- Ik, sei er, ik woe....
De frou seach him op en del oan en hy fielde him suver skurf, sa't er dêr stie mei it âld mansester broekje en it stikkene kyltsje.
- Hwa bistou, hoe âld bistou?
- Fjirtjin, sei er, fjirtjin jier.
Hja gyng him foar en strûpte in âld trui oan.
- Kom, fortel ris hwatstou hjir soeste, sei hja.
Hy die har it forhael fan pake en fan it skieppehoedzjen, nou't pake it ein net mear gean koe. - Ik bin allinne mar mei pake, sei er, en mei de skiep, mar dy binne fan Menhear Huppert. En fan 'e wenwein en de skieppekoai en alles sei er. It wie idioat dat er dat allegearre fortelde, mar hy koe net oars.
- Ik bin altyd mar allinne mei pake, sei er jitirs. Dy frou seach him ek sa oan, sa goed, suver. Hy seach har foarmen yn 'e trui, hast as de slachtersfrou út it doarp en dêr't de jonges Fenne Sûch tsjin seine. Mar dit wie oars, hiel oars. Ynienen sprong er oerein: - De skiep! Ik moat nei de skiep! Hja kaem op him ta. Hwat wie hja kreupel!
- Ik sil dy in apel jaen en moarn moatst mar wer komme. Hja stie deun njonken him. Hy tocht oan Hilde fan Klaes Prik, dy't sokke moaije lange frissels hie mei reade strikken en tagelyk tocht er oan it printsje dat pake hie fan mem en hy koe wol gûle. Mar hy draefde hurd nei de skiep. Efter it bosk foel er del njonken de hounen, hy trille hielendal en hy skriemde.
Doe't hy de oare deis wer nei it âld hûs gyng (al hie er himsels earst foarnaem fan net), wie hy suver nijsgjirrich. Hwat wie it dochs in frjemde kreupele frou. Fansels hie er it Pake net forteld, hy soe him deaskamje om dy boarsten en sa en hwat er tocht hie.
Hja stie net njonken de skuorre, mar kaem yn 'e doar.
- Dêr wiest al, sei hja.
Hy knikte forlegen. Hja joech him in stoel en bigoun sa ûngemurken to fortellen fan de broer dy't op it lân arbeide en sa flokte as er wurch wie, om't hja him nearne ta helpe koe, net iens ta it melken fan harren iene kou. Hja helle him in apel en gong fierder.
- Mem is al lang wei en heit nou fiif jier. Ik bin suver hast bang fan 'e minsken, hwant hwa soe hjir komme efter de feansompe en de heide? En soms, witstou, dan bin ik