Hwa't lykwols de Hollânske en de Fryske oersetting meiïnoar forgeliket, sjocht greate forskillen, dy't net altyd yn it foardiel fan de Fryske útfalle. Wis, de Hollânske is ritmysk bleaun en dêrom koe it mei de tael ek hwat mear lije. De Fryske biwurker siet mei de swierrichheit, dat er fan kunsttael folkstael meitsje moast. En al is him dat oer it algemien aerdich slagge, by einen is it mislearre en is it appelsmots wurden. Sa b.g. op 'e ein fan it earste bidriuw, as Stauffacher oan Melchtal fortelt, dat de ‘man fan Landenberg’ Melchtals heit de eagen útstutsen hat en him allinne in stokje litten hat, ‘om der neaken en blyn op to lynjen (!) en sa fan doar ta doar to knoffeljen’. Dan seit Melchtal by Schiller: ‘Nichts als den Stab dem augenlose Greis!’ Mar Sikkema hat der fan makke: ‘Inkeld in stokje foar de bline, grize baes!’ En dêrmei is it foar dit momint wol hwat al to ‘folksk’ wurden. Soks seit men net yn sa'n sitewaesje.
Slimmer noch wurdt it yn it fyfte bidriuw, as Hedwig, Tells frou, har soan werom hat nei de appelscène en him dan seit: ‘Zweimal litt ich den Mutterschmerz um dich’. Sikkema hat dat fierstento plastysk oerset mei: ‘Twaris ha ik fan dy yn 'e kream lein’. In wurdkar dy't foar in bern oer sels de Opsterlânners to stûf west hat, hwant dy hawwe der ‘bertepine’ fan makke, hwat nòch net fraei is. Hjir hie in letterlike oersetting de koartste klap west.
Oare, lytser flaters sille wol dêroan to witen wêze, dat de oersetting yn sawn hasten klear moast. Sa b.g. it forhael fan Friesshart oer de nuvere oankomsten fan Pastoar Rösselman, dy't mei it Allerhillichste foar de peal-mei-de-hoed stean gyng. Doe foelen allegearre op 'e knibbels ‘und grüssten die Monstranz und nicht den Hut’. Sikkema hat dêr: ‘en groetsje de monstrâns, mei de hoed’. It hie better west en set oer hwat der stiet. Ek letter, as Gessler stjert en in frou út it folk har bern der sahwat mei de noas boppe op triuwt en seit: ‘Seht, Kinder, wie ein Wüterich verscheidet’. As men dit sintsje al oersette wol, dan hie it sa moatten: ‘Sjoch, bern, sa stjert nou in tyran’.
Dit binne lykwols mar lytse dingen. Der soe mear to sizzen wêze, oer hwat àl oerset en hwat weilitten is, al gie dat dan net allegearre by de kar fan de oersetter ôf. Mar der binne dingen, dy't frjemd bliuwe. Nuver is, dat net de leaflike lieten oan it bigjin fan it earste en tredde bidriuw oerset binne, mar wol it bizarre liet fan de barmhertige bruorren oan de ein fan it fjirde bidriuw. Hwerom't dy hiele scène net weilitten is, is my in riedling; toaniel-technysk koe er maklik oplost wurde mei de biljochting.
Nammers, alle bidriuwen, bihalven faeks it tredde, slute seldsume swak yn forgeliking mei it origineel: de heechstimde ekstase fan Melchtal oan de ein fan it earste bidriuw is ta in rudimint bilune; it treflike slotwurd fan Stauffacher oan de ein fan it twadde alhiel weifallen, en it fyfte bidriuw slút mei in anti-klimaks, dy't alle triomfgefoel weinimt. Né, dan hie it better west, lyk as Dr. Van Daele dien hat, en smyt de hiele Johan von Schwaben der út, mar slút mei de apothéose, dy't yn it stik sels stiet: Tell syn huldiging.
Nuver is ek, sa't de list fan spilers bihoffene is. As der al rollen skrast wurde moasten, dan hie dochs de tekst wol hwat logysker tusken de oerbliuwenden fordield wurde kinnen. Sa is it àl sa frjemd, dat Pastoar Rösselman (hy wurdt ek al ris Pater neamd)