Dat dizze oersetting der kommen is, mei oan alle kanten in wûnder hjitte. Ommers hwa sil, yn dizze tiid fan ûnttsjerkliking en ûntkerstening dy't Noardfryslân net foarbygien is, yn sok in tael, dy't noch mar sa'n bytsje yn 'e foarm brocht is om in klassyk wurk út in totael oare wrâld oerbringe en drage to kinnen, en op sok in lyts gebiet: it tal frysk-sprekkende Noardfriezen sil net boppe de 15000 komme, de mauringers grif gjin 5000, - hwa sil ûnder sokke omstannichheden de moed hawwe en ûndernim soksoarte wurk? Wylst gjin tsjerke jo der om freget, gjin dûmny jo stipet, gjin folk der om bidt en - nei't de brea-itende profeten sizze - gjin takomst der foar weilein is!
Alfred Boysen wie de Lonhamer boeresoan, dy't as ûnderwizer yn it frysk oan in pear skoallen, alle wiken in frysk hoekje forsoarge yn in deensk blêd, dat de bern dan útknipten, yn in skrift plakten en op skoalle as lêsark brûke koene. Sa kaem hy yn 1951-'52 op it idé ien fan 'e bibelboeken yn it noardfrysk oer to setten en op dizze wize to publisearjen. Hy hat dat folbrocht, krige dêr opmerkings oer fan lju út it deenske en ek fan guon to uzes; op it stik fan it idioom hawwe ek oare noardfriezen him wol ried jown. Wapene mei dit materiael hat hy de saek jitris oereide en op it lêst hat de deenske tsjerke der foar ret dizze evangeelje-oersetting út to jaen yn in kreas boek mei in dúdlike letter.
Hoe is dat de oersetter ôfgien? Lit ús foarop sette dat hy utersté gjin ienfâldich wurk to dwaen hie. Wis, hy hie it lytste evangeelje nommen en ek grif net fuortdaliks it slimste útsocht. Mar hy wie sels it gryksk net machtich en moast dus neffens oare oersettingen to wurk gean. Dat sille wol dy fan Luther, de deenske en Wumkes sines west hawwe. En fierders: hy hie gjin foarbylden dat makke: in inkeld fragmint yn oare noardfryske tongslaggen, in pear gesangoersettings yn syn eigen mauring. Al mei al: swierrichheden genôch, dy't wy ek kenne út 'e skiednis fan 'e bibeloersettingen yn ús frysk; tink oan mannen as J. Halbertsma en Colmjon.
It soe net in greate kunst wêze oan dizze oersetting gâns lek en brek to finen. Binammen hwa't forlikenet mei de grountekst, sil gauris stroffelje oer lytse ûnkrektheden. De oersetter hat syn taek wol hwat frij opfette. Hy fynt it net slim by it verbum in oare tiid to nimmen; mei lidwurden en persoanlik foarnamwurd set er it hwat op in sêft sin; foar ‘kloft’ set er ek rêstich ‘greate kloft’, foar ‘skare’ ‘minsken’, foar ‘omkrite’ ‘omlizzende doarpen’ ensfh. De rûmte ûntbrekt my om sitaten op to nimmen, mar elk dy't it neigiet, kin se yn alle haedstikken wol fine. De oersetter nimt ek to gau syn taflecht ta parafrasearing, ek dan, as it net hoecht om it noardfryske taeleigen.
It dilemma by it oersetten fan 'e Bibel wurdt gauris sa steld. Men kin òf de Bibel ta de minsken bringe, òf de minsken ta de Bibel. Yn it earste gefal moat de Bibel him wolris to folle by de minsken oanpasse en wankt it gefaer, dat mei it foroarjen fan sfear en oanklaeijing ek in réëel stik fan 'e ynhâld forlern giet. Yn it twadde gefal moat de minske en syn tael him skikke en flije neffens dat Boek dat nou ienkear yn easterske, âlde tael en sede syn forskiningsfoarm foun hat. De minske en syn tael wurdt dan ryklik oanpassing fan frege; de Bibel wurdt foar de moderne minske