Op it harspit:
Op 'e bromfyts by us Fryske skriuwers lans.
Der is sa op it each gjin inkelde reden oan to wizen, hwerom't de ‘Provinciale Friese Vereniging voor Vreemdelingenverkeer’ har nije útiefte ‘Reisboek voor Friesland’ (gearstald troch P.G. Bins) oan de redaksje fan De Tsjerne tastjûre soe foar bisprek. Dat is dan ek net bard. Der is, al wer sa op it each, likemin in reden, hwerom't dy redaksje ek mar ien wurd, itsij goed of tsjoed, oer dat ‘Reisboek’ skriuwe soe. Dat dat lêste lykwols by dizzen ál bart, leit him oan it feit, dat de hear Bins syn toeristysk vademecum opgnist hat mei in stikmannich skriuwersnammen. Op himsels mei dat noch hinnebruije - hwa soe de (Hollânske) toerist dy't Fryslân ‘docht’ de kennis ûnthâlde wolle, dat ús aller Gysbert Japiks (Fries dichter, die Friese taal deed herleven) yn Boalsert berne waerd en seit it net himsels, dat de trije skriuwende bruorren Halbertsma in plakje krigen hawwe yn de summiere doarpsbiskriuwing fan Grou? Neat allegearre, mar it is dochs wol nuverfrjemd, dat VVV yn Fryslân op dit stik fan saken net hwat logysker én hwat krekter to wurk gean koe as dat nou barde.
De logika is wol fier to sykjen. Neamd wurde in great poarsje âldere Fryske skriuwers fan greate, minder greate en (foar in toerist gríf) tige biheinde bitsjutting. Hjir lit ik op 'e taest wei in rigeltsje folgje: Jan Linses van Burg (by Arum, dêr't er wenne hat, ûnder Makkum fynt men neat....), Harmen Sytstra (Baerd, dêr't er stoarn is), T.G. van der Meulen (Burgum), dr D. Kalma (Boksum), R.W. Canne (Dronryp), C. Wielsma (Grou), Nynke fan Hichtum (Hichtum, Nes), J. van Loon (‘19e eeuw dichter, musicus’, Húns) ensfh. ensfh. Der wurde likefolle al as nét neamd. Dochs mien ik in biskate foarkar fan de hear Bins úntdekke to kinnen. Ntl. foar forstóárne skriuwers. Anders Minnes Wybenga foun ik sawol ûnder Nijewier as ûnder Wetsens, mar sneupend ûnder Drachten, De Lemmer en It Hearrenfean foun ik nearne de namme fan Fedde Schurer, op hwaens namme (Amsterdam net meirekkene) grif trije plakken great gean kinne. As ik dit ‘Reisboek’ goed bigryp, mei soks lykwols net earder as de dichter/skriuwer yn kwestje moat earst op it tsjerkhôf lizze. It seit himsels, dat wy alle Fryske litteratoaren fan herten tawinskje dat hja noch yn gjin jierren yn Bins syn hannen forfalle. Dat sadwaende moat men ek goedkrije kinne, dat Langwar ál neamd wurdt as it berte- en wenplak fan de ‘volksdichter’ Auke Piers Grondsma, wylst my oant nou mar ien (oare) Fryske dichter bikend wie dy't dêr as in brokje libben fleis yn 'e widze lein hat to spinfuotsjen. Mar sels de spulregels fan Bins binne net sûnder útsûndering: ûntdiek ik al sneupende dochs noch net de namme fan de (libbene èn produktive) romanskriuwer Watse Cuperus, hwaens namme yn dit Reisboek oan it doarp Westernijtsjerk gloarje byset?
En dan dy rûgens. Guon skriuwers wurde kompleet mei berte- en stjerjier neamd, oaren moatte it mei ien fan beiden dwaen, party wer meitsje blykber mei it neamen fan de namme allinne al yndruk genôch. Rûgens ek yn de koarte bysûnderheden. Reinder Brolsma (neamd ûnder Stiens) is neffens it Reisboek bihalven Frysk romanskriuwer ek ‘Fries volksdichter’. As de bikendste boeken fan Simke