[Nummer 12]
Meidielingen: (net oerslaen!)
1) | Fan 1 Jann. '56 ôf sil, om technyske redenen, De Tsjerne útjown wurde troch de Stifting ‘Je Maintiendrai’, Ljouwert, wylst N.V. Erven Koumans Smeding ús tydskrift printsje sil. It administraesje-adres is dêrom nei Nijjier: Geraniumstrj. 79, Ljouwert. It redaksje-adres bliuwt lykwols gelyk (sj. boppe). Oan de fa Kamminga ús hertlike tank foar har krekt wurk en noflik oparbeidzjen yn de ôfroune jierren. |
| |
2) | It earste nûmer fan jg. '56 sil wijd wêze oan litteratuer en kultuerlibben (toaniel, muzyk, byldzjende kunst) fan Noarwegen. Dit Noarwegennûmer kriget in greatte fan ± 80 bleds., mei apart omslach en gâns yllustraesjes. Noarske, Hollânske, Flaemske en Fryske skriuwers wurkje dêr oan mei. Yn Febr. forskynt dan wer in ‘normael’ nûmer. Hwat dit bysûnder nr. méár jowt, kinne de lêzers as in tajefte biskôgje; de abonnemintspriis giet der net troch omheech. Wy hoopje dat dit it tal lêzers forheegje sil. |
| |
3) | Sneon 21 Jann. '56 sil by it forskinen fan it Noarwegennûmer to Ljouwert in Noarske Kunstmiddei hâlden wurde. It nûmer sil dan de Noarske Legaesje yn Nederlân oanbean wurde; Dr. Amy van Marken en Prof. Dr. J.H. Brouwer hâlde in lêzing oer in Noarske prozaïst en in Noarske dichter fan dizze tiid; der sil Noarske muzyk útfierd wurde. De Skandinavyske Kontaktklub Ljouwert wurket mei. Nei in kofjemiel wolle wy mei útjowerij, lêzers en oare gasten de jouns fan deselde dei it twadde lustrum fan De Tsjerne bitinke. Jo binne wolkom! (sj. bygeand programma; stjûr kaert mei oanjefte foar middei en/of joun foar 1 Jann. yn!). |
(sjoch fierder efteromslach)