Frysk en Frjemd:
‘The wheel on the school’.
Meindert de Jong, in Amerikaenske skriuwer fan Frysk komôf (hy is berne yn Wierum) hat mei syn nijste berneboek, ‘The wheel en the school’ de heechste eagen smiten foar de bikroaning mei de John Newberg-medalje foar it bêste Amerikaenske berneboek. Dat is de heechste ûnderskieding dêrre foar dat genre. It boek (krapoan 300 siden omfang, rynsk yllustrearre en tige kreas útjown by Harper & Brothers yn New York) liket ek yn ús eagen dy priis folslein fortsjinne to hawwen: forteltrant, styl en sfear forriede in mastershân.
It boek spilet him ôf yn Wierum, hjir ‘Shora’ neamd en sûnder mis hat De Jong yn it forhael fan seis skoalbern en har writen om it doarpke in eibertsnêst takomme to litten, gâns fan syn eigen oantinkens forarbeide.
Knap en fan in persoanlike styl tsjûgjend binne ek de tekeningen dy't Maurice Sendak foar ‘The wheel on the school’ makke hat, mar de útjowerij Laverman dy't yn oerliz mei in fortaelster fan doel is in forfrysking yn it ljocht to jaen, sil sûnder mis in birop op in Fryske tekener dwaen moatte: de bern fan Sendak binne allegearre klaeid yn in sabeare-Volendamsk pakje. Soks sil yn de States wol min oars kinne faeks, mar by ús beart it as skuorde klokken.
Meindert de Jong hat ek yn earder jierren gauris hege eagen smiten mei syn berneboeken. De bikendste binne: Dirk Dog's Bello; Hurry Home; Candy; Shadrach en The tower by the sea. De skriuwer wennet sûnt 1918 yn de Foriene Steaten, dêr't er studearre hat oan Calvin College to Grand Rapids.