korrupsje útbylde wurdt mei in moed en earlikheit, dy't jin suver forbjusteret. Dy ûnbitinge selskrityk foar it foarum fan de wrâld, dat is ek Amearika. En in folk, dat soks oandoart, fortsjinnet noch altyd in Frijheitsbyld. As men sokke ûntdekkende dokuminten ek ris to sjen krige efter it izeren gerdyn en de muorren fan it Kremlin wei, oer it drama-Beria bygelyks, of oer it lot fan de Baltyske folken, of oer de Sibearyske konsintraesjekampen, dan wiene wy in aerdige stap tichter by it doel fan in biwenbere planeet.
It New-Yorker havenbidriuw, fortelt dizze film, hat tiden lang stien ûnder de terreur fan in lytse troep swankebasten, dy't de reders likegoed as de arbeiders yn de bisnijing hiene. Under de falske flagge fan fakbounlieders wiene hja de ‘promotors’, dy't, foaral yn krisisjierren, stiene tusken fraech en oanbod. Gjin arbeider krige wurk, dy't him net oanjoech by har registraesjekantoar en har gunsten net bitelle. Gjin skip waerd lost, as oan har bitingsten net foldien waerd. Tsjinakseljende reders waerden opslach straft mei in algemiene staking, de arbeiders stiene ûnder sa'n druk, dat it protest harren yn de kiel smoarde. In inkele moedige keardel, dy't klage of protestearre, waerd sûnder omtinken formoarde. Polysje en autoriteiten stiene foar de bline muorre fan in sletten mienskip.
Joey Doyle is sa'n arbeider, dy't mei publikaesje driget. Hy wurdt, en dêr bigjint de film mei, ienfâldich fan it dak smiten. De haedpersoan yn dit filmdrama, Terry Malloy, in eks-bokser en in hwat ûnnoazele jonge, is der ynroun en min ofte mear mandélich oan de moart. Hy réagearret sleau, hy wol of kin him syn omstannichheden net réalisearje, syn devys is: swije en net tinke. Syn broer Charlie is in hantlanger fan John Friendly, de lieder fan de gangsters, dy't ek Terry mei syn machtige fûsten en syn biheind forstân as ark brûke wol.
De stien komt lykwols oan it rôljen. Terry komt yn de kunde mei Edy Doyle, in suster fan de formoarde man, dy't alles op alles set om de moardners fan har broer to finen. Hja is in ienfâldich reslút fanke mei in ûntwapenjende charme en kriget in greate macht oer Terry. Ek Father Barry, in moedige pastoar, dy't yn Kristus' namme de arbeiders omseamet en opropt ta bikentenis en forset, bringt Terry oan it wifkjen. Der wurdt in twadde arbeider foar syn eagen formoarde en dan wurdt Terry foargoed wekker. Hy fortelt, earst oan Father Barry en dan ek oan Edy alles hwat er wit, ek syn eigen oandiel oan de earste moart. Charlie kriget de opdracht, him dea to sjitten, mar kin dat net dwaen en wurdt dan sels ophongen. As Terry syn deade broer fynt, lôget er op yn in gleone grime. Foar de misdiedkommisje is er kroantsjûge tsjin Friendly en by de haven húnt en ferget er de tiran yn 't publyk. Nei in bluodrige fjochtpartij komme de arbeiders yn opstân en oan de ein fan de film stiet Friendly, ûntmaskere, allinne mei syn wraeksucht.
Dit wrede forhael, dat alle eleminten fan in thriller hat, mar dêr yn strekking en struktuer fier boppe út komt, bifrediget as soasiael drama net alhiel. Der bliuwe inkele bilangrike fragen sûnder antwurd. De machteleazens fan de reders en polysje tsjin in lytse ploech dogeneaten bliuwt dizenich. Dat Friendly nei oanklacht en biwiis net opsletten wurdt, bigrypt men net, al suggerearre de film,