| |
| |
| |
Fedde Schurer:
Twa hanwizers.
Is it wier, sa't somliken wolris ha woene, dat ûnder alle oare ramp en lijen binammen ek de oarloch de minskheit lotteret, lyk as it fjûr de eale metalen ûntskommet? It andert op sa'n frage leit net foar de hân, en is faeks ek net statistysk to biskieden. De ‘minskheit’ hat nou ienris de eigenskip, út millioenen persoanen to bistean, dy't net allegearre deselde skiedkundige wjerslaggen jowe. En as der al somlike forskynsels yn it each springe dy't massael neamd wurde kinne en yn delgeande rjochting wize, dan steane der wer oare, like massale, forskynsels foaroer yn de opgeande wei.
It nasionael-sosialisme, lykas men der mei yn 'e kunde kaem troch it biwâld fan Adolf Hitler, is foaral hjirom troch de wrâld ôfwiisd, omdat it de tradysjes fan kristendom en humaniteit omfier bisocht to rinnen. Dus leit it yn 'e reden dat, nei de bifrijing fan it nasionael-sosialisme, de frage opkomt: Kin men dy oerwinning nou ek fornimme yn it libben fan minsken en folken, net salyk yn de idéology as wol yn de libbenshâlding, de wize hwerop de minsken en de folken nei de oarloch foar elkoar oer steane? Hoe stiet it mei de humaniteit, de minsklikheit, de forhâlding ta de oar, ta de neiste? Omdat de oarloch hjir dochs ús útgongs- en skiedpunt is, kin it gjin kwea fêst to stellen, dat Hitler en syn tsjinstanners deselde middels brûkt hawwe. Hy woe it mei de oarloch winne, de oaren, dat binne wy, hawwe him mei deselde oarloch toreden stien en toplak set.
Ik wol hjir gjin akademyske striid bigjinne oer de frage, oft dat net oars kinnen hie. It is net oars bard, sa leit it lân. En nou wol ik graech tajaen dat it doel de middels hilliget, mar elk wit dat dizze stelling mar ta in hichte opgiet. It is mooglik mei in biskaet middel de hiele wrâld to winnen en dochs skea to lijen oan jins siel, yn ús forbân oan jins minsklikheit. Yn de oarloch is it net inkeld lije dat men docht; men is ek aktyf dwaende. En dy aktiviteit kin it net sa krekt nimme mei it minskelibben as yn fredestiid wol wenst is. It giet yn de oarloch krekt as yn in tiid fan jildûntwearding; de valuta fan it libben sakket as
| |
| |
in bakstien. Lit ús tajaen, it middel dat wy twongen wiene to brûken hat ússels djippe wounen tabrocht, dy't noch drage en dêr't yn elk gefal de groeden noch fan to sjen binne. De humaniteit, hwaens wearden wy fordigenen, hat it sels swier to forduorjen krige.
Under de bisetting wie men op freonen en maten oanwiisd. Dat hat ta skoane ûnderfinings laet, mar ek ta swiere toloarstellings. Efter elke freon koe in forrieder biskûl gean; it gong om saken fan libben en dea. Gefolch wie, dat men wol leare moast skerp to sjen, en de minske net to hifkjen op syn oannimlikens en sympathikens, mar inkeld op syn brûkberens; de sitewaesje ferge der op. Antipathy wie minder nuodlik as sympathy, en krige dêrom rommer bod. In djippe ûnderlaech fan ús biskaving, de fete, kaem wer foar it ljocht en krige syn kâns troch fortochtmeitsjen en oanbringen, hwat de iene by de fijân, de oare by de eigen lju die. En faken wie it sa, dat men sèls hwat fete wie, oanseach foar glêshurde saeklikens yn de striid. De morele grinzen tusken moart en likwidaesje waerden dizenich, net mear to sjen op it lêst.
Ik leau dochs net, dat ik it my inkeld mar ynbyldzje, as ik mien dat de persoanlike forhâldingen der nei de bifrijing net op foarútgien binne. Mear as foartiid wurde persoanlike forhâldingen, foarsafier't hja bûten de erotyske sfear falle, forhurde en forsaeklike. De valuta fan de minsklike forhâldingen is omleech gien, ek de valuta fan de freonskip. Hja bistiet as tydlik kompanjonskip, mei alle saeklike gefolgen dy't dêr oan fêst sitte. Der is minder persoanlik bitrouwen, mear erchtinken, mear wrok, mear wrevel, mear hate, en dit moast needsaeklik de idéële striid op leger plan triuwe.
Dy wrok is der net inkeld tsjin de minske dêr't men ûnmidlik mei forkeart, hja is der tsjin it libben sels. De wrange, bitende en sinyske litteratuer fan de forroune tsien jier leit der om it to tsjûgjen. Net om 'e nocht stiet Jean-Paul Sartre, foar hwa't de walch in credo waerd, as ien fan de greate nei-oarlochske profeten oanskreaun. Net om syn eksistinsialistyske filosofy, mar om de folksrieme fortaling derfan: alles is rotsoai. Yn Hollân koe in figuer as Anna Blaman in tiidlang de litteratuer bihearskje, net omdat hja sa goed skriuwe koe, mar omdat hja wist to suggerearjen dat forfrjemding, oergunst en hate de meast wêzentlike bistândielen fan it libben foarmen. Net inkeld de bihannele
| |
| |
stoffe, ek de tael waerd fan dy libbensforachting oanstutsen. Forskate auteurs slagge der yn har litteraire wurken in tael út, dy't hja op in boekebal of by in priisútrikking foar itselde boek net yn de mûle nimme doare soene.
Dizze forrouwing fan de tael is symptomatysk foar de forrouwing fan it tinken. Van Deyssel's wurd: ‘beweren is beter dan bewijzen’, dat by him noch in eale en artistike sin hie, is yn it grouwélige oernommen en wurdt sûnder skrutenens tapast op 'e persoan fan de tsjinstanner. As de Dútske nasionael-sosialisten yn striid sieten mei de Roomske tsjerke, folgen hja de ienfâldichste wei en biskuldigen de preesters fan homo-seksuéle praktiken; romje de persoan op en syn saek sil fansels falle. Gjin earbied foar de minske. Dat is de omkearing fan de humaniteit.
Yn dit forbân mei in pinnestriid, krektlyn yn Hollân bigoun, ús omtinken hawwe. Ik mien de brosjuere-oarloch J.B. Charles - W.F. Hermans - Adriaan Morriën. It wol my net oan, dat der foar de oarloch in foarbyld fan dit soarte polemyk to finen wêze soe. Nou mei it bikend stean dat ik it proaza fan J.B. Charles net ta myn leafste lektuer rekkenje, mar de wize dêr't W.F. Hermans dizze man op oanblaft, kin gjin kant út. Morriën tinkt der ek sa oer, en hat dat Hermans wer oan it forstân brocht. Mar as men dizze beide skotskriften lêst, dan sjocht men dat de valuta fan de humaniteit in ein sakke is. Hjir wurde bledsiden wijd oan it uterlik, de noas, de coiffure, de klean fan de tsjinstanner; hjir wurdt troch minsken, dy't jierren lang freonen wiene, dy freonskip yn alle ûnderdielen ûtelkoar helle en op de foddemerk lein foar elkums each.
In freonskip, in erchleaze forhâlding fan minske ta minske heart taestber to bliuwen, ek as men letter útelkoar rekket. In minske heart skat to wurden op syn minsklikheit, en net inkeld op syn brukberheit. Hwa't nou in freon hat, moat dy freonskip foar ivich feilich witte en wis wêze, dat dingen út de partikuliere sfear nea forret wurde sille, ek net foar in goed doel. Dat men dizze dingen yn 1955 opskriuwe moat, dat hja net foar harsels sprekke, is al in faei teken.
Dizze forrouwing, lit ús dat der fuort by sizze, stiet fakentiids yn omkearde forhâlding ta it talint. Ek yn Fryslân is ús dit forskynsel net mear alhiel frjemd. Dat men dêrby net rjochtút nammen neamt en ûndertekenet, mar ûnder in skûlnamme neffens de biwende Fryske ynsinu- | |
| |
aesjestyl fan ‘der binne guon’, ‘somliken’ en ‘ik neam gjin nammen’ to wurk giet, makket it gefal inkeld mar hwat stylleazer.
Nammen neame wol ik yn dit gefal wól dwaen. Ik haw it each op de him as ‘jongerein’ oantsjuttende redaksje fan ‘Quatrebras’, in periodike demonstraesje fan ûnmacht as Fryslân noch komselden sjoen hat. It is bêst en reedlik, dat in moderne en talintfolle jongerein in âlder laech ienkear omfier rint, en yn Fryslân hie dat allang wêze moatten. Mar it wurdt inkeld mei talint forantwurde. It omfier rinnen allinne is net genôch. De hear Sybe Sybesma moat himsels ris ôffreegje oft hy nou krekt de oanwiisde man wie om de redaksje fan De Tsjerne to ûnderstean op politike suverens en yn fortinking fan nasionaelsosialistyske fielings to bringen. Is dit op himsels al slimmernôch, slimmer is dat de mannen der gjin erch yn hawwe en mar net bigripe hwerom't De Tsjerne net mei harren yn polemyk giet, doe't hja sa freonlik wiene it petear to iepenjen. Net graech soe ik úthâlde wolle, dat De Tsjerne sels fan alles frij to pleitsjen is; hja ûndergiet ek de streaming fan har tiid en ûntkomt net oan it algemiene oardiel.
Ofsjoen fan it litteraire mêd, fynt men yn de greate wrâld deselde route fan ûnt-minskliking folge, dêr't de litteratuer de hanwizers foar oprjochtet. De natûrkundige wittenskip, dy't uteraerd, yn it a-morele flak wurket, liket de lêste jierren wol tige in iensidige driuw ta it immorele to hawwen. Miskien wurdt it útfinen en brûken fan atoom-, wetterstof- en kobaltbommen earne yn de fierte noch wol humanitair rjochtfeardige, it is ommers de minsklikheit, dy't der mei biskerme wurde moat, mar hwerta noch minsklikheit, as der skielk gjin minsken mear binne? Dizze dingen folje de foarpagina's fan ús kranten, en wy forwûnderje ús soms ek noch, as in slachte dat ûnder dizze lûden great wurdt, by it wurd humaniteit smertlik oan de skouders lûkt. Hjiryn lykje filosofy, litteratuer en natûrkunde ien, dat hja yn de praktyk mei it leauwen yn de minske ôfrekkene hawwe, lyk as hja dat mei it leauwen yn God allang dien hiene.
Dizze diagnose is net sa noflik. Mar hja is ek net it lêste en it iennichste. De swarte pylk, dy't it paed nei de dea wiist en it libben al yn it foar ligen hjit, dy is dêr. Mar op ús krúspaed stiet ek dy oare pylk, de reade, dy't like
| |
| |
biret nei it libben wiist. Men kin ús tiid bylizze dat hja minder gefoel hat, dat hja it sentimint (it wurd sels is al yn diskredyt) útsnien en formoarde hat. Hja hat gjin gefoel, hja hat minder gefoel alteast as in eardere tiid, - mar it nuvere dêrby is, dat hja mear gewisse sjen lit. De skriklike konsekwinsje fan A- en H-bom hat hja net lutsen yn in lossinnige rite, mar út it biwitten fan mondiale forantwurdlikheit, ôfsjoen fan de frage oft it torjocht of to'n ûnrjochten is. Foar de oarloch is der gâns praet en song oer it rjocht fan de earme en de forsoarging fan de âlde minsken - nei de bifrijing is der dien, ûnder de minsklik swierst tinkbere omstannichheden.
De fraechstikken fan de rassen en fan de efterbleaune gebieten binne net oplost, mar hja wurde oansnien en earnstich yn it each fette - net allinne omdat de fordrukten yn opstân komme, mar ek omdat it gewisse fan de fordrukkers-tsjin-wil-en-tank yn opstân komt.
Yn lyts formidden moat men itselde merkbite. Alde minsken kleije wolris, dat de jeugd gjin earbied mear ken, en heger pleatsten sjogge by har ûnderhearrigen in geast opkommen dy't frjemd is oan it âlde respekt. Hwa't him hwat djipper yn dizze dingen jowt, wurdt lykwols gewaer dat hjir de minsklike forhâldingen miskien net fordoarn, mar folle earder suvere wurde. Aldtiids birêstte de earbied foar de âlderen en it respekt foar de hegere foar de greatste helte op eangst. Dy eangst fordwynt, âld en jong, heech en leech komme elkoar mear as gelikensen op 'e helte. In hiete folksklasse is troch bettere sosiale tastânnen himsels biwust wurden folweardich diel fan in folksmienskip to wêzen en makket dêr syn rekken op.
Sadwaende rekket de âlde omgongsstyl hjir en dêr wol yn de knipe; de foarmen fan de njoggentjinde ieu passe net mear by ús tiid en nije hawwe wy noch net. Dêrtroch jowe wy miskien in yndruk fan foarmleazens. Mar it is in oergongstiid. Kânsen, dy't de minsken en folken eartiids nea hawn hawwe, to witten dat hja elkoar yn frijheit kennen leare, dy krije hja nou. Men moat net al to slim forwûndere wêze, as dêr wolris lytse en greate ûngelokken by barre. Hwer't it op oankomt is dit, dat dy nije eleminten yn it mienskipslibben en it ynternasionale libben, de efterbleaune generaesjes, de efterbleaune sekse, de efterbleaune gebieten, net yn de deads- en ûnwaersprofeten leauwe. Hja leauwe yn it libben en dat leauwen kringt
| |
| |
troch alle wjerstannen nei boppen. Hja folgje de reade hanwizer, dy't de kleur fan it bloed en fan de leafde draecht.
As wy, it slachte dat twa wrâldoarloggen meimakke, ús bikleije oer forfal fan de humaniteit, dan meije wy ússels wol tige ûnderstean oft it gjin ûnwennigens is fan in fin-de-siècle-humaniteit, dy't al ta lege foarm forwurden wie en dêr't de driuw ta algemiene forneatiging al ûnder op de loer lei. Ik bin der net wis fan - foar in part is dat miskien wier. De eksistinsialisten, mei al har needsaeklike en jammerdearlike neisleep fan lytsmoedige libbensforachters, hawwe ús dóchs holpen in hiele ballêst fan frasen oer board to smiten en ússels ôf to freegjen hwat wy oerhâlde.
Komselden is de frage nei it wêzen fan de humaniteit ús neijer op it hert boun as yn ‘Amor Fati’, dat djip-minsklike boek fan Abel Herzberg, dat de ûnderfiningen út it konsintraesjekamp ta eftergroun hat, mar folslein frij is fan bitterens en wrok.
Sa sille wy nei tsien jier bifrijing ús ôffreegje moatte, hwat der oerbleau oan taestbere wearden en oan wier leauwen. Dan kin it net oars, of de machtleazen en de moedleazen sille de wanhoop foar kar nimme, as yndied de wei fan de minste wjerstân. De swarte hanwizer, dy fan de helbom en de sintfloed.
Mar dizze wanhopige tiid jowt hope genôch dat it net de toloarstelden, de oergunstigen en de forbitteren wêze sille dy't de koers oanjowe. Wy sille de humaniteit wer fannijs ûntdekke en formulearje moatte yn de nije stavering, forienfâldige oant yn it simpele, hwant de simpelen moatte har forstean. Gâns wizen en forstannigen is it forburgen, dat it libben winne sil, en dat der gjin libben mooglik is sûnder dy forhâlding fan minsk ta minsk, dy't wy hjir mei humaniteit oantsjutte, en dy't yn it Evangeelje ienfâldich leafde ta de neiste neamd wurdt.
Der sitte al ûnderskate Jona's op 'e wiuw om de ûndergong fan Ninevé to sjen en hja meitsje it harsels noflik ûnder har litteraire of filosofyske wûnderbeam. Mar dy wûnderbeam sil fortoarkje, en it libben sil trochgean. Tankber foar de bifrijing, sille wy ús nei tsien jier jitris bifrije moatte fan de fijannen fan evangeelje en humaniteit, dy't ús de dea oansizze. Ninevé hoecht net ûnder to gean - of wy moasten it sels leauwe en sels wolle. Hwant hwat men leaut, dat wól men op in djipsten.
|
|