spile en dochs stiet de romantyk fan de 19e jeu jin sa nei; wy hawwe wikseljende Beethoven-stilen en de iene spilet Bach omtrint de helte rêdder as de oare. Ek al kin men toneistenby oantsjutte hoe't de uterlike styl fan muzyk út de 16e, 17e en 18e ieu sahwat útskaeide - dy wiksele fan tiidmjitte ta tiidmjitte, fan lânstreek ta lânstreek, fan master ta master, fan útfierder ta útfierder -, de inerlike driuw, dy't de stylperioade, de komponist as bern fan dy tiid en it formidden dêr't er yn libbe eigen wie, sil de minske-fan-nou nea ofte ninter krekt werjaen kinne.
It spyljen fan âlde muzyk op kontemporaine klankmedia is lykwols net in wittenskip. It moat gean út kleare nocht oan musisearjen op in aesthetysk folslein forantwurde wize. Men kin der oer stride hoe't men spylje moat en tsierderij hjiroer is der planteit. Mar as men spilet hwat der stiet - dat dien de âlden net, hwant it noatebyld hje foar harren net deselde réele wearde as foar ús -, dan libbet it as echte muzyk, wylst de klank as in nijsgjirrich speserij it miel foar ús earen krûdet. Boppedat komme wy op 'e smaek fan yntimer kleuren as dy fan tsjintwurdich.
De komposysjes foar in lytse ynstrumintale bisetting (soms ek vokale der by) út de lêste desennia kin men forgelykje mei de âlde musisearkunst. Dy hat dêr grif ynfloed op hawn. It oplibjen fan âld klankidioom soe ek in oantrún jaen kinne ta it ûntstean fan nije ynstrumintale kleuren. Moderne komponisten skriuwe wurken foar forgetten spylark. As men bitinkt, dat it spyljen en sjongen fan alear op himsels ek wer oplibbe is en dat dêrby blokfluiten en oare âlde spyltugen brûkt wurde, dat der gâns fabriken binne dy't fidels, blokfluiten, clavecymbels, clavicorden, oargels en sa mear meitsje, dat in konsertseisoen suver net foarby giet sûnder de kunst fan in collegium musicorum of oare fortolkers fan dy eardere muzyk, towyl radio en pick up jin tiid en taliz jowe jin to jaen yn de masterwurken fan forfleine ieuwen, dan komt men ta it einbislút: de rekonstruktive werjefte fan de muzyklitteratuer út midsieuwen, renaissance en barok, út galante, klassike en ierromantyske perioaden mei help fan klinkend materiael út dy tiden is net mear op kommende wei en net to kearen.
Dr Wadman moast syn formulearring tige bisnoeije en sadwaende is it fraechstik net alhielendal ta in útdragen saek kommen. Wy soene dit kommentaer jaen wolle: âlde en nije ynstruminten binne lykbirjochtige by it werjaen fan