De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 389] [p. 389] Anna Terpstra: De beam. Wol it dochs witte, folk, dat al myn leaven swart binne as it ljocht fan God jimm' net biskynt. As dit great ljocht fan nou oant yn alle ivichheit - oerwinnend ljocht oer ierde' macht en dea - al hwat oan frucht en blossem út myn soppen tynt myn kroan ûnthâlden waerd, soe 'k toar en leafleas wêze, hwant hwat oer jimm' syn tsjoede skaden leit lit fan gjin God noch leauwe him bilêze. Ik, êlde hechte stam biwoartle yn 'e groun, hweryn de libbenslûden jimmer swije, mei al myn leaten oan 'e ierde boun, koe 'k yn 'e jonkheit nea jûchheije, sil ljocht en fredich rûzje op 'e joun. Vorige Volgende