| |
| |
| |
H. Martin:
De Fryske byldhouwer Tsjipke Visser.
De nachts fan Freed 21 op Sneon 22 Jannewaris 1955 is, 78 jier âld, yn it rêsthûs Westerwolde to Bergen (N.H.) forstoarn de bikende Fryske byldhouwer Tsjipke Visser. Hy wie de 12e Desimber 1876 yn Warkum berne as soan fan de houtkeaper Tsjebbe Visser, dy't dêr in houtmole hie. Syn mem wie in Wiepkje Hiemstra. Tsjipke syn heit kaem yn 1892, noch mar fiif-en-fjirtich jier âld, wei to reitsjen; de widdou die omdôch writen de houthannel fuort to setten en it koste har hiel hwat noed en soarch de beide bern Tsjipke en Itsk in goede opfieding to jaen. Mar hja wie in krigele frou, tear oer de bern, dat dy hawwe gâns oan har to tankjen hawn.
Warkum leit tusken ‘sé’ en marren yn; neat gjin niget dus dat it wetter en de silerij de jonge Tsjipke Visser by it hert krigen. Sa timmere er as jonge al, mei help fan de trouwe mastersfeint Age, in kano om dêr de Sudersé en de marren mei op to kinnen. Letteroan swalke er mei syn jonge maten yn in foech tsjotterke it Fryske wetterlân troch, sliepte yn gollen of heabergen en ienkear - o seldsume eare! - sels yn 'e opkeamer fan in pleats.
Mar dy jierren sûnder soarch kaem in ein oan doe't Tsjipke de Warkumer legere skoalle troch wie en nei de fiifjierrige H.B.S. yn Kampen stjûrd waerd. In ellindige tiid waerd dat foar him. Earst rekke nei in operaesje syn heit der by wei en itselde jiers kaem syn sibste freon to forstjerren. Op 'e boargerskoalle hie er allinne nocht en niget oan de tekenlessen; ja, yn 'e fjirde klasse mocht er sels stillibbens yn oaljeferve skilderje! Men kin hast fan tinken wol hawwe dat er, nei it eineksamen H.B.S., bisleat him alhiel oan de kunst to jaen. Nei't er de middelbere akte Hântekenjen en Perspektyf helle hie, folge er de jounlessen oan de Ryksakademy foar Byldzjende Kunsten to Amsterdam. Hy studearre nei it neaken en boetsearre in jier lang op de Skoalle foar Kunstniverheit dêrre. Op 'e jounklasse hie de forneamde byldhouwer J. Mendes da Costa him dêr klear foar makke. Neitiid skildere er in jier lang yn Gaesterlân en Gietern, mar it die bliken, hy hie mei de skilderkunst gjin sukses, dat der moast bisocht wurde op in oare wize oan 'e kost to kommen. Hy krige doe in bineaming
| |
| |
as tekenmaster oan in jounskoalle to Edam op in salaris fan.... fyftich goune yn 'e moanne.
Tiden fan fûlbannich arbeidzjen folgen. De fiskersbifolking fan Volendam, dat doe noch net as lûkplaster foar nijsgjirrige frjemdlingen brûkt waerd, makke greaten yndruk op ús jonge kunstner. It stoere wêzen fan dy fiskerlju en de aparte plastyk dy't mei har typyske klaeijing gearhong, loek him oan. Tsjipke taestte nei beitel en hout en sa skoep er seis jier lang de forneamde bylden en groepen, dêr't er yn koarte tiid tige namme mei krige.
It oanwinnend sukses mei de byldhoukunst wie de reden dat er yn 1907 nei Bergen forhuze, dêr't er in hûs mei in royael atelier sette liet en dêr't er oant fuort foar syn dea ta wenne hat.
Yn 1911 teach er nei Parys om yn ien fan de greatste brûnsjitterijen, de fonderie ‘Lorge’, in heal jier lang de kunst fan it brûnsjitten to bistudearjen. Syn frijfeintebistean kaem yn 1915 in ein oan, doe't er troude mei Maria Hoeben. By har krige er in famke, Marijcke. Mar itselde jiers forstoar hja en liet de byldhouwer en syn bern yn iensumheit efter. It wie oarloch en reizgjen koe neat fan komme. Doe naem er it bislút yn ‘Artis’ oan de slach to gean. Dêrsa kamen dy wûndermoaije statuetten fan fûgels en oare dieren ta stân: yn brûns, yn sulver, yn koromandel en oare houtsoarten, yn ierdewurk ek. Dat wurk hat net minder as syn Volendammer oeuvre Tsjipke Visser's namme as byldhouwer klank en groun jown.
Nei de oarloch rjochte er yn Amsterdam de Nederlandse Kring van Beeldhouwers op, dêr't er trije jier oanien foarsitter fan wie. Dr. de Visser, minister fan Underwiis, Kunsten en Wittenskippen doedestiids, bineamde him ta fortsjinwurdiger fan de Nederlânske byldhouwers yn de Regearingskommisje foar bûtenlânske útstallingen. Yn gâns stêdden, lyk as Madrid, Venetië, Brighton, Glasgow, Helsinki en Stockholm, die er war eksposysjes op tou to setten. Dat barde yn oparbeidzjen mei in ploech kunstskilders dêr't guon as Willem A. van Konijnenburg, prof. H.J. Wolter, Jan C.B. Sluyters, H.J. Haverman, L. Schelfhout en J. Willy Sluiter ta bihearden.
Yn 1926 gie Tsjipke Visser opnij in houlik oan en troude mei Johanna de Geus, jongste bern út in keppel fan sawntjin. Hja hie krektlyk as har man in swalkersaerd, dat hja swurven togearre faek de wrâld yn, fan Upsala nei Assoean
| |
| |
TSJIPKE VISSER mei wurkstik
(teakhout, 1915).
| |
| |
CHRISTOFORUS
(koromandelhout, 1924).
| |
| |
DE BULT
(ikenhout, 1911 ).
| |
| |
DROMMEDARIS
(sulver, 1917).
FAMKE, har spegeljend yn it wetter
(gips; yn brûns, 1945).
| |
| |
en fan de Balkan nei Algiers. Letter dagen ûntwurp er in sylmotorjacht ‘Horza’ (neamd nei de feart mei dy namme onder Warkum?), dêr't er simmers oanien mei frou en dochter de wetters fan Nederlân en België mei bifear. Graech mocht er dan âlde stêdden bisjen en musea bisykje, dat wettersport en kunstgeniet krigen beide har gerak sokke tiden.
De 28e Novimber 1936, by gelegenheit fan syn sechstichste jierdei, waerd Tsjipke Visser to Amsterdam huidige troch in Komité fan freonen en âldlearlingen; myn persoan foel de eare ta dêr foarsitter fan to wêzen. In greate útstalling fan syn oeuvre yn it Gemeentemuseum joech in folslein oersjoch fan Tsjipke's masterskip. Syn bineaming ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau dat jiers wie dan ek in wolfortsjinne ûnderskieding. Fan it jild dat it Komité ynsammele hie, koene foar trije Nederlânske musea byldhouwurken fan sines oankocht wurde; it Gemeentemuseum fan Den Haech krige it greate, hast klassike brûnzen byld ‘Pandora’ (1935); dat fan Amsterdam krige yn bisit it sânstiennen byld ‘De Kunst gekluisterd’ (1934) en museum Boymans yn Rotterdam waerd forrike mei de albasten reliëfs ‘Tentation de St. Antoine’ (1928) en ‘Vrouwentors’ (1924).
De twadde wrâldoarloch briek út en Tsjipke waerd troch de Dútskers fan hûs en hurd forballe. Frijhwat klisjé's, foto's en al sa mear hawwe de nazi-vandalen stellen of forrinnewearre. Hy sette him yn Amsterdam nei wenjen en arbeide yn syn dochter Marijcke har atelier. Yn de hongerwinter fan 1944/1945 krige mefrou Visser har gestel sadanich it forslach wei, dat Tsjipke syn trouwe oarehelte noch yn it fredesjier kaem to forliezen. Alhoewol't er sels dat lêste oarlochsjier, lichaemlik sagoed as geastlik, ek in danigen tobekset krige hie, hat Tsjipke it yn alle ellinde fan de bisettingstiid dochs forhelje kinnen troch syn heil to sykjen yn it him mei tawijing jaen oan syn wurk. Dat makke it him makliker de minskeslachting as op in distânsje to sjen. Dochs is de kunstner neitiid nea wer de âlde wurden en fysyk hieltyd mear ôftakele. Syn lêste libbensjierren arbeide er mar mear by hea en by gers. Syn triljende hannen en forstiivjende skonken dy't net mear mei woene, makken him oplêst it arbeidzjen ûnmooglik. Dat moat foar sa'n stûfe bodder in hurd stik west hawwe. Yn in briefke, trilderich en amper to lêzen, dêr't er my yn bitanke foar
| |
| |
myn lokwinsken op syn 78e jierdei, skreau er my û.o.: ‘Ik heb het beiteltje er voorgoed bij neergelegd, heb de kracht niet meer lang te staan. Geniet nog wel van de natuur, rijdend in mijn wandelwagentje. Wat is 't leven snel voorbij gegaan. De meeste vrienden van mijn leeftijd zijn al verdwenen.’
Jannewaris 1955 stjûrde er my tynge fan syn forhúzjen nei it rêsthus yn Bergen, dêr't er mar fjirtjin dagen tahâlde soe. Op in iiskâlde nacht foel er fan it bêd ôf en koe út himsels net wer oerein komme. Nimmen hearde syn swak gerop om help. It gefolch wie in dûbelde longûntstekking, dêr't er oan weirekke is.
Mei Tsjipke Visser is in heech bijeftige en ien fan ús meast produktive kunstners hinnegien. In list fan syn wurken dy't yn myn bisit is, neamt oer de jierren 1902-1948 net minder as 340 stiks. Wurken dy't inoar tige ûntrinne, lyk as minskefigueren, portretbustes, reliëfs, maskers, grêfmonuminten, tinkstiennen, bou-byldhouwurken en alderhanne gebrûksfoarwerpen. Dêr binne net by rekkene de doubletten, foaral fan brûns, dêr't gauris twa of trije eksimplaren fan ôfgetten binne. Dit hiele oeuvre, dat foar safolle ûnderskate doelen makke is en yn safolle ûngelikens materiael útfierd, kin men hieltyd wer oan sjen hoe't dizze kunstner de easken, dêr't dy materialen him foar setten, mei glâns oan koe. Nearne treft men wifkjen of mislearring.
Tsjipke Visser syn opfettingen oer kunst kin men it bêst yn syn eigen wurden werjaen. Ienris skreau er my dit:
‘Ik erken de natuur in al zijn openbaringen als de bron tot inspiratie van de beeldhouwer; hij mag dan zijn vormen synthetiseren, styleren op zijn manier. Wanneer de beschouwer, van welk volk of ras dan ook, in 't beeldhouwwerk een hem bekende vorm herkent, zal hij de taal van de beeldhouwer verstaan, over de gehele wereld en in alle tijden. Zo genieten wij moderne mensen nog van een Chinees of Egyptisch beeld van duizenden jaren oud en uit een heel ander volk ontstaan dan het onze, omdat 't menselijke gevoelens wakker maakt: de wijsheid, de liefde, de berusting en ook de uiterlijke schoonheid van 't lichaam en alles wat van de mensen is. Ook de schoonheid van 't dier. Dit principe is m'n vaste overtuiging, dank zij de studie
| |
| |
in zo vele musea in allerlei landen. Het absoluut abstracte heeft alleen waarde voor de maker en spreekt slechts tot enige ingewijde vrienden’.
Dizze byldhouwer wie it type fan de stoere, oprjochte Fries; nei bûten ta koel-saeklik, mar yn wêzen tige fynfielend en nèt sentiminteel. Hy wie ienfâldich en biskieden fan bistean, in fijân fan oerdriuwing en oanstellerij. Men wist hwat men oan him hie. Syn karakter strykt mei syn oeuvre, dat suver, earlik en deeglik is, mar tagelyk in greate gefoelichheit foar foarm en geastlike ynhâld sjen lit. Syn kunst is wol net swier djipsinnich en likemin in bitooch foar ien of oar idéael. Hja fordjippet har mei folsleine oerjefte yn it werjaen fan minske en dier.
Fan syn earste houten Volendammer figuerkes ôf hat syn kunst har by de tiid lâns fierder ûntjaen en fordjipje kinnen. It is net mooglik yn in koart oersjoch lykas dit, mei in mannich reproduksjes fan syn wurk der by, in folslein byld to jaen fan Tsjipke Visser's masterskip. Sa net, yn Fryslân falt hjir en dêr ek wol hwat fan syn wurk to ûntdekken. It folgjende is my bikend:
1916: Sinnewizer foar de R.H.B.S. to Ljouwert; 1923: Skoarstien- en trepforsierings yn it hûs fan A. Gaastra to Warkum; 1923: Grêfmonumint foar L. Zandstra, tsjerkhôf Spanjertsleane Ljouwert; 1933: Monumint foar Piter Jelles to Stiens; 1939: Reliëfportret Dr. H.A. Veenbaas, gebou Sounheitstsjinst foar fé to Ljouwert; 1941-1942: Forsierings oan Gemeentehûs to Grou; 1942: Tympanforsiering P.E.B. Ljouwert; 1943: Doopfont, foarlêzersbuordtsje, bekling predikantsstoel, lofwurk oan luifels en stilen fan koarbanken yn Ned. Herf. tsjerke to Warkum; jongfeint boartsjend mei houn yn tún Stania-State to Oentsjerk; 1944: Homeije Burmaniahûs to Ljouwert (twa byldgroepen yn acht emblemen dy't slagge op forsekeringsbidriuw).
Ik wol bislute mei der op to wizen dat Tsjipke Visser, bihalven syn ridderoarder, ek noch gâns oare earbiwizen tafallen binne. Sa waerd him yn 1920 troch de foriening Sint Maarten to Utert in sulveren medalje foar syn ‘Maraboe’ takend en op de Glasgow-útstalling yn 1923 waerd fan him in ‘Maraboe’ yn brûns oankocht, dy't plak krige hat yn de Art-Galleries to Glasgow. Op in eksposysje to Parys yn 1925 waerd him in ‘diplôme de médaille d'argent’ takend. Yn 1932 waerd er útnoege mei to dwaen
| |
| |
oan de ‘Biennale de Venetië’ en 1937 krige er op in Parizer útstalling in ‘diplôme d'honneur’. Datselde jiers droech de minister fan U.K. en W. him op in brûnzen masker to meitsjen fan de Nobelpriis-winner Prof. Dr P.J.W. Debye. Fan hiel hwat oare bikende Nederlanners hat er ek byltnissen makke. It Nederlanske leger hat by Prinses Juliana har houlik yn 1937 in keamerskerm oanbean; Visser byldhoude dêr tolve panielen foar nei ûntwerp fan architekt Kropholler.
Yn it bywêzen fan gâns in rige freonen en goekunden is op Tiisdei de 25e Jannewaris fan dit jier it stoflik omskot fan de Fryske byldhouwer Tsjipke Visser op Westerveld kremearre. Alhoewol't de forstoarne ornearre hie, der soe net sprutsen wurde, forsocht Marijcke Visser my as syn âldste en neiste freon in bitinkingsrede út to sprekken, nei't de foarsitter fan de ‘Kring van Bergense Kunstenaars’ in wurd fan ôfskie foarbrocht hie. Jerne haw ik oan dat forsiik doe foldien.
Tsjipke' jiske rêst yn it famyljegrêf to Warkum, dêr't syn dochter Marijcke yndertiid de moaije grêfstien foar beitele hat.
Zeist, April 1955.
| |
Litteratuer.
De Hollandsche Revue, 11e jg. nr. 10, Okt. 1906. |
De Nieuwe Amsterdammer, nr. 20, Maeije 1915. |
Ons Eigen Tijdschrift, nr. 2, Des. 1922. |
Maandblad van Beeldende Kunsten, 4e jg. nr. 9, Sept. 1927. |
Wendingen, nrs. 6 en 7 fan 9e searje; 1928. |
Elseviers Geïllustreerd Maandschrift, 46e jg., n.r 12, Des. '36. |
Op de Hoogte, 36e jg., April 1939. |
Leeuwarder Courant, 200e jg., 12 Des. 1951. |
|
|