Op beide plakken wurdt dus hwat neamd dat de foarkar frjemd makket, mar ek eat oanjown dat dy foarkar bigryplik meitsje wol. Beide kearen wurdt hwat neamd dat de dichter Slauerhoff en my tichter byinoar bringe kin. Mar wy wolle der hwat djipper op yngean as yn dizze pear rigels barre koe.
As earste dat ús neiinoar ta bringt wol ik dan neame ús beider Fries-wêzen. Dat wol sizze: myn Fryskens sil my wol net ûtstriden wurde, mar mei Slauerhoff is it hwat in oar gefal. Hy wie to Ljouwert berne, mar wie er in Fries fan bistean? Dêroer kin ûngelyk tocht wurde. Wadman sels giet dêr wiidweidich op yn yn syn artikel ‘Rimbaud fan Ljouwert’ yn it Slauerhoff-nûmer fan De Tsjerne (jiergong 1). Hy lit dêr yn sjen dat Slauerhoff like min yn Fryslân libje koe as yn it oare Nederlân en dat Fryslân ek mei biflapt wurde moat ûnder syn ôfkear fan ‘Holland op zijn....’ Fierder komt Wadman mei in rige fan foarbylden hoe't it to binnen bringen fan Fryslân by Slauerhoff jimmer biselskippe is fan reinige loften en wiete, skrouske lânnen. It Ljouwerter tsjerkhôf oan de Spanjaerdsleane wie him it symboal fan dat wiete tryste Fryslân.
Mar ik bin bang dat Wadman hjir tofolle ôfgoun is op in útlitting fan de Grinzer dichter Hendrik de Vries, dy't alheel mei ûnrjocht praet fan dat ‘lage, drassige kerkhof bij Leeuwarden’, dêr't Slauerhoff him mei nei ta nomd hie. Dêr moat ik útdruklik tsjin op komme. Dit tsjerkhôf, dat nou al lang net mear brûkt wurdt, is yndertiid oanlein op it hege terrein fan de terp Fiswerd en is nou wol in aerdich parkje mei flinke beammen. Yn de tiid fan Slauerhoff sil it wol sahwat it ienichste parkje fan Ljouwert west ha en him oanlutsen hawwe as rêstich, goed biskade plak.
De einkonklúzje dêr't Wadman ta komt is hwat wifkjend, mar it positive wint it dochs fan it negative. Hy seit:
‘Hy wie net ien fan uzen. En dochs ek wol wer. Wy hawwe allinne net it rjocht om him foar de Fryske litteratuer op to easkjen. Mar Fryslân is méar as syn litteratuer allinnich. En yn it hert fan Fryslân heart foar him in plak to wêzen, lyk as ek yn syn hert in exklusyf plakje foar Fryslân biwarre bleaun is, wy meije wol oannimme ont syn lêste sike ta.’
Ik soe der noch op wize wolle dat de gedichten fan Slauerhoff, hwer hwat fan Fryslân yn sit, ta de moaiste bihearre. Ik neam ‘Pastorale’ en ‘De Gouvernante’ út