De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 257] [p. 257] Marten Sikkema: 1955 Hja sizze, Hear, dat jo net mear bisteane, De minsken ha 't nou sels wol yn 'e macht En stjûrden jo oerstallich út 'e leane, Hwant doe't jo hearsken wie it hjir noch nacht. De slûge foarfaers brûkten jo ta wacht Tsjin eigen wanbigryp en twiivlichheden. Nou spriedt de wittenskip it klearste ljacht En binne wy jo wier net mear fanneden. Lykwols, hwannear't wy om ús hinne sjogge, Dan giet ús alles boppe 't lyts forstân: Hoe't blommen blinke en hoe't fûgels tsjogge, De bergen en de fjorden en it strân, De wûndre pracht fan 't iepne Fryske lân - Dan kin gjin witnis 't herte ús bilêze: Sok kunstwurk draecht de tekens fan jins hân, Fan soks kinn' inkeld jo de skepper wêze! Hoe is jins skepping dan sa slim forfallen Fan kwea ta kweader, dat fan hjoed op moarn Wy baerne, rôvje, moardzje mei syn allen En alle dagen krusigje jins Soan? De minsken hawwe 't yn 'e groun bidoarn, Hoe koene jo dat sa gewurde litte? Faeks binne jo fan ergewaesje stoarn En litte ús mei d' eigne brokken sitte? Jo hawwe sjoen hwat minsken minsken diene Mei brânbom en brisantbom en mei 't gas, Om't guon hwat oare idéalen hiene Of om't hja wiene fan it oare ras. Ek 't wapen fan 'e honger kaem fan pas, Dat kin de sterkste strider net forneare, En d' ien syn lijen spekke d' oar syn kas Of joech him macht of hege steat of eare. [pagina 258] [p. 258] De âffaers, dy't it helder ynsjoch misten, De heidens, oer hwaens siel in ûngod gie, Bidreaune 't kwea om't hja sa goed net wisten, Hja mienden soms noch, 't wie in hill'ge die. Mar wy bidriuwe oanslach en forrie By 't fol forstân, wy witte hwat wy wolle, Wy struije oer jins ierde 't giftich sie En hwat wy rispje is ús likefolle. Hwannear't jo lykwols noch bisteane, Heare, Kear dan jins skepping wer it antlit ta, Lit dan ús dwaen en litten jo wer deare, Al wie 't om de rjochtfeardgen trije-twa Dy't op jins ierde faeks noch wensté ha Of om de bern dy't bliid jins wegen geane: Dy ha 't bitrouwen jit, dy sjonge sa Om't hja noch neat fan wittenskip forsteane. Prins God, as jo noch foech haww' oer ús sielen, Wjerhâld ús dan fan 't alderlêste kwea: Wy hawwe leard de ienheit yn syn dielen Foargoed to splissen, mar forgun 't ús nea. 't Wie foar jins kosmos mar in lytse skea, Mar blom en bern en fûgel kinn' net sûnder Har brokje wrâld, har eigen stikje gea. Prins God, wy hoopje op jins greatste wûnder! Vorige Volgende