troud.... om't hja fuort moast, by Fernant Harkema wei. Moast, ja! Fan ûnleauwich wie hja yn 'e tsjinst by Fernant leauwich wurden. Troch Fernant. Nea soe hja forjitte hwat dy man foar har west hie; nea soe hja forjitte, dat as dy boer har moarns towekker rôp om to melken.... dat hy dan sels thésette en krintebôlle snie, en dat it folk dan earst by de boer yn 'e koken kaem om de dei to bigjinnen. Steande efter in stoel, spriek er dan in gebet út foar de Oerheit, foar minsken en bisten, foar lijers en earmen, foar de sinding en it gewaeks.... en hy naem der de tiid foar. Dan gyng er by it folk sitten, thé-dronk mei en bôlle-iet.... en dan lake er wolris en sei: Earst God, dan de minsken en dêrnei de bisten. Hy bidoelde: elk sines. Hy koe sa lekker thésette; hy koe sa bidde.... ik wie mâl mei dy man. Earst leaude ik oan him, letter pas yn God sels. Letter, hwant der is in letter! Hy wie ek net kâld fan my.... en dat moast ta in krisis komme. Dat barde yn 'e neisimmer. Om't de kij yn twa keppels weiden, moasten wy yn twa ploegen melke, en de boer en ik hienen fjirtjin kij togearre. Op in moarn mei kostlik waer - wy soenen beide ûnder de earste kou - doe loek er my mei tuolle en amer yn 'e hannen tsjin him oan. Ik moast gûle, ik liet sels tuolle en amer falle en sloech de earmen om him hinne....
- Ik hâld safolle fan jo, skriemde ik.
- En ik fan dy....
Mear sei er net en wy klampten ús oan elkoar fêst. Ynienen waerd er stil, liet my net los, mar doe bidde er: Heare, Jo sjogge ús sa't wy hjir steane.... it mei net en wy sille elkoar loslitte, mar wês goed op ús....
Doe koenen wy elkoar loslitte - en ik ha skriemende molken. Hy, op 'e weromreis mei de wein song er in psalm. Letter wie er o sa goed foar my, mar hy hat net wer in hân nei my útstutsen. Doe bin ik by harren weigien, de earste de bêste man dy't my frege haw ik nommen. En dat wie ek noch in bêstenien. God hat my holpen, ik hie him net fortsjinne. Mar troud wêze mei de oare, men mei it jins fijân net tawinskje! Jo biwarje dit foar Josels, ik sil der net oer prate, dat Jo om my west ha.’
Ik krige noch in waerme hân. De mûle like my op 't slot slein.
Myn twadde tsjûge. In âlde man mei de skouders op 't delwetterjen en gjin tosk mear yn 'e mûle, eartiids arbeider