De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 237] [p. 237] A. Jousma: Napoleon. Hy wie dochs neat as in forflokt tyran: hy knechte folken en formoarde prinsen en nea joech hy it wurch Jerope lins en hy wie in wreed en fûl hearsksuchtich man. Ik seach him op in film, Napoleon! en al de dreamen fan myn jonge dagen, dy't rede en forstân sûnt lang forjagen, tobrieken 't grêf fan wapene beton. 'k Skôge op syn jong gesicht - ôfwêzich each - syn dûnker hier, syn mûle sûnder glim en 'k hearde 't triljen fan in wisse stim: in man, dy't eigen wearde wist en seach. Dy't eigen wearde wist en eigen dream ta eigen wierheit skeppe woe. Syn drôge soe rize út hwat ôflit en formôge tobriizle wie fan revolúsjestream. Hy foun de leafde en hy achte 't net. Ropping wie mear: der soe in ienheit groeije. La douce France soe as in roaze bloeije, fan in fornijde wrâld in klopjend hert. It farske bloed kleure de reade roas: Hy geat it út foar har yn stjalp'ge streamen en jimmer riisde heger yn syn dreamen it eigen byld omheech: binn' wy soms oars? Ik sjoch syn flaggen en syn gouden earn, ik hear de stoarmwyn fan de Marseillaise en - hwerom mocht de dream net duorjend wêze? - ik sjoch him op syn wite skimmel gean. [pagina 238] [p. 238] Hy winske in soan en briek in libben hert, hy woe de frede en focht yn fûle krigen, woe tsjinner wêze en seach syn gloarje stigen, woe 't lok fan 't lân en 't is foar him forblet. Dû wiest in weltich helt, Napoleon! Dû koeste, hwat wy net bistammerje kinne. Mar - lyk as wy - koest net dysels oerwinne, foar't it forried dy fong op Malmaison. En iensum oer de eineleaze weagen hast jierren stoarre nei de easterkym, oant dat de mylde dea syn dûnkere eagen meilydsum gean liet oer de keizersskym. Wy rispje, hwat wy siedzje, lyts en great, swier wie dyn sûnde en machtich wie dyn boete, dochs hat yn dy de wrâld in hearsker groete, dy't nimmen fan ús, lytsen, mear forgeat. En om de swidens fan dyn iere dream meist rêste oan de boarden fan de Seine, dêr't jimmeroan dyn wrede leafde wenne en 't is mei earbied dat 'k dyn namme neam! Vorige Volgende