De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 274] [p. 274] Fedde Schurer: Kwatrinen 't Is bar om bar misdiedich en grotesk Mei geast bigoun, bist einige yn it flesk Mar astû mienst der dochs jit troch to glûpen Yn hiel Gods net fynst net sa'n wide mesk. * Dû diest it kweade en naemst dy 't goede foar En hwatst' dy foarnaemst gong aloan toloar Mar nim nou ienkear rissolút de hammer En driuw in spiker yn dy efterdoar. * Doe't alle lampen flakkeren en walmen Myn echo's sinleas yn myn earen galmen Spriek my it rêddend wurd ynienen oan Yn 't kleare hertelûd fan Davids psalmen. * Inkeld dit iene mar: Hear, bliuw my nei En nim Jins Hill'ge Geast net by my wei. Hwant hwat dan noch, soe ek dit hert forbliede Mei 't stjerrend ljocht fan de ûndergeande dei - * Allinne dy't willemoeds God forliet En sa fan 'e himel de hel ynglied Ken de koele seine fan straf en oardiel En de feestlike grountoan fan 't boeteliet. Vorige Volgende