De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 394] [p. 394] Fedde Schurer: Gedichten. Nim my mei. Ja, nim my mar mei út de herberge wei dêr't dichters en skriuwers forgearje en libben en dea forklearje hwant ultima ratio rex is sokssahwat geks as in memmekompleks yn elts gefal ivich seks. Mar de ober bliuwt sober hy is seks-tich, en fan al dy hearen it bêst to fornearen. Ja nim my mar mei út dy herberge wei mei ta lêste bislút in platonyske tút en dan oan dyn hân nei in oar lân - [pagina 395] [p. 395] Doaske. 't Libben hat dy nea goed noaske altyd woeste mear reduksje - mar dit lytse spuonnen doaske is 't gjin wûnder fan konstruksje? En hwat kin men goed bisjoen foar in stûr noch mear bigeare it lit him mei goed fatsoen yn fjouwer aspekten keare. Sjoch de swel oan 'e boppekant sjitten en de ûnderkantis tear blau dat hastû fan bern ôf oan witten mar dû witste der neat fan ou hwant dû makkeste alles mar stikken - skou nou ris dit laedtsje op dêr lizze de lúsjefersprikken en wachtsje kop oan kop op in heimige chemyske reden dy't har set yn flamme en fjûr - hja kamen alhiel út Sweden en hwat wol men noch mear foar in stûr? [pagina 396] [p. 396] Dingen. I De deade dingen, in guitaer in map kopij, in finsterheak in kofjekanne op it dressoir hja meitsje my ynwindich weak de deade dingen sûnder mis forswije in wûnder heimenis. II 'k Haw fan bitogen myn gerak bin fan konklúzjes sêd kalm speeglet him de jiskebak yn 't wreaune tafelblêd de dingen bliuwe lêste noarm biskieden en stabyl fan foarm it tafelblêd, de jiskebak hja witte alteast har eigen plak. [pagina 397] [p. 397] Spegel. De kunst is gjin franje fan neat gjin wurdpriel of idel fortoan de kunst leit it libben bleat en jowt der syn djipte oan. Hwant lês ik dyn edel fers dan is it oft freugde en fortriet as in roas yn it spegelglês wûnder fordûbele stiet. Lange jacht. Praet nou noch net fan sliepen de dagen geane al sa hurd en de lange jacht is wer iepen op dat edelste wyld, op it wurd. Vorige Volgende