neat witte; hy hat de skuld op him nommen en sil dy drage, en hy draecht der jitte de lêst by fan it noodlot, dat er oer Charlotte brocht hat.
Ik fortel dit hjir wakker skematysk, mar sa hat Terpstra it fansels net yn de trije bidriuwen fan syn stik efterelkoar rinne litten. It bigjint mei de tiid, dat Frâns Hamringa al tsien jier yn it kamp sitten hat, en by flitsen sjocht men dan it forline wer opdûken. De skriuwer hat dat net yn petearen of monologen dien, mar him hjir bitsjinne fan it toaniel ûnder oare biljochting, de ‘flash back’; by dit ljocht siket er it spoar tobek.
Sa't men sjocht, in nijsgjirrich stik mei in net deistige problematyk, dêr't by in bilibbe opfiering hiel hwat fan to meitsjen is.
Ien ding is spitich; de problematyk komt mear yn it formidden to stean as de persoanen, dêr't dochs it toaniel it foar in great part fan hawwe moat. Ik wurd wol wiis hwat de swierrichheit fan dizze minsken is, mar de minsken sels komme my net deunernôch by. Foar in part leit dat oan 'e dialooch, dy't to evenredich is en tomin dynamyske fariaesjes jowt. Alle persoanen sprekke yn in soarte fan biskaefde reportaezjestyl, dy't faeks yn 'e mûlen fan 'e spylders wol hwat forbrutsen wurde kin, mar dy't dochs it hiele stik to igael bliuwe lit; der binne to min staccato's, to min koartslutingen om it forrin net allinne nei tinke, mar ek nei libje to kinnen.
Gâns Friezen binne my to rûch yn 'e mûle; Terpstra is jen fan dy seldsume lju, dy't ik wol jerne hwat ûnbisnoeider hawwe woe. Hwant dat er hwat kin, en dat binammen it Fryske toaniel noch hwat fan him to wachtsjen hat stiet tinkt my net yn 'e kiif.
FEDDE SCHURER.