De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 385] [p. 385] Inne de Jong: Sawn kwatrinen. Wy telle jier en dei horizontael En 't wurdt in drôf en mankelyk forhael, Mar hwa't de Wysheit foun, dy foun it libben En sjocht de tiid allinne fertikael. * Yn 't platte flak is 't bloeijen en forgean, By 't grêf fan dreamen en yllúzjes stean. Lied, ivich Ljocht, as ierdske ljochten dôvje, Us troch de nacht, dat wy yn frede gean. * Jier's lêste dei, de kimen snije ticht En slute in deade wrâld yn sûnder sicht, Mar yn de stilte fynt it hert syn seine: De âlde glim bloeit op in leaf gesicht. * Hwer bleau de blom fan dagen en fan tiden En hwer de frucht fan al ús bitter striden? De snie dimpt alle lûd en elke klacht, Gods hân leit op de stillen en de bliden. * Nou leit it jier de wurge holle del En wachtet op 'e slach, de lêste tel. Loovje de Hear, wy meije opnij bigjinne, Hat Kristus net de Kaei fan dea en hel? * De nacht giet om, de moarn rint nei de dei, In jier fordwoun, in nij jier nimt ús mei. Hoedzje, o God, de flamme yn ús herten En nim de skuld fan âlde jierren wei. * Bliuw ús deunby, dêr't jier en tiid forgiet, Bliuw by ús, as ús klok op tolve stiet, Bliuw by ús, Hear, oant Jou nijjierstrompetten De wize ynsette fan it nije liet. Vorige Volgende