wite jou gemeente neat, forhelje har allinnich, hoe't it, mei alles hwat is en sa't it is, nou dochs al wêze kin: justjes blider, justjes boartliker, justjes bernliker en soarchleazer, sa swierwichtich net earlik. Yn alle ellinde bisykje jo al hwa't jo mar oanhearre wolle, to treasten mei balsem fan Gileäd. Neffens de mjitte fan jou talinten bigeare jo hwat foar har to wêzen, har yn har wêzen littend en allinne mar sizzend: Kom, leau en sjoch. Jo hawwe in swak foar de minske, it skepsel, de sûndaer, en meitsje gjin ûnderskied. Of it moast
wêze, dat jo it greatste swak hawwe foar de earmen, de riken dy't net witte dat hja earm binne, de lijenden, en de yn har minskewêzen fan minsken ûnbigrepenen.
En al mei, achte freon, jou theology en dogmatyk dan wolris net al to krekt wêze, it bern yn jo fynt de frije, blide en barmhertige wei ta de minske sa suver as it minsken mar mooglik is: ûnbisoarge en sûnder euvelmoed soms, beevjend en mei freze faken. Is it dêrom tafallich, dat jo hast noch it bêste oer 'e wei kinne mei fékeaplju en kouwedriuwers en tear binne oer it libben fan har bisten?
Sa drage jo dan gjin amt, noch oare bulten, mar hawwe ien: dat fan evangelisaesje yn algemiene tsjinst, oer gemeentegrinzen en tsjerkemuorren hinne. Hoe ek forklaeid: as boekskôger, as journalist, as merkforslachjower, as skriuwer, jo binne en bliuwe evangelist. It is foar jo de heechste, de biskiedende funksje fan 'e minske, dat er yn wurd en yn wannel bilydt, en dy boade dogge jo him. Jo dogge dat op jou eigen, tige persoanlike wize, en it is goed. Hoech ik ta biwiis oan to heljen út jou wurk? Der soe gjin oanheljens ein oan wêze. Lit my allinnich yn it sin bringe, dat bisûndere merkforslach, hweryn't jo op in iere moarn tsjin Krysttiid foar de doar fan in herberch by de fémerk to Ljouwert de ingel forskine litte oan trije kouwedriuwers efter de Jouwer wei en harren op stuit en sté de berte fan 'e Messias oankundigje. Der sille grif nea folle krystpreken hâlden wêze, sa konkreet en direkt.
Mar ek jo, achte mefrou Mulder, hawwe jins diel oan dizze dei en meije dat hawwe. Jo mear as ien oars hawwe der ommers ta meiwurke, dat Mulder dizze sechstich sa jeuchlik helje mocht. Jo mear as ien hawwe him syn wurk en evangelyske tsjinst mooglik makke. Fanselssprekkend? Né foar hwa't der hwàt bigryp fan hat, hoefolle ôffal krekt immen wjerfart, dy't frijheit, blydskip en barmhertichheit