De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 245] [p. 245] Anna Terpstra: Lofsang op in faem. Skilderij fan Renoir. O, Gabrielle, keine blomme. O, rook fan tearens, blossem-frucht. Hwat lân hat yn dyn tinzen slomme? Hwaens leafde fong dyn earste sucht? O, Gabrielle, offerskalen, yn masterhannen heve nou; as orgéade yn opalen útskonken tsjin in sêft grien-blau. O, Gabrielle, ierdske skientme; as ljochte siele yn in wale. O, leeljetsjilk, út lije frjemdte. Eksotyske, via non male. O, prima donna fan myn sangen. O, Gabrielle, ierdske faem. Dû stiest yn heger lofgesangen útbeit'le foar it Godlik Laem. Vorige Volgende