Pal bleau er stean; doe roun hy der hastich biret hinne, en liet mei faesje de klopper falle, it wjergalme der oer.
Ungeduldich hearde er binnendoarren stadige stappen oankommen; einlings gyng de doar iepen en stie der in man foar him. De reizger groete út 'er haest en frege, of't elk krús dêr ruile wurde koe, sines ek. - Elk krús, jowes ek, antwurde de man fan it hûs, kom my mar efternei. Hy gyng dy fan Dokkum foar troch de lange gong, en brocht him efter yn it hûs yn in greate seal. Dêr seach de reizger mei forbjustere eagen hûnderten en nochris hûnderten krusen, fan alle mooglike greatten en yn allerhanne foarmen. Hja leinen oer de flier, stienen by de muorren op, hongen oan 'e muorren, it wie ien krús allegearre krusen.
Dêr soenen grif wol in pear by wêze, better, lichter, geryfliker as syn eigen! Hastich fan blydskip, skaeide er syn krús earne hinne en skeat op in bihindich krúske ta, dat him by de earste eachweiding al opfallen wie. Mar och hea, sagau't er it optilde, foel it him slim ôf. It wie fan lead en woech der bjustere swier yn. Né, dat wie gjin dragen allyk, en hy liet de eagen oars gean. Dêr ûntdiek er, mear efterôf, in twade krús, dat him op it earste each wol hwat talike. It wie ryklik greaternôch, mar like wol fan in licht soarte hout to wêzen.
Doe't er it op it skouder brocht, bliek it him lykwols net sitte en passe to wollen. En sa gyng it hieltyd mar troch. Hoefolle krusen de boarger fan Dokkum ek probearre, oan allegearre mankearre hwat. It iene wie to swier, it oare to ûnhansum, it tredde to skerp, it fjirde to wreed, it fyfte to great, it sechste siet ûngemaklik, en folle gjin genôch.
Hwat langer hwat mear sakke de blydskip fan 'e reizger dan ek. Wie der dan ûnder al dy krusen net ien foar him? Linkende wei forlear hy alle hoop en moed, en rekke syn rie to'n ein. Mistreastich sei er op 't lêst tsjin de warder fan it hûs, dy't syn útsykjen en probearjen swijend oansjoen hie: - Is der dan net ien krús foar my by? Ik bin myn rie hielendal to'n ein. Der sit oars net op as ik moat mar sûnder krús fierder. En hy woe al ta de seal útgean. Mar de man wjerhâldde him en antwurde: - Ja, dat kinne jo dwaen. Lykwols, jo witte, dat jo sûnder krús net yn 'e stêd dêr't jo hinne op reis binne, talitten wurde, mar bûten bliuwe moatte.
Doe bigoun de boarger fan Dokkum to skriemen en suchte: - Ik ûngelokkige, hwat moat ik dàn? Is der dan