Wól fornijt er, dat der yn alle lannen in bulte minsken binne dy't frede wolle, mar dat nei't men seit Amearika de boel mear oanhiset as delbêddet.
As yn 1939 Poalen it bilije moat, kiest de skriuwer gjin partij, o heden né: ‘Hoe is it oan de gong rekke? Lykas altiten joech de iene de oare de skuld’. Punt. Ut! In pear rigels earder wurdt lykwols suggerearre, Poalen soe sels de measte skuld hawn hawwe.
As yn April 1940 Noarwegen en Denemarken oerweldige wurde, ‘wurdt der sein’ dat it krekt op tiid wie, hwant oars hie Ingelân it dien. As wer oare ‘guon’ dêr tsjinyn geane, seit dokter (ien fan de frjemdste bûksprekkers dy't wy ea yn in Frysk boek tsjinkommen binne) dat yn 'e oarloch en yn 'e leafde nou ienris alles mei....
As Nederlân biset wurdt, neamt Wytse Liuwes dat in slach dy't oankomt. Hy bringt eksimpels by fan de ûnfrijens dy't dêr it gefolch fan is. Mar fierders? ‘Hwat dy greate lannen woene, dat moasten hja sels witte. Mar dêr hiene wy dochs neat mear mei to meitsjen?’
De skriuwer stiet fierdersoan wol dúdlik oan de kant fan harren dy't alle forset ‘ûnforantwurdlik’ achtsje, ek yn 1943 noch. Inkelde sitaten út de wûnderbaerlike taspraek fan ien of oare boerefoarman ta jonge knapen dy't in lânboudiploma helle hawwe, sprekt hjir boekdielen:
‘Der binne guon, dy't de Dútskers tige dwers sitte wolle. Dat kinne wy ús allegearre bigripe. Mar tinke dy genôch oan de gefolgen dy't dit hawwe kin foar oaren?’.... ‘En dieders, dy't sels út 'e wei krûpe en de gefolgen op oaren delkomme litte, hwat tinkt jim, binne dat helten of lefferts?’ - ‘Brûk jimme forstân, lit jimme net tofolle oantrúnje fan oaren, dy't mear noed fan harsels steane as fan jimme. Nea hat it wurd fan Paulus sa wier west, as yn dizze tiid: “Yn rêstich ôfwachtsjen sil jimme krêft bistean.”’
Wy soene sa trochgean kinne, hwant Wytse Liuwes breidet iverich troch oan dizze hoas. Oer Landwachters, dy't in eachje tichtknipe, oer yllegalen dy't bonnen stelle tsien kear safolle as nedich is. Oer de honger en de dysentery yn it kamp (foar N.S.B.-ers ensfh.) en hoefolle minsken dêr al forstoarn binne yn de tiid nei Maeije 1945.
Oer úare kampen en hoefolle minsken as dêr forstoarn binne en hwa't dy minsken wiene en hwat se woene, gjin wurd, mar dan ek gjinien. Wol wurdt der eamele oer de