dwaen, lyk as ús Master, dy't sels in Joad wie.... En doe, op in joune fornaem ik, dat er yn ús hûs, yn ús eigen hûs, in Joadske famylje ûnderdak joech. Herr Pfarrer, ik siet sa groatfol fan de nije idéalen fan Reich en Führer, dat ik it oanbrocht haw.... Dat hat ús Heit syn dea west: yn in strafkamp is er omkomd. Iksels geneat it foarrjocht fan hege proteksje en wie ofsier op myn achttjinde jier.’
Hy fleach wer oerein en roun op en del.
‘Ik haw nou genôch sjoen fan de gloarje fan it Ryk! Forwoasting fan Poalen, wurdbreuk de iene kear nei de oare, kampen, dêr't se ûnskuldigen opslute en mei gas deadzje, alles ta meardere eare fan it Ryk. Dêrfoar haw ik ús Heit forret, doe't ik in foech jonge wie. En dêrta wol ik net jitris immen forriede, Herr Pfarrer. Forsteane Jo my?’
En flak foar dûmny bleau er stean.
Dy waerd wyt, fierder bleau er uterlik rêstich.
‘Ebenso...., ebenso...., sa die ús Heit ek, dy joune, doe't ik him forret haw. Jo binne krekt lyk as ús Heit, dûmny. Mar Jo sille se net krije, tominsten net troch my. Né, siz mar neat. Hâld Jo mar net ûnnoazel, dat hoecht foar my net en wy hawwe in skeintsje tijd. Jo forbergje Ingelsken, ik tink fan yn 'e tsjerke. Dat hat dy forflokkeling fan in Feldwebel útfiske, en hy hiset my derop oan.... Ik kin der net foarwei, mefrou, wier net! Mar jimme sille net yn 'e hannen fan de grienen falle troch my!’
Hy waerd kalmer, gie sitten.
‘Is der in adres, dêr't hja hinne kinne, dy Tommies? Ja, dat doarre jimme my net sizze, hen? Doch it mar, hwant ik swar jimme by de Joad fan Nazareth, dat ik net foar de twadde kear forrieder spylje sil: ik haw wol hwat leard yn fiif jier.’
Dûmny seach him oan; forbiten wie it jonge gesicht. Sa sjocht gjin forrieder. Hy knikte.
‘Jo geane daelks en warskôgje dy Ingelsken. Dan stjûr ik Braun, de Feldwebel, mei myn auto nei tsjerke en helje se op. Ik siz tsjin him, dat Jo as in forstannich man my dy piloaten útlevere hawwe op bitingst fan stilswijen en dat wy se togearre fuortbringe sille. Jo romje, as wy fuort binne, alle spoaren fan it forbliuw op yn it skûlplak.’
De âld man seach him forheard oan.
‘Dy Feldwebel? En hoe wolle Jo Jo by Jou mearderen forantwurdzje?’