| |
| |
| |
Sjoerd van der Schaaf:
De anarchist.
Dit is in forhael en gjin politike skôging; it hie ek hiel oars hjitte kinnen, mar it giet der op 't lêst mar om hwat der yn stiet, net hwat der boppe stiet. Lyk as elkenien wit, is it tsjintwurdich in tiid fan seedlik forfal. Sjocht men bygelyks, hwat soarte fan folk langer boargemaster wurdt, dan bigrypt elkenien, dat it fier mis is. Hwer giet it hinne? Foarhinne, lit ús sizze yn de tweintiger jierren, wiene alle boargemasters sa tige tsjin de revolúsje en de nijljochterij, dat Fryslân wie in stins fan rêst en oarder. As doe sa'n sosialist of anarchist of anti-militarist of in oare steatsfijân spriek, wie der altyd wol in fjildwachter, dy't nei him harke en in relaeske skreau foar de boargemaster; en de boargemaster lies it en plichte it mei in hertlik wurdtsje troch to stjûren nei de Kommissaris yn Ljouwert; en faeks hat dy it ek wol wer mei in hertlik wurdtsje trochstjûrd nei it departemint; sa waerd it gefaer op de foet folge, sa koe der neat slims barre. Oeral hie de oerheit har each en ear, en de oerheit wie ienriedich. Tsjin de revolúsje! Tsjintwurdich is fan dy goede geast neat mear oer. De boargemasters binne o sa sosiael en op syn moaist sosialist; sa rint it stadich op 'e non.
Mar dit is in forhael en gjin politike skôging; it hat allinne hwat mei de polityk to meitsjen. It giet oer in Klynstra, gjin fornaem hear. De man moast ûnder tsjinst yn 1917 of 1918, mar hy forpofte it! Syn gewisse forbea it him, sei hy, en hwat soe sa'n jonge knaep nou fan in gewisse ôfwitte? Foar it rjocht sei hy, dat hy immen wie fan gjin man en gjin sint foar it militarisme. Nou, hy siet gau yn 'e bak, in moai skoft. In anarchist fansels. Doe't er frijkaem, hie er in swart burd, it like nearne nei. Syn oanhingers namen him mei nei gearkomsten, en dêr waerd him tasongen: ‘Ik wil geen broedermoord, ik word geen soldaat!’ In wurdmannich sizze moast er ek, mar dêr kaem, net folle fan op 'e hispel, hy koe it net. It wie in jongkeardel mei in hwat geizige troanje, dêr't it burd nuveraerdich by ôfstiek; de eagen wiene lyts en loebeseftich en leine djip. Dat wie dan de tsjinstwegerder Klynstra, gjin man en gjin sint, ha ha; en by eltse gearkomste siet in polysjeman foar in relaeske; hja hiene dat folk doe yn 'e rekken.
| |
| |
Doe't dat spul hwat útraesd wie, sakken de sprekkers wer ôf nei Amsterdam of de oare lawaei-stêdden, dêr't hja weikamen, en Klynstra liet him syn burd ôfskeare, hwant dat koe fansels gjin kant út, en fordwoun ek earne hinne. Dochs wie syn rol noch net hielendal útspile, en dêr giet nou dit forhael oer.
Om it fierdersoan to bigripen, is it nedich dat boargemaster Bouma thoe Roorda ynfierd wurdt, in aedlik man mei in bûntkraech, net sosiael en bileaven net sosialistysk. Der waerd fan him sein, dat syn oplieding mar foech west hie en syn forstân net oerhâldde; mar hy wist alteast, hwat de revolúsje wie, hy hie al dat reade folk yn 'e rekken: de ûnderwizers, in inkelde dominy (dat bigoun doe al) en hwat der al sa mear mei bitize idéen omswalke. Hy koe se allegearre; se stiene yn syn boekje en sieten yn syn holle. It wie oars wol in aerdige en floate man, dizze jonker Bouma thoe Roorda, op 'e soasieteit spile hy net swak by en hy wie biskermhear fan de muzykforiening ‘Nim it sa't is’. Fierders wie er frijhwat in jager.
Dit type stjert út; faeks is ít al útstoarn, en dat is in greate forearming. De mannen mei bûntkragen, de hearejagers, hja wiene in boppelaech, dy't Fryslân hwat glâns en hwat gloarje joech. Byhwannear't der oan 'e iene kant tajown wurde moast, dat der frijhwat roppers en revolúsjekraeijers út dit lânsdiel kamen, dan koe der oan de oare kant daliks sein wurde: harkris, dêrre sit ek in stik bitroubere adel, lju mei greate en forneamde nammen. Dat wie doe noch mooglik. Sa'n Bouma thoe Roorda wie foarbiskikt foar it boargemastersamt, ien dy't boppe de massa útstiek, in jonker, in jager. By sokken hiene de anarchisten en de nihilisten gjin kâns, by sokken wie de goede âlde oarder feilich. En as ‘Nim it sa't is’ jild tokoart kaem, dan helle hy de portefúlje út de binnebûse en suvere it oan. Samar, súnder praetsjes en sûnder kwitânsje. Sjoch, dat wie styl. Och, hwat is de tsjintwurdige tiid dan earm.
Boargemaster Bouma thoe Roorda skeat meast kninen. Dat bitsjut net, dat er nea ris mei in hazze thúskaem, mar hazzen binne moai seldsum en kninen net. Hy hie jachtrjochten op in gebiet mei hwat bosk en in soad beamwâllen. Oan dat gebiet grinzen de lytse spultsjes fan in mannich wâldboeren; earmtlik en skrael, hwant de kunstdong kaem noch mar krekt op en it hie dêr foarhinne alles heide west. Dy kninen frieten noch al hwat, binammen fan 'e wâld- | |
| |
boeren; en de wâldboeren hiene it dan ek net op dy bisten stean. Boargemaster Bouma thoe Roorda koe harren nea genôch sjutte; mar dizze jager woe hwat to sjutten hâlde, hoe mear hoe leaver.
Sa kaem it, dat de boargemaster gjin freon wie fan dy boeren. Hy fortocht der harren fan, dat hja mei strûpen en hwa wit forbeane wapens, yn syn kninen oan it moardzjen wiene, en dat koe syn earlik jagershert net forneare. Hy sette dêrom in jachtopsjenner midden tusken harren yn, en dat holp wol hwat, mar makke ek, dat der in ivige steat fan oarloch hearske. Wâldboeren sjogge fakentiden net folle fierder as harren skrael lân. Hja bigripe net, dat in goede maetskippij net sûnder hearen kin. En hearen hearre jagers to wêzen. Fierders is it maklik: gjin jagers sûnder kninen, gjin kninen sûnder fretten. Faeks kin der bysein wurde; gjin fretten sûnder wâldboeren; it spitige is allinne, dat wâldboeren altyd wegere hawwe om yn to sjen, dat harren nut en bisteansrjocht foar in great part leit yn it bouwen fan kninefretten. Der sit ûnder dat naesje in stik anarchisme.
Fan de striid tusken de jachtopsjenner en de boeren kaem nea net folle oan it ljocht. Foarhinne wiene ek de kantonrjochters treflike minsken; hja stipen de krêften fan oarder en rêst en diene harren wurk, sûnder dat de bûtewrâld der in soad fan fornaem. Der kaem wol alle wiken in list yn de krante fan de founissen, mar dêr stiene allinne mar letters yn, gjin nammen. En doe't op in kear in K. twa wike krige hie om't er tsjin de Jachtwet yngien wie, wiene der net folle, dy't dat liezen, en noch minder dy't wisten hwa't K. wie. Allinne by de skearbaes kamen wolris forhalen los, hwant dy hie de wâldboeren út en troch oer de flier fan syn salon. De skearbaes wist wol, hoe't de wâldboeren oer de jachtopsjenner tochten en hoe't hja him dochs noch wolris to snoad ôf wiene. Jachtopsjenners en kninen, it greatste túch dat der bistie, ornearren hja. Hja arbeiden in stikhinne foar dy gnaubisten, dy't it gers frieten en de skrale rogge; en dêr't se pissen, woechs yn tiden neat mear. De skearbaes lykwols fortelde der net folle fan oer. Hy wist hwa't K. wie, mar hie, foarsafier't it de striid tusken jonker-jager-boargemaster en de boeren oangyng, in soarte fan amtsgeheim.
De jachtopsjenner stie heech yn 'e gunst fan de boargemaster. En doe't de man fiif en tweintich jier troud wie,
| |
| |
krige de muzykforiening ‘Nim it sa't is’ in wink fan de biskermhear, him in serenade to bringen. De mannen soene it goed ha, waerd der to witten dien. It moat sein wurde, dat de muzikanten der net safolle smjocht op hiene. Dy stille, dy rotfint, seine somliken. It doogde einliken al net hielendal mear ûnder harren. It respekt wie der in bytsje út. De foarsitter achte lykwols, dat hja wolris hwat weromdwaen mochten foar it jild, dat hja hieltyd wer krigen. Bilêstingamtners en stillen binne nou ienris net populair, sei er, mar hja dienen op 't lêst net oars as harren plicht. Der waerd noch hwat tsjinaksele, mar hja bigriepen wol, der net foar wei to kinnen.
Sa sette op in Sneontomiddei de ploech it fytspaed efter de buorren del. Nêst it fytspaed wie in reed foar de boereweinen, hwant hja gyngen de boerestreek op, dêr't hja oars net folle kamen. Dêr leine de lytse spultsjes, it iene nei it oare, kilometers efter mekoarren; heide wie der út en troch ek noch, en fierder eftertút wie de grins tusken de grienlânnen en it boskeguod. Né, hjir wiene de muzikanten net sa goed bikend; en doe't der by in pleatske in pear mannen op it paed stiene dy't seine, dat hja dêr wêze moasten, woe it harren wol oan. Hja soalden de fytsen yn de wâl en bigounen in mars to spyljen. Der kamen hwat troanjes foar de ruten, en der waerd wiuwd oer de gerdinen. Dy jachtopsjenner wenne hjir net raer, achten de leden fan ‘Nim it sa't is’; in pear bistkes moast er ek op hawwe. Al to faek hearden se hjir grif gjin muzyk, hwant fan alle kanten setten de minsken op, forheard en laitsjend. Dy stille wie dan dochs blykber mear yn de gunst as der wolris sein waerd.
Immen út it publyk frege doe, oft de muzikanten it Limboarchsk folksliet spylje woene; dêr hâldden se dêrre sa fan. Dêr hie ‘Nim it sa't is’ net op rekkene; der wie gjin muzyk fan, mar de direkteur ornearre, hja koene it wol út de holle spylje. Hie hy hwat yn de rekken? It wie hwat in frijfochten man, lyk as dat ûnder artysten mear foarkomt. En leau mar, dat der ûnder de muzikanten ek wol guon wiene, dy't hwat bigriepen en mar leaver neat skine lieten. Hwant it forfal fan de seden is net as in tongerslach komd. It wie der doe ek al, sa'n tritich jier lyn, it friet al troch, alhoewol't der nei bûtenút net folle fan bliek. De muzikanten spilen it Limboarchsk folksliet. Hja haffelen der hwat yn om, binammen de lju mei de greate ynstruminten, mar
| |
| |
de pystons rêdden it der troch en it refrein: daar is mijn vaderland, Limburgs dierbaar oord, kaem der mar danige goed út. En sjoch, in man kaem batendoar, immen mei in geizige troanje en lytse loebeseftige eagen; hy swaeide mei de pet en rôp: ‘Tankjewol freonen, tankjewol; de dea oan de stillen en gjin man en gjin sint foar it militarisme’.
Dy man wie net de jachtopsjenner, fansels net, it wie K., it wie Klynstra. Somliken ûnder de muzikanten koene him der fansels wol fan. Hja wisten net hwat hja der oan hiene, alteast, sa bearden hja; mar der barnden falske ljochtsjes yn de eagen fan de direkteur. En dy tsiiskeapman, altyd ûnderweis, en dy krudenier, en dy manufakturier, dy't sa faek mei it pak der op út wie, soene hja neat witten hawwe? Yn alle gefallen hâldden se harren dom. En op dat stuit kaem der in jongkeardel oanjeijen op in fyts, roepend: ‘Minsken, jimme binne forkeard, jimme hawwe spile foar in re-si-di-vist’. Residivist, sei hy; hoe't sa'n jonge dat slimme wurd koe? Hy sei der noch hwat efteroan. ‘Dy man, dy Klynstra, is fan 'e moarn út it tichthús thúskomd. Streuperij; en in tsjinstwegerder is it ek. Dor ha jimme foar spile. It is in skande.’
Ut it publyk klonken brutale stimmen. Der waerd roppen: ‘Hâld de bek, snotnoas!’ en mear fan dat moais. En, as wie it ôfpraet, waerd der ynienen yn 'e hannen klapt, lyk as ‘Nim it sa't is’ it op de bêste útfiering nea meimakke hie. En dit kin nimmen tsjinsprekke: de direkteur bûgde. Hy sei der daliks efteroan: ‘Dames en hearen, it wie in misbigryp.’ Mar dat makke doe net folle yndruk mear.
In bytsje forbjustere setten de muzikanten doe ôf nei de jubilaris. Mar dat wie mis. Dy kaem it häs út mei in offisiële troanje en sei: ‘It kin net mear trochgean. Jimme binne to fier gien. Jimme hawwe spile: Ik wil geen broedermoord, ik word geen soldaat. Dat is tsjin wet en oarder, dat is revolúsje. It muoit my, alles stie hjir ré foar jimme; mar ik moat jimme forsykje, mar wer fuort to gean.’
Sa biskaefd as de man spriek; as lies er in proses-ferbael op. In proses-ferbael hoegde er lykwols net mear to meitsjen, hwant de boargemaster siet by him yn 'e keamer, breinroer. Dat wie nou syn muzykkorps; as dat de Kommissaris yn Ljouwert ris hearde! Hy hie de opsjenner fansels de birette en treflike wurden foarsein. Foar de oarder en tsjin de revolúsje; hwat koe dy man oars dwaen? De direkteur sei wakker sneu: ‘Wy ha spile: Limburg, mijn
| |
| |
vaderland’. Doe earst krigen somlike muzikanten yn 'e rekken, dat it Limboarchsk folksliet en Ik wil geen broedermoord deselde wize hiene. Hwat in forsin, hwat in flater!
Wie it in forsin? As it sa wie, dan hiene hja dat dúdlik sizze moatten, dan hiene hja ekskús freegje moatten, dan hiene hja tsjûgje moatten, de revolúsje fier to forsmiten. Dat diene hja net. Hja setten ôf. Underwejs nei hûs krigen hja earst wurden, mar mei gauwens waerden hja it wer iens. Hja seine, hja woene harren net tjirgje om sa'n stille polysje, sa'n koddebeijer, sa'n fint dy't hazzen en kninen bilangriker achte as minsken. Dat stie harren net sa moai, en it biwiist al wer, dat it mei dizze hearen net folslein doogde. En sels, doe't der dyselde jouns noch in briefke kaem fan Jonker Bouma thoe Roorda, dat hy op stel en sprong ophâldde, biskermhear to wêzen fan sa'n skandalich korps, wie dat net fan dy gefolgen, dat ‘Nim it sa't is’ útmekoarren spatte. De foriening bistiet noch nei safolle jierren; en der is al lang in oare boargemaster, in nijljochter, dy't gjin biskermhear is, mar soarge hat dat ‘Nim it sa't is’ subsydzje kriget. Subsydzje, ha ha, royael op oarmans kosten. Yn sa'n tiid libje wy nou, en as der letter ris neigien wurdt hoe't it komd is, dat de maetskippij ûndergien is, dan kin dit forhael faeks tsjinje ta kultuer-histoaryske yllustraesje.
|
|