De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 364] [p. 364] D.A. Tamminga: Ballade fan it spylske hus. 't Is de olie van de druiven die de droefheid doet verstuiven, 't Is de olie van het graan die de droefheid doet vergaan. Skylger drinklietsje. Kom freonen, skik hwat om it fjûr en lit de skoarstien bromme. By 't fier en jounich ségerûs moat dit forhael fan 't Spylske Hûs gjinien fan jimme ûntkomme. Hwa't nou de Eilânswei oer giet to foet of yn sawn hasten, fornimt fan 't Hûs al fier foarút deun by de Mole om 'e súd de wytbistrutsen foarsten. Sa is it nou, sa wie 't alear. Dy rea-bipanne skuorre, forware yn rein en sinneskyn is boud twa rûge ieuwen lyn sa lêst men oan 'e muorre. Mar hwa't de griene pôlle op rint tinkt fuort oan ûnk en evel. De skuorrenael, hoe kin 't sa bryk, in spylske kouwerêch allyk, rint bochtsjend nei de gevel. En hjir bigjint dan 't bryk forhael. - Twahûndert jier foar dizzen wie Tsjaerd fan Jort fan Jap fan Hee to riede woarn om op dit sté de earste stien to lizzen. Syn holster loek yn 't bolle sân in streek, - dat wie de bridte. En al it boerefolk gie los, it each wie harren wetterpas, de juttersheak har mjitte. [pagina 365] [p. 365] In houtlêst, by it floedmerk foun, tôgen hja oan op weinen. Op Tsjaerd syn pôlle waerd it lost, ta hoannebalke en bynt forklost, iken en riga's greinen. Mar alle mjitte en roai wie wei doe't westlik by Peal Alve in skip mei Spaenske wyn forgie. - Hja dronken it of 't wetter wie, en 't smakke har as salve. Al spyljend bouden hja it hûs. It geafolk stie to gnuven. De opperman song as in alk en mong syn droege mitselkalk mei oalje fan 'e druven. De boppebaes, mei tizich sin, soe 't steande wurk ris sichte, mar fij, naem hy de dyk yn 't each dan wie 't oft hy de dunen seach, sa hie ús maet de hichte. De spuonfeint mei in boppelêst lei sliepende yn 'e hjouwer. En Tsjaerd fan Jort hold op 'e nael in oanspraek yn 'e Spaenske tael en die de Skotse Fjouwer. Sa floeide dêr in simmer lang de Spaenske wyn by kannen, oant nei in lêste dolle roes it hiele hollebolle hûs siet ûnder tek en pannen. Doe't alman's lever skodde hie, it stegerwurk weinommen, rôp ider tusken dyk en dún: - Dy hele nye boereschún is dronken, pot mei blommen! - [pagina 366] [p. 366] Nou bin de bouwers lang fortein, de jierren krieme en keare. N'òch hat it Hûs dy spylske bocht, it swiete Spaenske druvefocht ta ûnfol priizge eare. Gjin wûnder dat it nommel folk, dat dêr nóú fiert de leije, oeribel hâldt fan sang en douns en by har gearsit jerne jouns in Spaenske taepje meije. Hwant as de koark de loft yn poft dan bart der 't iene en oare. Dan rûst it heimich út 'e kap en heart men Tsjaerd fan Jort en Jap sêft sizzen: - Si, signore! * * * Sa wie 't forhael fan 't Spylske Hûs, sa, freonen, waerd it makke. 't Wie wol de brike kant hwat nei, mar dochs, it wie to goed om wei, ik hoopje, 't hat jim smakke. (foar Willem Valk) Vorige Volgende