De Tsjerne. Jaargang 10
(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 375]
| |
Anne Wadman:
| |
[pagina 376]
| |
út 'e groun brûze sille. It is tige de fraech oft de roomske tsjerke net mear mei de prosessyfrijheit forlegen wêze soe as dat hja der nou om forlegen sit. Nou is it prosessyforbod in machtich wapen yn katholike hannen, in striid- en agitaesjemiddel dat algeduerigen op 'e loer leit. Dêr komt by, prosessyfrijheit is net in gunst dy't men oan ien folksdiel jowt en it oare ûntkeart. Dat de protestantske tsjerken it net kenne, dat kinne de roomsken nou ienris net helpe, - it rjocht hâlde de oare tsjerken krekt like goed, al is it in rjocht dêr't nei wierskyn gjin gebrûk fan makke wurde sil. Frijheit fan prosessy leit alhiel yn 'e geast fan de liberale en neutrale steat. De tsjinstanners brûke òf suvere gefoelsarguminten (‘As men har in finger jowt, nimme se de hiele hân’), of hja fordigenje har forset as tsjinstanners fan de katholike, mar foarstanners fan in oare anti-katholike partijsteat. In hiel oare fraech is it, oft de katholike tsjerke, sjoen it ûnbillike fan it prosessyforbod, nou it rjocht hawwe soe, lyk as op guon plakken liket foar to kommen, prosessys to hâlden dêrre hwer't dat wetlik forbean is. In ûnbillike wet is ek in wet en moat earbiedige wurde, binammen yn in liberale steat dy't de pretinsje hat fan strikte rjochtfeardichheit tsjinoer alle partijen, ek al lit dy rjochtfeardichheit op biskate punten to winskjen oer. Ek hjir blykt dat de katholike tsjerke yn har oardiel oer hwat wetlik is en hwat net, fan in oar stânpunt útgiet as dat fan de liberale steat. | |
IV.Der binne mear eigenaerdige symptomen fan it katholike forset tsjin de liberale steat, dy't ik net allegear wiidweidich bineame wol. Hja sprekke foar harsels. Dêr is Prof. Romme syn desideratum, dat de Grounwet it kristlik (= roomskkatholyk?) karakter fan de steat forkundigje sil. Dêr is de seedlikheitsmany fan de katholiken op it stik fan it mingd baeijen, dêr't in ûnreedlike machtswil yn opsletten leit oer oars-baeijendenGa naar voetnoot1)); de frjemde gong fan saken mei de nije Sneinswet, dy't der yn syn útsunderingsbipaling foar godstsjinstige plechtichheden dúdlik op rjochte is it katholike | |
[pagina 377]
| |
folksdiel rjochten to jaen boppe oaren; de ûntolerante hâlding oangeande de prinsipiële gelykstelling fan kremaesje mei biïerdigjenGa naar voetnoot1)); de geheimsinnige saken mei de Joadske pleechbern, dy't sjen litte dat de wetten fan de liberale steat yn biskate gefallen foar guon katholike ynstânsjes net mear jildich binne; de bikende Haerlimske echtskiedingsaffaire. Binammen it lêste gefal is tige yllústratyf foar it hiele probleem. Skieding fan tsjerke en steat bringt mei de prioriteit fan de boargerlike houliksproseduere en it tsjerklik houlik as ‘frijwillige’ seremoanje efterôf. De jildichheit fan it wetlik houlik bistiet by de graesje fan de liberale steat. Ik wol net toarne oan de foar katholiken sakramintele bitsjutting fan it tsjerklik houlik as fan essinsiëler wearde as it boargerlik houlik. Mar wol liket it my faei ta, dat de geastlikheit hjirmei yn 'e praktyk it rjocht yn hannen nimt om dy grounstellingen ek oan oaren op to lizzen. It eigenaerdige fan de situaesje is net dat de roomske tsjerke, nei't bliken docht út it gefal-Haerlim, allinne it tsjerklik houlik as jildich biskôget: dat wie algemien bikend (ek út kenlike demonstraesjes fan minachting tsjinoer de stedhûsseremoanjes) en hoegde har formele erkenning fan de boargerlike proseduere as útfloeisel fan de rjochtssteat net yn 'e wei to stean. Ek in prinsipiële forsetshâlding op dit punt tsjin de kompromissituaesje fan hjoed de dei soe noch to billikjen wêze. Mar it faeije is, dat de roomske tsjerke troch har biwuste dieden in oardiel útsprekt oer net-tsjerklik ynsegene of yn oare tsjerken as de roomske ynsegene houliken, dat foar har elke morele houlikswearde ûntbrekt foar elk houlik dat net yn de katholike tsjerke sletten is. It dûbelsinnige fan de katholike hâlding blykt dan ek, sadré't de echtskiedingssaek yn 'e Folksfortsjintwurdiging to praet komt: dan forsette hja har mei macht tsjin útwreiding fan de echtskiedingsgrounen yn houliken dêr't hja sels de wetlikheit fan untstride, - fansels net op geastlike motiven, mar op grounen fan oarder-en-regel. Mar dyselde groenen fan oarder-en-regel ûntbrekke ynienen by in echtskiedingsproseduere, sadré't ien fan de beide partners oergiet nei de roomske tsjerke. Op dat stuit forfalt ntl. de jildichheit fan it boargerlik houlik, sa dat de (dochs al maklike) oergong nei de roomske tsjerke it maklikste middel wêze sil om oan | |
[pagina 378]
| |
de twang fan in boargerlik houlik to ûntkommen en de wei to sykjen nei in tsjerklik ynsegene twadde houlik, dat foar de steat gelyk stiet mei in konkubinaet. De juridyske gefolgen fan ien en oar, b.g. foar de eardere partner en foar de bern út it earste en twadde houlik, wol ik my net yn jaen. It is genôch om sjen to litten, hoefolle tûkelteammen hjir lizze foar it hanthavenjen fan in normael en organysk boargerlik gesach. Nou wit ik wol, dat de katholike tsjerke earlik fan doel wêze sil, dizze ûnwetlike wegen allinne to biwanneljen yn gefallen fan aperte needtastân, mar hwa makket dat by einsluten út? Hwer lizze de noarmen fan sa'n needtastân? Boppedat hat de Haerlimske affaire oan it ljocht brocht, dat de strafberheit fan de geastlike dy't in offisiëel ‘konkubinaet’ ta stân bringt, maklik troch finânsiële ôfspraken ta in farce makke wurde kin. En it liket der fierder in heap op, as dekt de tsjerklike hiërarchy dizze dieden fan boppen ôf. As 't my net mist, is de geastlike dy't dat twadde, tsjerklike, houlik ynsegene, noch altyd net by de namme bikend. Sels de op wetlike grounen fêststelde strafbipalingen skynt ûntkommensein oan to wêzen. En krekt op dit punt is de situaesje sa nuodlik; der wurdt blykber gjin iepen kaert spile: de tsjerklike autoriteiten jowe gjin frijwillige meiwurking oan it ûndersiik dat fan boargerlike autoriteitswegen ynsteld wordt. De eigenaerdige Nijmeegske skoalle-affaire (in bisykjen fan de lieding fan in roomske skoalle om oarlochsskea forgoede to krijen dy't net oproun wie) is op himsels in forskynsel dat men yn elk oar formidden as it roomske ek fine koe: in saek fan gewoane jildknoeijerij, dêr't it roomske folksdiel alhiel net it monopoalje yn hat. It nuodlike is, dat rapporten oer soksoarte saken net yn 'e iepenbierheit komme, mar op har amtlike wei yn 'e dôfpot reitsje, en dus net de normale wetlike wegen folge wurde. In gelikens gefal joech de Haechske amtner-affaire, dêr't mei sin in proseduere tsjin in roomske wethâlder net publyk bikend makke wie. Dit allegear liket in soad op in oanklacht en miskien sil my forwiten wurde, dat ik meidoch oan anti-katholike hetze. Dat soe my spite, hwant it is myn doel net gâlle út to spuijen, mar allinne om de eftergroun op to spoaren fan allerhande saken dy't de lêste tijd ûnrêst en toloarstelling towei brocht hawwe ûnder in great part fan de Nederlânske bifolking. De feiten dy't ik neamde en dy't stik foar stik op harsels net sa bilangryk binne, freegje der om, yn in forbân | |
[pagina 379]
| |
brocht to wurden. Dat forbân is hjirre, dat de roomske autoriteiten oare prinsipes hawwe oangeande de steatsstruktuer as dy't har delslach fine yn de liberale steat en op in mannich punten har forset tsjin dy steatsfoarm uterje yn dieden dêr't hja fan bigripe moatte, dat hja ûnrêst en toloarstelling en slimmer jit: wantrouwen en ôfkear wekker roppe by oarstinkenden, en oanlieding jowe ta in antipapisme dêr't nimmen bilang by hat. Dêrom soe in iepenlike útspraek op dit punt fan roomske kant forhelderjend wurkje, ek al kaem dy útspraek del op in ‘non possumus’. | |
V.De ûnrêst dy't it mandemint fan de biskoppen oer Nederlân brocht hat, is foar in great part to bigripen en to billikjen. It is dermei as mei in stel bern fan ûnderskate âlden dat geregeld mei elkoar boarte, mar dêr't op in stuit guon net mear fan meidwaen meije, om't har âlden bang binne dat hja ‘forkearde dingen’ leare. Dat is om to bigjinnen spitich foar it boartsjen sels en ek foar de geast dêr't it boartsjen út fuortkaem. It is spitich foar de oerbliuwende bern, dy't sadwaende it odium op har krije fan ‘forkeardens’. It is spitich foar de útsletten bern, dy't sadwaende op harsels en har eigen formidden oanwiisd binne en foar hwa't it kontakt mei oaren ôfsnien is, wylst dochs wol wis is, dat krekt it kontakt mei oarstinkenden de earbied bisterket foar oarmans tinkwize. Dat nimt lykwols net wei, dat dy ‘forkearde dingen’ foar de âlden, yn dit gefal foar it episkopaet, blykber sa réele wearde hawwe en sa gefaerlik binne, dat hja de wearde fan bliuwend kontakt dêrfoar opofferje wolle. Nimmen sil de biskoppen it rjocht ûntstride de leauwigen ta to sprekken en biskate dingen oan to rieden of forplichte foar to skriuwen. De katholyk libbet nou ienris ûnder oare gesachsnoarmen as de protestant, foar him is de tsjerke represintatyf foar it godlik gesach. Sels de drigeminten mei tsjerklike sanksjes soe men noch út it katholyk prinsipe wei goedkrije kinne; elk is ommers frij om, as er him net ûnder de biskoplike lieding deljaen wol of kin, der ûnderút to gean en syn eigen geastlik heil to sykjen. De roomske dy't it biskoplik gesach net erkenne wol of kin, is, soe men sizze kinne, neffens de dêrta stelde noarm gjin 100% katholyk mear, om't foar him de folsleine identifikaesje fan leauwe en polityk op syn minst sein twivelich wurden is. De Nederlânske wet garandearret | |
[pagina 380]
| |
him fierder geastlike en materiële frijdom, en it wol my foarkomme, dat slachtoffers fan ‘geastlike terreur’, stel dat dy b.g. op it punt fan breawinning tsjin dissidinte katholiken tapast waerd, troch oare folksdielen royaelwei opheind wurde soene. Net-roomsken past de greatst mooglike earbied foar it gewisse-konflikt dêr't guon roomsk-leauwigen troch it mandemint yn brocht wurde en hja sille har bislissing, hoe 't dy dan ek útfalle mei, yn allen respektearje moatte, dêrby bitinkend, dat de persoanlike moed, it bisef fan eigen forantwurdlikheit liede kin ta ôfwizen fan it biskoplik gesach yn biskate saken, mar ek ta in trou bliuwen oan dat gesach. Foar de net-katholyk hoecht yn it earste gefal immens katholisiteit, yn it twadde gefal immens goede trou net bûten de kiif to stean. It dielhawwen oan de roomske geloofsmienskip bringt nou ienris biskate forplichtingen en noeden mei en men hoecht de roomske leauwige dêrom net to bikleijen of meilijen mei him to hawwen. Dêr komt by, net it mandemint is utering fan in abnormale tastân. Men soe earder sizze kinne, dat de tastân foardetiid de abnormale wie. It mandemint hat allinne de útsoûderingsposysje dêr't de geastlikheit it katholike folksdiel yn achtet to forkearen, wer ris ûnderstreke. It absolutisme fan de katholike tsjerke kin by it kompromis yn de liberale steat allinne tydlik, by útsûndering frede hawwe. Mar tagelyk hat it mandemint dochs ek in mear aktuële bitsjutting. It is in demonstraesje fan ûnmacht, dy't de krisisposysje fan de roomske tsjerke yn it suver religieuze moai dúdlik oantsjut hat. Oft it mandemint dan ek op 'en dûr fortuten dwaen sil, is tige de fraech, - al sil it op koarte termyn sûnder mis wurking dwaen, en wierskynlik by de keamerforkiezings fan takomme jier liede ta in machtsforsterking fan de K.V.P. It moat noch bliken dwaen oft it mear as tydlike winst opleverje sil. Soksoarte ‘agitaesje-middels’ - of om it efkes earbiediger to sizzen: soksoarte op emosionele groun birêstende polityk-tsjerklike offensiven kinne net iderkear herhelle wurde. Hja forlieze har wurking, as hja faker as by hege útsûndering hantearre wurde. Elke herhelling soe ommers ta biwiis strekke, dat it de foarrige kears ‘net holpen hat’. Mar it mandemint, hoe't men der ek fierder oer tinke mei, hat yn elk gefal in suverjende wurking dien, net allinne foar de roomske tsjerke, dy't rekber is, mar as 't nypt ek dynamysk genôch om ôf to stjitten, - mar ek foar de oare | |
[pagina 381]
| |
folksdielen. It hat laet ta in dúdlike posysjebipaling. It hat sjen litten, dat it ‘petear’ fan de roomsken mei oaren, as it gjin greate yllúzje west hat, dochs altyd op in wippelige basis stean bliuwt en gjin forplichtingen meibringtGa naar voetnoot1)). It hat de kaerten foar freon en fijân spraet. It hat wer ris oan it ljocht brocht op hoe'n wiffe geastlike grounslach it hjoeddeiske regear yn Nederlân stiet: in brede basis, yndertiid ûntstien om't de K.V.P. de smelle basis mei allinne de P.v.d.A. as partner net oanwoe en dy't fierder fuortkaem út binammen sosiael-ekonomyske needsaek. Neigeraden de ekonomyske situaesje fan Nederlân tichter by de status fan heechkonjunktuer rekket, en it ekonomysk libben net langer rjochte is op weinimmen fan efterstân en earmoede, mar op it sprieden en forsprieden fan wolfeart, sille de geastlike tsjinstellingen wer skerper oan it ljocht komme. De lêste kabinetskrisis mei dan as ûnmidlike oarsaek de hier- en bilestingkwestje hawn hawwe, - it wie nea sa fier kommen as net op 'e eftergroun, binammen by de P.v.d.A., ûnfrede mei de geastlike heterogeniteit fan it regear in rol spile hie. De koälysje fan de partijen, dy't Nederlân, soe men sizze kinne, op wei brocht hat nei de wolfeartssteat, wankelet sadré't dy wolfeartssteat yn 't sicht is. De sterke macht fan de fakbiweging binnen de K.V.P. èn de sosialistyske winsk om to koste fan alles ta wolfeartssprieding to kommen, hawwe oant nou ta in brek keare kinnen, mar nimmen kin sizze, hoe lang't soks noch duorje wol. Ek de ienzens tusken de forskillende faksintralen is troch de geastlike antithese al oan it wankeljen rekke en op it stik fan leane- en prizepolityk lizze de tsjinstellingen ré, al bliuwe dy yn haedsaek yn it flak fan de direkte praktyske oplossingen en net yn dat fan de idéele principes. De idé fan de wolfeartssprieding as sadanich ûnderfynt, bihalven yn it kamp fan in mannich ultra-konservativen, gjin tsjinkanting mear dat 't makket. It wetsfoarstel-Suurhoff liket by alle partijen yn greate halen wolkom to wêzen. Mei oare wurden: it gewicht fan de sosiael-ekonomyske faktor jowt langer gjin trochslach mear. Soe dat net in oanwizing wêze | |
[pagina 382]
| |
kinne, dat de Nederlânske polityk op in kearpunt stiet? | |
VI.Sa is dus de politike konstellaesje yn Nederlân: in uterlik breed, mar ynwindich swak regear, dat oer syn hichtepunt hinne is, ek yn it sosiael-ekonomyske. In koälysje fan fjouwer regearingspartijen, dêr't ien fan de sterkste, de K.V.P. dúdlik de wei siket fan de âlde antithese en sterker as ea yn forset giet tsjin de liberale steatsopfetting. Hoe stiet it mei de oare partners? De P.v.d.A., mei syn trochbraekallueres, dy't fan oare kant yn krêft en bitsjutting gauris ûnderskat wurdeGa naar voetnoot1)), is dúdlik synthetysk rjochte. De kearn fan de partij bliuwt it geastlik humanisme, mei dêromhinne kearnen fan konfessioneel-leauwigen en in groep dogmatyske marxisten. It komt my foar dat, útsûndere de lêstneamde groep, ek de P.v.d.A. de grounslach fan de liberale steat oanhinget en net allinne út opportunisme. De striid foar in folslein nije maetskippij op 'e púnheappen fan de boargerlike is frijhwat bilune en it is sa, dat de marxistyske leare en de sosialistyske takomstvisy, bihalven by de fûlfretten marxisten, gjin groun mear fynt yn de politike réaliteitssin fan de P.v.d.A.-politisi. Sels yn lannen dêr't de sosialistenGa naar voetnoot2)) greater macht hawwe as by uzes, b.g. yn Ingelân en de Skandinavyske lannen, heart men nea fan in radikale omskeakeling yn prinsipiëelsosialistyske rjochting. Men kin sizze, dat it demokratysk sosialisme de greate ideology fan it forline forlern hat en forboargerlike is, lyk as dat faek neamd wurdt.Ga naar voetnoot3)) Men kin it lykwols ek sa sjen, dat it marxisme him, hwat de westlike lannen oanbilanget alteast, miskien net sasear forsjnd hat yn theoretyske sin, mar him forsjoen hat op de sosiaelregenerative krêften fan it boargerlik kapitalisme. It revisionisme fan pl.m. 1900 wie in earste teken fan dit ynsjoch. De posysje fan de C.H.U., gauris yn himsels fordield, is noch it minst dúdlik. As men sjocht nei it harderlik | |
[pagina 383]
| |
skriuwen fan de herfoarme tsjerke, is wol klear, dat hjir de antithesegedachte net sterk libbet, dat binammen ûnder de orthodokse domenys wol sympathy mei de trochbraektins libbet. De Uny hat, ek troch syn los organisatoarysk forbân, altyd wol min of mear oanstriid hawn ta it bimiddeljen en ta it oerbôgjen fan tsjinstellingen. De tsjerklike útspraek wiist de strange antithese yn de foarm fan al to rigoureus organisearjen yn eigen formiddens ôf. Sûnder mis kin op 'e politike organisaesje fan de C.H.U. fan dat harderlik skriuwen sterke ynfloed ôfstrielje, al hat wol bliken dien, dat it ek wjerstânnen opropt. Oars stiet it by de anti-revolusionnairen. Dy hawwe, liket my ta, troch it meidwaen oan it regear-Drees, oan prestiizje woun en der libje op it stik fan it sosiale sûnder mis fornijende en foarútstribjende tendinzen. Mar dochs is oan 'e oare kant de antithese hjir noch altyd foar gâns lju in réaliteit, it blykt út de oer 't generael sympathisearjende réaksjes op it biskoplik mandemint. De hiele skjednis fan de a.r. partij, sûnt de dagen fan Groen van Prinsterer, wiist dy kant út. De ‘krêft fan it isolemint’ hat altyd it striidmiddel west tsjin de grounslaggen fan de liberale steat. Yn dizze rounten libbet fan âlds it bisef, dat Nederlân histoarysk sjoen in protestantske naesje is, hwat ta konsekwinsje hawwe soe: Nederlân in protestantsk-kristlike steat, in casu ien mei de geastlik-politike signatuer fan it Kalvinisme. De identifikaesje fan religy en polityk liket ek hjir sterke bikoaring to hawwen, en yn de a.r. réaksjes op 'e sanksjemaetregels fan it mandemint koe men lûden fan spyt biharkje, dat ‘wy dit net dwaen kinne, mar oars’.... Dat oan de oare kant de a.r. har net forliede litte ta in iepenlike striid tsjin de liberale steat, komt net allinne troch har lytser omfang as de K.V.P., mar ek troch har by âlds mear demokratyske ynslach. Mar guon ynsidinten op it gebiet fan de skoalstriid (b.g. de kwestje fan de middelbere lânbouskoalle to Ljouwert) biwize, dat de skerpste kanten der noch net ôf binne. Earder is der as 't my net mist, de lêste tiden in sterk offensyf op it punt fan it kristlik ûnderwiis, dat sûnder mis gâns fruchtber wurk docht, troch yntellektuëel ‘forgetten gebieten’ nei it middelber ûnderwiis to bringen, mar dat ek in forskerping fan tsjinstellingen meibringt en de tekens toant fan absolutisme en tsjerklike machtsekspansy. (Tonei it lêste.) |
|