nimmen dat it noch mar fjouwer jier lyn is, dat op Yslân de republyk útroppen waerd en dêrmei de ôfskieding fan Denemarken ta in útdragen saek kaem.
It rint nei tolven; ik haw it praet ek efkes op Fryslân en oare lytse naesjes brocht, mar dêr bistiet net al to folle bilangstelling foar. Ik bin ek hwat ûntmoedige nou't bliken docht dat ik mar in pear boeken út in great oeuvre, en faeks net iens de wichtichste, sels lêzen haw. En jaloersk bin ik, dat der foar de litteratuer fan de Yslanners, noch gjin 150.000 minsken meielkoar, safolle earmslach en safolle omtinken bistiet. Mar hoe kin dat ek oars yn in lân dêr't de saga's skreaun binne en ûnder in folk dêr't dy saga's hjoeddedei noch fan elkenien lêzen wurde?
Wy ride werom en myn gasthear, polityk meistrider fan Laxness docht nou wol bliken, seit dat er jit tige folle fan him forwachtet. Ienkear sil hy in namme yn de wrâld hawwe lyk as Ibsen, Strindberg, Sigrid Undset....
Dat kin hiel wol wêze, tink ik, wylst de âld ford oer it keale lavafjild hobbelet. Hat Gunnar Gunnarson net ris in kear skreaun dat dy toarre kealens, dy folsleine earmoed, de iennichste ûnforfrjemdbere rykdom fan it Yslânske libben is? Gjin lân op ierde dat der sa great, sa neaken en sa God-útdaegjend hinne leit as ditte. Ik wit net hoe't ik it bineame moat: iepenhertich of ynbannich, opstigend of yn himsels rêstend, fol fan ljocht of mankelyk, geheimsinnich of sûnder hokfoar foarm fan sabeare, - it sil wol alles tagelyk wêze en yn alle gefallen rikke de minsklike wurden net ta.
Mar dan tink ik oan Egil de skald, net minder batsk as Laxness, oan Grettir, in libben lang opjage, oan Njal, trou oan syn folk as ien, oan Gisli, de fûgelfaeije. Tûzen jier amperoan binne sûnt foarbygien, mar wêzentlik is der hjir hast neat foroare. Mei it kristendom hat Laxness ôfdien en nou forwachtet er álles fan de minske, mar ek néát. Wiis mei himsels en bang fan himsels. Opkroppe, fol ynderlike spanning, - sa nou en dan boarst it der út lyk as by de geysir. De taskôgers krije in wurk yn 'e hannen dat greatens yn hat, ja, dat withoefaek great is.