G. Mulder:
De heit en syn trije soannen.
Nije Parabel.
In warber arbeider op 'e Nijemardumer bouwen hie trije soannen, alle trije al troud. Lyk as syn heit, wie de âldste soan ek boerearbeider wurden - hy wenne op Riis. De twade soan wie timmerfeint en wenne to Balk. De tredde soan hie op 'e Mulo gien, en hy wie op it kantoar fan it Stamboek to Ljouwert to rjochte kommen.
De Sneins doe't de heit 64 jier waerd, kamen de jonges mei har froulju thús to jierdei-iten. Doe't it miel bihimmele wie, gyngen de froulju mei de mem nei de healweitwaën tsjerke en bleau de heit mei de jonges thús - de heit wie der oars tige foar om Sneins twakear nei tsjerke, mar hy hie dizze kear hwat mei syn jonges to forhakstûkjen.... dêrom! Doe't de heit de pipe oanstutsen hie en de jonges oan in sigaret sobben, sei de âld man:
- Jonges, ik bin bliid dat wy nou ris sûnder froulju derby prate kinne. Jimme mem en ik hawwe beide altyd goed soun west, ik wie gjin dei sûnder wurk en nea siik, ik haw alle wiken in skoan stik jild thús brocht.... wy hawwe dat net by de dokter bringe hoegd en ek net by de slachter forsnobbe: ik haw trijetûzen goune yn it kammenet lizzen; fan myn âlden seishûndert, fan memme âlden goed tûzen en it oare hawwe wysels oergarre. En nou moatte jimme ris harkje. Ik bin sahwat oan Drees ta en dan mei men sels gjin jild ha, ha 'k grútsjen heard. Ik sil jimme elk tûzen goune jaen, dan kinne jimme dêrmei dwaen hwat jimm' wolle.
Doe't de froulju út tsjerke wei thúskamen, hiene de jonges elk tûzen goune yn 'e bûse en net ien fan harren en ek de heit net, hie der om tocht thé to setten. De froulju bearden dêr wakker oer.
De âldste soan, dy op Riis, koft foar syn tûzen goune in bêste melke kou; hy hie sels in lyts hoekje lân, hierde der in berm by en tocht: It moat al raer komme, as ik myn fiif bern ek net elk tûzen goune jaen kin as ik oan Drees ta bin.
De twade soan, de timmerfeint to Balk, hie in tige soune en libbene frou: hy wie pûr mei syn wyfke, smiet har de tûzen goune ta en fortsjinne in tút sa't der mar in bytsje