naar voetnoot1). Dêrby wordt de namme ‘kristen’ sa maklikwei reservearre foar konfessionelen en orthodoksenGa naar voetnoot2). Mar lit in frijsinnich-protestant of mennist of remonstrant net de moed hawwe himsels ‘kristen’ to neamen, lit stean fan in humanist. It jowt gjin foech mear, jin to biroppen op in kristlike, evangelyske sedelear en libbenswize. Dy hat ynienen al syn wearde forlern en neat mear mei it evangeelje to meitsjen, as er gjin groun mear fynt yn in kristlike bilidenis. Ik wit wol, dizze dingen jitris to sizzen klinkt nayf, en religieus bisjoen is it net-dogmatyske kristendom faek degradearre ta de larderige thé fan in sêftsiden moralisme, mar dochs moatte dizze dingen altyd wer sein wurde, om't it eangstfallich forswijen in doem leit op in poarsje minsklikheit en goede wil dêr't gjin konfessioneel kristen him foar hoegde to skamjen. | |
VIII.Ien slimme kwestje binammen sil in nije loftse konsintraesje to bistudearjen en op to lossen hawwe, neist de | |
[pagina 410]
| |
sosiale (dy't wierskynlik yn 'e manager-sfear foar in great part himsels oplost), ntl. dy fan de skoalstriid. Op dat mêd is allinne uterlik frede, às der frede is. De pasifikaesje is noch altyd gjin ôfdien feit. Beide partijen kleije oer efterútsetting, konfliktstof bliuwt op gâns plakken, faek ek troch lokale omstannichheden bihearske, oanwêzich. In loftse koälysje sil dit probleem yn brede foarm sjen en biskôgje moatte, hwerby't de oanwêzichheit fan trochbraekeleminten in tige nuttige funksje hawwe kin. Dy koälysje mei net blyn wêze foar de forlangens fan de âlden. Hja mei in histoarysk groeide forhâlding net to neate dwaen. Hja moat de tsjinstanner bihannelje sa't hja sels bihannele wurde wol. Mar hja sil ek net blyn wêze meije foar it ûnûntstriidber feit, dat it bysûnder ûnderwiis de spjalting yn it folkslibben sterk bifoardere hat. Hja sil wegen sykje moatte om de folkssolidariteit (net-uniformiteit), it kennis nimmen fan hwat yn oare rounten libbet, de earbied foar oarmans oertsjûging to bisterkjen. Hja sil faeks nije wegen sykje moatte om de skoalstriid to oerbrêgjen, b.g. troch in oare, frijer organisaesjebasis foar it iepenbier ûnderwiis en troch proeven mei mingde skoaltypen, hwerby't in forbining fan de âlde idé fan sekteskoallen (Groen van Prinsterer) en de nije fan de ‘comprehensive school’ faeks as mooglikheit ûndersocht wurde koe. Hja sil war dwaen moatte foar in soune trochstreaming fan idéen en prinsipes. Hja sil frijheit jaen moatte oan de rike follefâldichheit fan it libben, yn religieus, polityk en oar opsichtGa naar voetnoot1). Hja sil spjalting yn partijen as soun en fruchtber erkenne moatte, salang't dy fan langst nei bigryp en fordraechsumens droegen wurdt, mar dyselde spjalting ôfwize en bistride moatte, as hja liedt ta forkettering en isolemint. Sa sil hja ek it radiofraechstik bistudearje en oanpakke moatte. Fan bigryp en fordraechsumens binne wy op 't heden fier ôf. Der is noch altyd in sterke wriuwing, der sitte haetgefoelens, der is brearôf en yntimidaesje. De politike partijen binne machtsorganen yn pleats fan geastlike-aktiviteitskearnen. Hja wurde mear droegen fan glêdde praters as fan nommele persoanlikheden. Hja freegje spesialisten, en haetsje tinkers en filosofen. Hja freegje partij-marionetten yn pleats fan krityske natueren. Hja foarmje mei inoar ien regear, mar bistride elkoar op platbydegrounske wize (of leaver: litte elkoar troch propagandakommisjes op efficien- | |
[pagina 411]
| |
cy-grounslach bistride) en gunne elkoar it ljocht net yn 'e eagen. Der is polityk ûnfatsoen allerwegen, wier net allinne by de kommunisten. Der is gjin sportiviteit en gjin selsirony, lit stean fan selskrityk. Der is geskermesear mei s.n. hegere motiven yn saken fan ienfâldich en praktysk nut. Der is gjin royael gebeart, gjin iepenlike erkenning fan ûngelyk, allinne in lytse elkoar flieên-ôffangerij. As de Skrift gjin dúdlik útslútsel jowt oer bigraven of kremearjen, wel, dan skeppe hja de mythe fan in histoaryske tradysje, om it rjocht ta frijwillige kremaesje sa folle mooglik tobek to bringen. As in forstannich minister war docht om yn 'e tizeboel fan 'e radio-omrop ek hwat rjocht to dwaen oan in groep dy't it nut fan orthodox-kristlike túnboupraetsjes of P.v.d.A.-waerbirjochten net ynsjen wol, drukke de partij-managers op 'e knop en de protest-sirenes bigjinne to gûlen. Ik neam mar in pear foarbylden, mar hja lizze foar it opskeppen. Der is to min oertsjûging, to min petear, to min earbied foar oarmans miening, to folle demagogy, to folle wantrouwen en erchtinkendheit. Koartsein: to min moraliteit. In loftse konsintraesje sil dizze dingen ûnder it each sjen moatte. In rjochtse koälysje krekt like goed. Dan pas kin de atmosfear suvere wurde en kin de âlde Antithese, dêr't eartiids faek in ûnsmaeklik luchtsje oan siet, in grounslach wêze foar in libbene Nederlânske polityk, mei as ynset it prinsipe fan de liberale steat. | |
IX.Ik bin my biwust fan it breklike, mei dit bisykjen klearrichheit to finen en to jaen yn de politike situaesje fan hjoed de dei. Dit is it wurd fan in polityk-dakleaze, dy't allinne dêrom al gjin rjocht fan praten hat, in persoan dy't boppedat sa nayf is to mienen, dat it yn 'e polityk mei minder as moraliteit net ta kin, mar dochs ek wer net sa nayf om to tinken dat der nei him harke wurde sil. Ik bin my ek biwust, dat troch myn s.n. objektiviteit de eigen persoanlike foarkar oan alle kanten hinne pylket en dat by alle foarsichtichheit fan formulearring grif immen of guon rekke binne of biskate dingen net goed sjoen. Myn treast is, dat dit opstel dochs dúdlik alteast oan ien forlet foldocht, ntl. myn eigen: forlet om klearrichheit to finen en oarder en forbân to bringen yn in matearje dy't folle fan in doalhôf wei hat. Boppe-al bin ik my biwust, dat hwat ik hjir bipleite haw, | |
[pagina 412]
| |
yn wêzen gjin nijs is. Al yn 'e tweintiger jierren hat Prof. Eigeman yn boeken en brosjueres in nije partijformaesje foarstien, just op groun fan de liberale steat. Ut ien fan Eigeman's skriftenGa naar voetnoot1) helje ik it folgjende oan: ‘De vraag hoe men staat tegenover de persoonlijkheids- en de vrijheidsgedachte is beslissend voor een Nederlandsche, een nationale partijformatie. Aan den eenen kant staan zij, die zich thans noemen liberalen, kerkelijk of onkerkelijk gegroepeerd, vrijzinnig-democraten, calvinisten, christelijk-historischen, revisionistische of vrijheidslievende sociaal-democraten, die allen hierin overeenstemmen, dat zij den richtinglozen staat aanvaarden als het kader, waarbinnen het Nederlandsche volksleven zich onbelemmerd in alle richtingen kan ontwikkelen. Aan den anderen kant staan de roomsch-katholieken, voorzoover zij hun wachtwoord van over de bergen ontvangen, de marxistische socialisten en communisten, die van gene zijde der grenzen hun politiek streven bepaald zien, de hervormde clericalen, die met hun gedachtenleven zijn blijven steken in de middeleeuwen, en die allen voor den staat het recht opeischen het geestelijk leven der individuen, desnoods door dwang, te leiden en te besturen.’ Sa foar 't each hat de ûntjowing fan de politike tastân de skriuwer ûngelyk jown. Mar hy hat doe de lêste oarloch en syn ûntbinende ynfloed op it maetskiplik libben fansels net foarsjen kinnen. Likegoed is dit sitaet skreaun ear't de greate ekonomyske krisis fan de tritiger jierren syn sosiale ûntwrichting brocht. Mar nei de feiten fan de lêste jierren, nou't alles wer sahwat yn ‘normale foegen’ rekket, it sosiale sawol as it geastlik libben, en nou't de direkte positive sawol as negative ynfloed fan de oarloch oan macht bigjint to forliezen, docht him de fraech op: hat Prof. Eigeman yn wêzen net de normale linen yn it politike libben oanwiisd en de rjochte grinzen oanwiisd sa't dy rinne tusken de foarstanners fan de liberale, neutrale steat en dy fan de bysûndere partijsteat-yn-hokker-foarm-dan-ek? It antwurd lit ik jerne oer oan de lêzer dy't it geduld en de bilangstelling opbringe kind hat, myn hwat wiidweidich eksposé to folgjenGa naar voetnoot2).
Amelân, 17-19 July 1955. |
|