| |
| |
| |
H.T.J. Miedema:
In Frisicus oer in Frisiast ut de walden.
Anne Wadman syn dissertaesje hat as titel Hjerre Gjerrits van der Veen, libbensgong fan in skoalmaster. Hjir wol de skriuwer mei sizze dat Van der Veen himsels binammen in folksopfieder field hat. De ynboune hannelsútjefte hat as titel In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden. Libbensgong fan Hjerre Gjerrits van der Veen. Dat hâldt forbân mei syn forskining yn de Wâlde-rige fan de Fryske Akademy. Men soe jin ôffreegje kinne yn hoefier dy lokale oantsjutting yn de titel forantwurde is. Wadman bigjint it suver biografyske diel fan syn boek yn Grou, Van der Veen's berteplak, it ‘faek bisongen ierdrykskundich middelpunt fan Fryslân, berte- en wenplak fan gâns in rige Fryske skriuwers’. Hy sjocht Van der Veen ‘yn it skaed fan de Halbertsma's’.
It soe nijsgjirrich wêze en sjoch Grou ris as in sintrum foar de Fryske biweging en skriftekennisse. Giet men nei hwer't de measte ‘bodders yn de Fryske striid’ weikomme, dan sil dat yn de foarige ieu foaral it gebiet tusken It Bildt, Makkum en Grou wêze en dernêst ek de hoeke om Dokkum hinne, oant Drachten ta. Skriuwers út de Súdwesthoeke en de súdlike Wâlden wiene wol útsûnderingen. Frjentsjer wie de stêd fan Wassenbergh en syn leerlingen, dy't binammen Gysbert Japiks nei foaren hellen. De Boalserter dichters Salverda en Windsma hearre dêr fansels by. Har stavering is dy fan Gysbert, wylst dy fan de Iduna-mannen op it Aldfrysk werom gyng. Ljouwert mei men it sintrum fan de Iduna-romantyk neame, al wenne Harmen Sytstra dêr net. Grou is binammen bikend as berteplak fan de trije bruorren Halbertsma en fan Joast syn Amsterdamske learmaster prof. Koopmans. Hja binne dêr noch yn de achttsjinde ieu to wrâld kommen, lykas ek Wopke de Jong, dy't mar in pear jier jonger wie as Eeltsje Halbertsma.
Hjerre Gjerrits is dêr yn 1816 berne en de freonen Auke Boonemmer en Jentsje Sytema yn de tweintiger jierren. Fierder kin Grou wize û.o. op Tsjalling Eeltsjes Halbertsma, Sikke Koldyk en Rixt, wylst Wielsma en Schepers ek Grouster dichters neamd wurde meije, al binne se net berne yn it âlde doarp. Ek nou noch hawwe forskate Grousters in
| |
| |
wichtich plak yn de Fryske biweging. Wol men witte hoe't it komt dat it doarp safolle Fryske figueren oplevere hat, dan moat men grif alderearst oan de ynfloed fan de Halbertsma's tinke. Dy hat by Van der Veen net swak byspile, dat komt klear út by Wadman syn ûndersyk. Dochs kin men him better in Wâldtsjer as in Grouster neame. De Van der Veen's komme fan Oerterp. Ek hat master Hjerre - ‘in typyske lânrôt’, seit Wadman - him letter altyd in Dokkumerwâldtsjer field ‘op it patriottyske ôf’.
Oan de Grouster skoalle is er kwekeling wurden, al soe er earst ta dominy leare. Dêr hat er Auke Boonemmer noch as learling hawn en dêrwei hat er wit hoe faek nei in mastersplak sollisitearre. Pas yn 1842, dus 26 jier âld, slagge er nei Dunegea, net fier fan de Tsjûkemar, en fiif jier letter komt er to Driezum, dêr't er bliuwe sil oan syn pinsioen ta, 35 jier lang. Doe't de Driezumer skoalle ‘forsongen’ waerd, hat er dy krige troch de ynfloed fan de grytman fan Dantumadiel, in baron Van Sytzama, omkesizzer fan de Van Sytzama dy't grytman fan Idaerderadiel en gouverneur fan Fryslân west hat. De skoalopsjenner lykwols, Ds Nieubuur Ferf, wie it der net mei iens, mar Van Sytzama hat de bineaming trochset.
Ds Ferf waerd doe Van der Veen syn fijân, tominsten as er it noch net wie, hwant master hie yn Dunegea al in toanielskets op rym skreaun, dy't in skerpe parody wie fan de skoalleforsjongerij, sa't de forgelykjende eksamens neamd waerden, en dat hat de skoalleopsjenner grif net ûnbikend west. It wie it twade Fryske toanielstik fan de 19de ieu, mar it is nea opfierd. Yn Dunegea hie master ek inkelde bondeltsjes rymkes en lietsjes útjown. Binammen It Swealtsje is der noch fan bikend. Yn Driezuur waerd er lid fan it Damwâldster Nut, dêr't de baron - doe in tritiger lykas Van der Veen - oprjochter en earste foarsitter fan wie. Master hat der moai faek sprutsen en foardroegen, ek yn it Frysk. Letter waerd er lid fan it Ald Selskip - doe pas inkelde jierren âld - en skreau yn Iduna en Swanneblommen. Sytstra hie it oars net op him stean. Hja wiene wol hiel forskillende typen.
Yn it earst fan 1851 forstoar to Grou syn beppe fan memme kant. Yn de hjitte hei stjûrde er doe in stikje nei de Kamper Courant: beppe har dea soe de skuld wêze fan har soan en syn frou, dy't har as in houn bihannele hiene. Dat stikje
| |
| |
brocht him yn de finzenis. Yn 1852 hat er in moanne sitten yn de Kânselarij to Ljouwert, dêr't er frijhwat skreaun hat. Twa jier letter is er troud; hy wie doe 38. Yn 1856 forskynde syn bêste wurk De Kaertlizzer. Hy fielde him lykwols gjin skriuwer, mar foar alles in ûnderwiisman. Dêrnêst hat er ien fan de foarmannen west yn it Frysk Selskip ‘Gysbert Japiks’ to Damwâld, oprjochte yn 1859. Syn rol dêr hat Wadman al yn 1951 oer skreaun yn dit tydskrift.
Yn dy tiid krige master spul mei de tsjerkfâdden, dat is mei Van Sytzama, oer it salaris. It wie it bigjin fan de fijânskip tusken master mei ‘syn nei it maniakale trochslaende sucht nei rjochtfeardichheit’ en de ‘sunichheitsapostel’ Van Sytzama - tagelyk boargemaster en tsjerkfâd - mei syn ‘bisunigingsmany’, alteast hwat de gemeente oangiet. Dy striid hat Van der Veen foaral fierd yn de liberale parse, binammen yn de Prov. Friesche Courant, de Friesche Courant en it Friesch Volksblad. Wadman hat alle stikjes, ek de anonime en dy ûnder pseudonym neisneupt en in pear haedstikken wijd oan dit stik Fryske parseskiednis. Van der Veen komt der lang net sympathyk foar wei. It waerd suver in partijstriid tusken de liberalen en de orthodoksen. Doe't de aksje loskaem foar de bysûndere skoalle, waerd dy stipe troch Van Sytzama, dy't foar de Driezumer skoalle gjin jild oer hie.
It waerd ek in godstsjinstoarloch: mei't gâns ‘Kristenen’ de taek fan de tsjerke, de godstsjinst en de leafde foar de meiminske forgeaten, waerd it lestich it wêzen fan de tsjerke noch to sjen yn de praktyk. Sa kaem it, dat mear as ien de godstsjinst los seach fan it Kristendom en bûtentsjerklik waerd, in ‘frij’ tinker. Foar sokken waerd it leauwe byleauwe en de ‘foarútgong’ soe beide fansiden skouwe. Sa seach ek Van der Veen it, as in man fan de liberaliteit en progressiviteit. Wadman, dy't him as filolooch alhiel by syn 19de-ieuske stoffe hâldt, kin it net litte en wiis yn in noat efkes op in oerienkomst tusken Stellingwerf syn demokratyske striid en hwat hjoeddeis de ‘trochbraek’ hjit. Yndied is der frijhwat bisibbens tusken liberalen fan doe en gâns sosialisten-humanisten fan nou, in warskôging foar de kristenen.
Ien fan Wadman syn stellingen wie dat pater Staverman yn syn dissertaesje oer de bûtentsjerklikheit yn Fryslân Multatuli's ynfloed op guon Fryske skriuwers to heech oan- | |
| |
slacht. Dat is mooglik. Dochs hat pater Staverman net iens wiisd op de greate bitsjutting fan Multatuli foar de jonge Piter Jelles en Jan Jelles Hof, dy't der yn har tinkskriften dúdlik op wize. Mar hwat Van der Veen oanbilanget hat Wadman wol gelyk. De oersetting fan Multatuli's Gebed van den Onwetende biwiist noch gjin Multatuli-forearing; dochs sil him grif mear oanlutsen hawwe as de moaije tael allinne. Faeks is der mear bisibbens yn karakter. Master syn koartdichten: de Clipsrymkes, yn Dunegea mear ûnder ynfloed fan Huijgens as fan Staring skreaun, mar binammen de kranterymkes: Utfallen fen Infallen en letter de Fiûrstienfunken bringe jin gauris de ritige skriuwer fan de Ideeën yn it sin, earder as De Génestet mei syn Leekedichtjes.
Mar wylst Multatuli sels ûntslach nommen hat, moast Van der Veen alle war dwaen om syn plak to hâlden: twa kear is er skorst. Yn 1867 in moanne, doe't er Van Sytzama by in bisyk oan de skoalle raer it mannewaer opsein hie en yn 1870 trije moanne, mei't er bern sûnder skoaljild yn de skoalle talitten hie. Troch in aksje fan Jansen, haedredakteur fan de FC, krige er lykwols in greater bidrach oan jeften as er oars oan salaris bande. It waerd in oerwinning foar Van der Veen, dy't nou ek in helpûnderwizer njonken him krige, dêr't er al jierren op oanstien hie. Dat yn 1875 de rie yn mearderheit liberael waerd, mei men ek wol in oerwinning foar Van der Veen neame. Syn greate tsjinstanner giet ôf as boargemaster, mar bliuwt syn fijân oan de dea ta, al wie it nou ‘as Riedslid-mei-in-sunich-heitskompleks’. As de rie bislút in gemeentehûs to bouwen yn Moarmwâld, wurdt Van der Veen konsierge, al docht Van Sytzama alle war om dat foar to kommen. Master giet mei pinsioen. Hy is dan 66 jier en wennet noch fiif jier as frij man to Moarmwâld, dêr't er yn 1887 hommels komt to forstjerren.
Wadman is it slagge en jow libben en wurk praktysk alhiel yn kronologyske folchoarder: de persoan bliuwt in ienheit, oars as by de biografen fan Gysbert Japiks, Joast en Eeltsje Halbertsma, Waling Dykstra en Colmjon. Dêrfoar moat der ek in biskate ienheit wêze tusken persoan en wurk. Dy is der by Van der Veen, lykas by Romein syn model Thorbecke: beide binne it ûnderwiismannen, dy't foaral oer politike saken skreaun hawwe. Faeks strykt
| |
| |
dêrom ek de yndieling yn perioaden, sa't Wadman dy oan de ein fan syn boek jowt. Minder ienfâldich is de ienheit fan persoan en wurk to finen en dus to biskriuwen by gelearden dy't har allinne op in tige biheind gebiet fan har fakwittenskip biweegd hawwe. Dan is der faeks mear foar to sizzen en jow earst it libben en dan yn in bibliografy in yngeand bisprek fan de wittenskiplike bitsjutting. Soks hat bgl. doel by Joast Halbertsma as taelman. Dat Wadman dy ienheit biwarre hat yn syn boek, liket my in tige prestaesje ta. De haedstikken oer Van der Veen syn ûnbidige journalistike aktiviteit bliuwe net allinne nijsgjirrich foar fakhistorici, mar hieltyd sjocht ek de gewoane lêzer de libbene persoan foar him.
De bitsjutting fan master Van der Veen as Frysk folksopfieder, dus as ‘bodder yn de Fryske striid’ of as ‘frisiast’, komt goed nei foaren. Mar ek sjocht Wadman him as de skriuwer fan ‘de earste Fryske roman’. Sa neamt er De Kaertlizzer, fan 1856, dy't er ek wol as in novelle oantsjut. Hwat is der fan wier? Der binne forskate definysjes fan roman en novelle. Measttiids tinkt men alderearst oan de omfang en dan moat men hjir fan in novelle prate: it gefaltsje hat wol in sechtich siden, mar is fan o sa'n lyts formaet. Sjocht men lykwols in novelle as ien, ienfâldich gefaltsje op himsels, dan hat De Kaertlizzer mear fan in roman, al liket it forhael, sa't Wadman der yn syn boek in gearfetting fan jowt, hiel simpel, simpeler as it is. Hy wiist der mei rjocht en reden op hoe nijsgjirrich de komposysje is troch it filmyske weromspringen yn de tiid, de flottens fan de dialoochfoarm en de seldsum knappe karaktertekening, wylst er al yn it bigjin fan syn boek inkelde treflike stikjes biskriuwingskunst sitearret. Yndied komt dat jin tige modern oan.
Hy wiist ek op in biswier: dat it sa gearstald yn elkoar sit dat de story pas nei in kearmennich lêzen trochsichtich wurdt. Dat is hjir lykwols wol sa slim dat it my in elemintair biswier liket om it in roman neame to meijen. Hwa't it forhael net ken en ek gjin gearfetting lêzen hat, stroffelet al op de earste side: in toanieldialooch tusken in Wytske en in Gatske, dy't oer harsels praet, doe't se op De Lemmer wie mei Beeuw Fet, oer Rouke ûnder de soldaterij, oer harsels op de Jouwer by Man Haits, oer Auke en syn gemienskip mei Wytske, oer in ‘hja’, dy't dêroer praet hat. Dit wurdt sein binnen it bistek fan in goede tsien rigels,
| |
| |
wylst efkes letter noch sprake is fan ús Tryn, dy't har de kaert ek lizze litten hat by Tsjipke-en-har's fan Man Haits. Sa'n opneaming fan persoanen mei inkelde plaknammen jowt gjin spanning of niget, mar krekt oarsom in bigryplike argewaesje oer dy ûnbigryplikens. Der wurdt sein dat it dan 1843 is en in pear siden wurdt de dialooch ûnderbrutsen fan in treflik stikje forbinend proaza: Rouke Speul en Gatske Flut wenje oan de noardwestlike igge fan de Tsjûkemar. Gatske praet mei har kameraetske, dy't húshâldster is by de skoalmaster. As ‘hja’ foarby is - de kaertlizzer moat bidoeld wêze - hawwe hja it oer Rouke syn ûnleauwigens en yn dizze fuortsette dialooch wurde noch in stik as seis nije nammen neamd, dy't it gefal net dúdliker meitsje.
Yn it bigjin is ek sein, Rouke soe ûnforwachts komme to stjerren en Gatske soe boerinne wurde, mar it is tige de fraech oft de lêzer dat fuort wol allegear neikomme koe en kombinearret mei it feit dat oan de ein fan it earste haedstik nei foaren komt, t.w. dat Gatske great is mei Tsjipke, dy't in slim sike frou hat. De oare seis haedstikjes - inkelde hawwe mar fiif siden - spylje earder en letter as it earste en meast op oare plakken. Guon fan de neamde persoanen komme der noch yn foar, gauris sûnder namme, mar op oare wize dizich oantsjut, de measten net. De greatste helte fan it boekje is yn toanieldialooch skreaun. Hie der ek in list fan de dramatis personae foarop stien, dan wie it boekje faeks in sukses wurden. Nou is it in faken sinister forhael, lykwols yn haedsaek tsjuster troch de nuvere opset fan de skriuwer. Oan Tiede Dykstra skreau er: it moast oan de ein ta tsjuster bliuwe. Sadwaende wurdt it noch ris lêzen. Hy hat tofolle easke fan de lêzers en dat is spitich foar de nijsgjirrige yntrige dy't er alhiel út de folksmûle opheind hat. Wadman hat alle haedpersoanen identifisearre. Mei't it boekje praktysk ûnlêsber wurden is, kin men al min fan de earste Fryske roman prate. Dat is tofolle sein. Ik soe my leaver hâlde oan ‘romantsje’, sa't Hjerre Gjerrits sels skreau, in roman yn oanliz. Foar in novelle is it net ienfâldigernôch.
De Kaertlizzer bliuwt lykwols syn bêste wurk. Syn lyryk hat der measttiids gjin hânwetter by: ‘Tusken de lyryske Muze en har Driezumer frijer hat net folle oars west as ien oanhâldend misforstân’, seit Wadman. Allinne in inkeld koartdicht kipt derút. Van der Veen syn bitsjutting
| |
| |
leit binammen yn syn wurk as Frysk en ‘liberael’ folksopfieder: yn syn skoalmasterwêzen, syn journalistyk en syn poëzy en proaza. Sa sjogge wy yn him de ‘frisiast’ by útstek, sa't Van Loon him neamd hat nei syn dea: de folksman en de strider foar in rjocht en sljocht libben neffens eigen Frysk aerd. It komt jin hwat komysk oan as er de mosk de stânfries ûnder de fûgels achtet, mar dit symboal wie him tinken. Syn idéën en syn rjocht hat er fûl fordigene. Faek tocht er yn fêste skema's en seach dan de forhâldingen net krekt mear: syn many hat him dan yn de macht. Syn freonskip foar de a.r. Viersen en syn earbied foar Ds Viëtor soene him leard hawwe moatte dat der gjin kleau hoecht to wêzen tusken tsjerkelear en godstsjinst.
Bitiden liket er suver in kwerulant, dat nammers ek wol ris foar de baron jildt. Mar wylst dy syn woldiedigens birekkening is, hat Van der Veen mear as ienris positive oplossingen socht en foun foar de ellinde fan de earmen: yn 1868 organisearret er yn de Westerein in Nutsreapdraeijerij as wurkforskaffing, yn 1880 in matteweefskoalle fan it Damwâldster Nut.
Anne Wadman syn stúdzje oer dizze skoalmaster - gjin greate figuer - lit àl de greate bitsjutting útkomme dy't de skoalmaster doe hie. Yn in noat wiist er derop dat fan de Fryske skriuwers in 55% en fan de ‘bodders yn de Fryske striid’ in goede 36% skoalmaster wie. Neffens syn methoade haw ik yn de Grinslanner karlêzing Laandjebloumen fan 1925 ûnder de 44 skriuwers it persintaezje skoalmasters neigien en kaem op goed 52 pst; 23 stie fan oanjown dat se ûnderwizer(es) wiene, de oare 21 wie net altyd it birop by neamd. Grinslân en Fryslân ûntrinne elkoar dus net sa fier, al hie men neffens de sifers fan dr Kok syn Onderscheiden-Ongescheiden dochs mear skoalmasters ûnder de frisiasten forwachte as ûnder de Grinslanner skriuwers. Faeks wurdt dit mei de nije wetjowing better.
Dat Wadman hjirop komt yn in noat, biwiist de rykdom fan it materiael dat er forarbeide hat op in treflike manear. Mei't er safolle noaten hat, is de tekst lêsber bleaun, mar elk feit en elke ûnderstelling is forantwurde. Syn krityske en objektive wurkwize is dy fan de filolooch, de frisicus. Mei dit boek hat er net allinne in dreech stik Fryske kultuer-skiednis jown, mar ek in monumint foar alle frisiasten fan de 19de ieu. Tsjibbe Gearts hat nei master Hjerre syn
| |
| |
dea yn in mankelike rite it Fryske hear ris oersjoen en him dêr it plak oanwiisd dat er fortsjinnet:
Nou, sykje ik swier, yn âlde dagen,
Dêr 'k Gysberts liet biwûnd're en song
En mei sa folle wolbihagen
By Halbertsma to skoalle gong.
'k Hie Harmen Sytstra iens op side
En Tiede Dykstra ta myn freon.
Mei Hjerre koe 'k foar it Fryske stride.
Mei Waling bin ik Fries jit bleaun.
|
|