| |
| |
| |
Fedde Schurer:
Ynkyk en utsicht.
Yn syn artikel ‘Krante en kultuer yn Fryslân’ yn it bifrijïngsnûmer fan De Tsjerne jowt E.B. Folkertsma in yn mannich opsicht treflike diagnose fan de parse yn Fryslân, sa't dy bistien hat en bistiet. As ik dêr inkelde opmerkings oan tafoegje dan is dat net salyk om Folkertsma to bistriden as om it omtinken to freegjen foar in aspekt, dat him grif net ûntgien is, mar dat er om iene of oare reden bûten it ramt fan syn bihanneling sletten hat: ik mien, de bitsjutting fan de parse as diskusjepodium. Folkertsma, dy't it plak fan 'e parse hjir binammen sjoen hat as dat fan in great famyljeorgaen, spyljend op it familiale gefoel fan 'e Friezen, is oan de iene kant net oan ûnderskatting, oan de oare kant net oan oerskatting ûntkommen.
Syn karakteristyk fan de réaksjes fan it folk op 'e eigen krante is goed, mar foarsafier't ik it bisjen kin is hja net spesifyk Frysk. Dyselde réaksjes, dyselde forbounens oan in streekblêd, dyselde slijens nei famyljebirjochten en forkeapingen, nei moart en deaslach fynt men rounom to wrâld. It is nammers net sa dat Fryslân syn eigen streekparse en deiblêdden hawwe soe, wylst it oare diel fan de Nederlânnen mear hjit is op it lânlik blêd. Dat lânlik blêd is in greatestêdsforskynsel, mei Amsterdam of Rotterdam as sintrael punt. En hjir is dat familiale gefoel ek in sterk binend elemint: sa is it forneamde ‘Amsterdams Dagboek’ yn Het Parool dêrsa ien fan de meast lêzen rubriken.
Fierders leau ik net dat wy hjir to dwaen hawwe mei in folksmienskip dy't him fan oaren ûnderskaet troch nederigers en ienfâld en binammen troch sede en ethos. Hjir libbet in lytse folksmienskip, dy't, dat kin men yn elk gefal fêststelle, dit by de oaren tsjin hat, dat syn kultuerutering en ek syn parse net oerienkomt mei syn deistige sprake. Syn parse is meastepart frjemdtalich, en dat is in biwiis dat der hwat mei dy mienskip net yn oarder is. Hja is tobrutsen, der rint in barst troch; en dêrom jowt it gjin suvere klank. Dat wol alderminst sizze dat dy mienskip idéael wêze soe as hja ientalich Frysk wie; in Hollânske ûnbitsjuttendheit yn it Frysk fortaeld bliuwt in ûnbitsjuttendheit.
| |
| |
Wy hawwe lang, ek yn en nei de jongfryske tiid, de wenst hawn om de Fryske mienskip to projektearjen op it forline; dêrfandinne faeks ús greate niget oan histoaryske wittenskip en binammen oan romantisearring fan de histoarje. Dy histoaryske mienskip, dy't syn nijsgjirrigens meastepart tanket oan patriarchale, feodale en buorreforhâldingen, bistiet net mear. Politike en sosiale revohúsjes hawwe dy forhâldingen omsmiten, de primitive solidariteit is forfongen troch in organisatoarysken. En dy âld tiid komt nea werom; hja mei ús tsjinje as spegel, mar kin it net mear dwaen as foarbyld.
Dêrom kin de parse har Fryskens en har forbounens mei de folksmienskip ek net ûntliene oan dat forline. De kronyk fan dat forline hawwe wy nedich, likegoed as de registraesje fan it hjoed, mar net it minst hat de parse yn Fryslân to meitsjen mei de blaudruk fan 'e takomst. De histoarje mei útgongspunt wêze, de takomst is doel.
Kin men, skriuwende oer de Fryske folksmienskip, dêroer skriuwe as oer in bisteand en taestber feit? Né. Dy mienskip is der allinne yn potinsje, as mooglikheit, as frucht fan in lang groeiproses. De histoarje rjochtfeardiget it leauwen yn dy potinsje, einliks ek allinne op de smelle basis fan de mienskiplike tael. Sil Fryslân ea de namme fan folksmienskip fortsjinje, dan moat it ienriedich en frij wêze. Dy twa eleminten hawwe aloan yn dit lân libbe en stribbe, mar net meielkoar. Dêr't de ienriedichheit wie, miskearre de frijheit; dêr't de frijheit forskynde, fordwoun de ienriedichheit.
Folkertsma hat yn syn artikel mar amper de oarloch en de bifrijing oanroerd; dat hat my dochs wol nij dien. Hwant nei de twadde wrâldoarloch is der dochs wol sprake fan in nije ynstelling, ek by de parse. In great stik gemoedlikens is fordwoun, in great stik dynamyk der foar yn it plak kommen. In deiblêd yn Fryslân moat in rjochting hawwe; de rjochting nei de takomst fan it Fryske folk yn ienheit en yn frijheit. De Fryske krante, steande yn in mienskip dy't noch oan it foarmsetten is, sil binammen opinyblêd wêze en syn bydrage jaen ta de mieningsfoarming. Dêrby komme sawol de ynwindige forhâldingen fan de Friezen ûnderelkoar as de forhâlding fan dy, noch breklike en ûnfolsleine, mar dochs yn hope bisteande folksmienskip ta de omwrâld yn diskusje. Men moat de lêzer dêrby net to leech oan- | |
| |
slaen; der net fan útgean dat syn heechste opwinings lizze yn, de strip en de skûtelbank. As in lêzer him alris biklaget dat de sé him to heech giet, dan leit dat meastentiids oan de redakteur, dy't net sa wit to skriuwen dat syn bidoeling foar in minske mei in midsmjittich bigryp dúdlik wurdt. Op dy minske, sa midsmjittich as er is, skepen nei Gods byld, moat men jin aloan rjochtsje. Haw earbied foar him hy fortsjinnet it. Elk fan harren is in ûnmisbere en ûnforfangbere faktor yn dy kommende mienskip, fan hwaens foarming it ôfhingje sil oft Fryslân al of net yn 'e wrâld bistean sil. Miskien - dan sil it in swier en ryk bistean wurde. Miskien net - dan rêdt de wrâld him lykwols, sûnder Fryslân. Mar dan moat einliks nimmen hjir letter (yn it Russysk of yn it Sjineesk) sizze kinne, dat it sa net hoegd hie, as de kranten har plicht mar forstien hiene.
Dy Fryske folksmienskip fan moarn, Frysk, ien en frij, hja is it dy't hjoed yn diskusje stiet, in diskusje dêr't de Fryske kranten har oanpart oan hawwe en dêr't hja har net foar weiwine meije. As hja it holden op de strip, de skûtelbank en de Sneonske folklore, soene hja ek by it folk sels ûnder de mjitte bliuwe. It idéael fan in neutrale krante, dy't inkeld op weardige wize ‘fornimt’ nei it nijs, en dat nijs yn paslike foarm trochjowt, in neutrale krante, dy't fierders soarget mei syn hoedene kommentaren net ien op it sear to kommen en dus leaver mar gjin miening jowt, dat idéael is nei de bifrijing net werom kommen. Fryslân hat it foarrjocht inkelde deiblêdden to tellen, dy't oer ûnderskate dingen, ek Fryslân oangeande, in ûngelikense miening hawwe. Dy omstannichheit is fan great bilang foar de mieningsfoarming ûnder it folk. Swakke geasten meije har der oer bikleije en it bijammerje dat der dochs altyd sa'n ‘strideraesje’ yn 'e wrâld is, it is de iennige wize om idéen to bioardieljen en sels in oardiel to krijen. Dêrta is it nedich dat de redakteur mei syn lêzers op ien plan stean giet, en him net ynbyldet it earste en it lêste wurd oer in saek to sizzen. Syn taek is bigrinzge, biskaet en biskieden. Hy is sa to sizzen de ynlieder, dy't in saek yn it omtinken j owt, en it mei syn artikel yn diskusje bringt. It slimste hwat him dêrby oerkomme kin is wol, dat elk it mei him iens is. Soms ûntstiet dy diskusje yn 'e ynstjûrde-stikke-rubryk; soms mei in oare krante. Bitinken wurdt foar bitinken oer set; net om elkoar in stikel to stekken of de oar yn 'e groun to boarjen, mar om in bydrage ta it ûntdekken fan de wierheit en de goede wei to jaen.
| |
| |
As der sokke mieningsforskelen bisteane tusken de Provinciale Groninger en de Gazet voor Noord-Limburg, dan hellet dat net folie út, hwant nimmen kin forwachtsje, dat in brede rige de diskusje fan beide kranten folget. De Limburger wurdt heechstens gewaer dat de Grinzer krante kweadaerdich, de Grinzer, dat de Limburger Gazet dom is. Mar dêr hat men net folle oan. Yn Fryslân leit dat oars. Dêr sitte op ien en deselde streek lêzers fan trije of fjouwer forskillende deiblêdden. It is net sa nuver, dat dy buorlju de kranten meielkoar ruilje en sa yn steat binne fan twa of mear stânpunten kunde to nimmen. Dêrom hoecht men yn Fryslân net sa gau to tinken dat men in polemyk yn 'e loft smyt, en likemin dat men mar raek skriuwe kin omdat de ‘oare kant’ der dochs gjin kontrôlle op hat. Dy kontrôlle is der, mei de bilangstelling, en men kin der moai wis fan wêze dat de lêzer hjoed of moarn ek de oare kant heart.
De dynamyk, dy't dêrtroch ûntstiet, hat in groeijende folksmienskip breanedich, en hja hat yn Fryslân earsten nei de oarloch har kâns krige. Altyd wer hat de krante hjir ta taek, in definysje to jaen fan de Fryske folksmienskip, har yn it biwitten en yn it omtinken to bringen. Oertsjûge as hja is dat dy mienskip yn 'e takomst lelt en inkeld mar yn potinsje bistiet, hat hja harsels aloan foar to hâlden dat it forline gjin idylle wie en dat altyd weroan Friezen bisocht hawwe Friezen de frijheit to binimmen. De histoarje is in histoarje fan frijheitslangstme sûnder mis, en dêrom ien fan fordrukking, net alderearst troch frjemden.
Wie de midsieuske driuw nei frijheit net foar in great part de eask fan 'e haedlingen op it rjocht, har eigen boeren út to sûgjen? Fryslân hat syn protestanten, binammen syn mennisten yn greate fordrukking sjoen, bloedich forfolge troch har roomske lânslju. It hat syn roomsken yn 'e fordrukking sjoen yn 'e tiid doe't Willem Lodewyk, harren heit, gjin paepske stoutichheden yn syn gebiet fordroech. Der hat fordrukking west fan de arbeiders, fan ús paken en beppen, troch boeren en feanbazen. Der hat fordrukking west fan de ôfskaten en dolearjenden troch in oermachtich liberalisme, fordrukking fan in skruten opkommende frysksinnichheit troch in waenwiis Hollannistysk amtner- en yntellektuëlendom.
In folksmienskip yn ienheit en frijheit? Dy hat der nea west; dy kin der inkeld komme as wy allegearre wolle. De mienskip fan it forline wie it net, en it hat gjin doel har to
| |
| |
forfryskjen, sûnder har ien en frij to meitsjen. Foar dit koartsichtich biwegingssentimint jildt itselde, hwat August Vermeylen ienris de Flamingen to hâlden joech: ‘Zie, de dood waart reeds rond in de gebouwen, waarin gij met vlijtige hand Vlaamse opschriften beitelt.’ Of tinke guon faeks, dat de demokraty al foldwaende fortuten dien hat yn Fryslân? Demokraty is mear as stimrjocht foar Jan en alleman. It is de amper bigoune, jimmer trochgeande striid foar de wearde fan de minske as bylddrager Gods, droegen troch de earbied foar elks persoanlikheit.
De politike demokraty is in stikhinne forwêzentlike, mar hja is biheind yn har mooglikheden. De sosiale demokraty kriget in bigjin fan bigryp, mar hja bitsjut neat, salang't de greate stoflike forskelen, dy't miskien yn harsels net folle bitsjutte, mar symboalysk binne foar de persoanlike forhâldingen, it kommen fan in wierhaftige mienskip yn 'e wei steane. En de kulturele demokraty, dy't de frije geastlike groei fan 'e lytse mienskippen romte jaen moat, en it plattelân mei deselde earbied sjocht as de stêd, dy stiet pas knipperjend mei de eagen op 'e drompel fan ús tiid. Dy frijheit kin inkeld bistean yn ienheit, hwant in folk, dat him opjeije lit yn ûnderskate fijannige kampen gunt elkoarren it ljocht yn 'e eagen net, lit stean de frijheit fan libjen en tinken. Dy ienheit kin allinne bistean yn frijheit, hwant in opleine ienheit troch twang is slimmer as de dea.
Al skriuwende bisef ik it al lang to hawwen oer fragen, dy't gjin aparte Fryske fragen binne. Goed, mar it binne fragen dêr't de wrâld, dêr't Fryslân in libben diel fan útmakket, mei stiet en falt. Wy hawwe mei dy fragen to meitsjen; en der in antwurd op to sykjen net alderearst foar Pakistan of Mexico, mar foar Fryslân. As wy it hjir net kinne, sille wy it nearne to wrâld kinne.
En al skriuwende bisef ik tagelyk dat hwat ik hjir freegje in minimum is en dat it mei minder net ta kin. Dat slút yn, it byld fan dy folksmienskip op kommende wei hat de Fryske journalist aloan foar eagen to stean, dat er dêrút wei de aparte forskynsels bisjen moat. Wylst wy nei bûten út fan dy mienskip sprekke as bistie hja, sille wy nei binnen ta war dwaen moatte dat hja der yndied komt. Hwant as wy trochgeane mei ús skiede to litten troch alle mooglike leuzen fan juster, dan sille wy mei in Fryske biweging inkeld de tryste fortuten birikke, dat tonei Friezen elkoar yn it Frysk nei de strôte fleane sille.
| |
| |
Aldfaers erf, wy weitsje oer dy. Mar alderearst weitsje wy oer dy, kommende mienskip, ûnthjit fan 'e takomst. Wy weitsje oer dyn kearnen, de doarps- en stedsmienskippen. Wy sykje ynmoedich om alles hwat wy as Friezen meielkoar dwaen kinne. Der binne al dingen forwêzentlike, dy't wize op it bistean fan in Fryske folksmienskip yn ienheit en frijheit, al siket it noch om folsleiner foarm. Dingen, dy't oan distiid ta inkeld yn Fryslân kinne en nearne oars.
Friezen, oft hja griffemeard binne of roomsk, sosialist of kristlik-histoarysk, kristen of humanist, steane as ien man foar it Frysk Genoatskip, de Fryske Akademy, de Fryske Bibleteek, it Frysk Orkest, de Skoalle foar talen. Al dy dingen binne boud op 'e naturlike, organyske ienheit fan it folk, in ding út de wrâld en fan 'e wrâld, mar ús tabitroud as pân en talint, om it mei ús leauwe to hilligjen of mei ús idéology to forheffen. In opjefte, dy't gjin romte lit foar mankelikens noch foar flecht yn it forline. Wy fiele it hert fan it kommende libben klopjen, it libben dat minsken weardich wêze sil, en Friezen de romte jaen om it yn Fryske foarm waechsje to litten.
As wy it oer dat doel net iens binne, liket it my ta dat de Fryske biweging in smel, jammerdearlik en binaud gefal wurdt. Oer de wegen dy't ta dat doel liede binne wy it net iens. Hoe great wy de stappen nimme sille, hwat krêften wy ynspanne sille ta it doel, hoe't wy ús mienskiplike hâlding biskiede sille tsjinoer de bûtenwrâld, dy't ek ús wrâld is, hoe't wy dy dingen polityk stal jaen kinne en hwannear - dat leit allegearre yn diskusje.
Yn dat foarum sprekt de Fryske parse syn wurd. En dat liket my ien fan har wichtichste opdrachten: dizze ús eigen problematyk ûnder it each fan it folk to bringen, dialektysk, yn wurd en werwurd, yn these en antithese, dat der in synthese groeije kin yn frije mieningsfoarming. As dat op in goede wize bart, sil de parse gjin folk fine, dat dochs by einbislút leaver wiidweidich ynljochte wurdt oer de amoureuze perikels fan Hollywoods filmstjerren of de ûnderklean fan de Ingelske prinsessen.
|
|