De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 225] [p. 225] Tsjits Peanstra: Fjouwer fersen. Reade slofkes. Ik ha twa reade, papaverreade slofkes kocht, nou wol ik dounsje as it famke mei de reade skuon: op 'e line fan dyn hert nei myn hert dounsje ik in pirouet op papaverreade slofkes, op 'e line nei dy ta wol ik ha dounsje wy de pas fan twa om en om nei elkoar ta pirouet en pas fan twa op 'e reade slofkes. [pagina 226] [p. 226] Panoptikum. It antlit in kâlde blik in stjurre glimk. Hurd en wreed raest in stim troch de nacht - it lûd fan in oar - Aenst as de dize opkomt sil it tiid wêze. In tsjusterens skout oer de dingen en alles wurdt stadich âld. Ik bin byld en taskôger. Roun. Sûnt ik dy leaf ha, is it skaed in gedicht, dyn fuotstap in liet dat licht troch myn hôven giet; liet en gedicht: tagong foar my yn in dreamgebiet dat bûten dy net bistiet, sûnt ik dy leaf ha. [pagina 227] [p. 227] Dream. Prins, dreame-prins, op 'e grins fan it tinken en stadich forsinken, kûzje, rûzje boartlik oan 'e wangen, dyn sangen. Lit dizze dream, dizze stream fan gedachten net inkel de nachten folje; wuolje my yn, mei it bange forlangen nei lok, dat mei alle skyn ik oars nearne fyn. Vorige Volgende