Mar dan is dêr, sûnder dat ik it fornommen haw, ús Heit mei in rêst manlju. Hy ropt. Hy ropt mei ûntsetting yn syn lûd:
- Hwat is hjir to rêdden? Jonge, hastou dyn Pake....
Ik antwurdzje bidaerd:
- Né, it wie de dea, dy ynklauwer, dy libbenslynder, Dèrom haw ik him dea dien. Mar in moardner bin ik dochs net?
Heit skuort my it gewear út 'e hannen, bûcht him oer de forsleine en seit:
- Dalik dokter opskilje en rop myn wiif ek.
- Jimme ha gjin trochsicht, siz ik deawurch. Al hwat ik forwachte, mar net dat hja my noch net leauwe soene.
Ik hear Heit tsjin in Omke sizzen:
- O God, it is him wer trochroun! Hy moat hjir wei. Bring him gau nei hûs ta.
Twa manlju komme my op 'e side en meigeande lit ik my fuortfiere. Myn wurk is ôfroun, ik moat nou rêste, ik kin net mear. Sliepe wol ik en alles forjitte, ek dat bloed, dat bloed.
Mar as wy op hûs oan geane, hear ik gûlen, sa wanhopich dat it my yn it hert taest. Dat is Mem, tink ik. Hja komt ús kant op; hat gjin each foar my, wol my mei sin as in pûrfrjemd foarby rinne. Mar dan pak ik har alhiel ûntdien by de earmen beet, ik bûch my nei har oer, sjoch har yn 'e eagen en hertstochtlik biddelje ik:
- Mem, Mem, bigryp dochs hwat ik dien ha!
Hja bisiket har los to skuorren.
- Ungelokkige! ropt hja, dou hast myn Heit formoarde!
Deadlike eangst wurdt yn my wekker. Ik knyp har yn 'e earmen en ik rop yn wanhopige ôfwar:
- Né, né! Mem, siz dat it net wier is!
Dan bijowt it lûd my en ik lústerje:
- Siz dat it net wier is, net wier....
- Lit my los! Dou witst net hwatst dochste. Ik moat der hinne. Los!
Dan lit ik har gean en wy geane ús wegen. Ik wit it nou, tusken dizze beide manlju rint in moardner, ien dy't tekene is. Wy binne noch net oan hûs ta, of dêr komt ien efter ús oan hymjen.
- Jimme Pake is by wêsten. Hy wol noch mei dy prate.
Wy geane werom. Mem sit by him oer de groun, syn holle op har skurte en har earm biskermjend om him hinne, Pake