Frysk en Frjemd:
‘It jier yn 't roun.’
De dichter Douwe Hermans Kiestra, fan hwa't oant nou ta mar twa fersebundels bikend binne (Efter it oargel en Sinne op 'e striesek, it lêste pubisearre ûnder de skûlnamme D. van Wieren), sil meikoarten (by Laverman yn Drachten) in nije bundel útjaen. It is in lytse, nije fersesyklus ‘It jier yn 't roun’. Uterlik sil hja in unikum wêze ûnder de Fryske fersebundels. By alle trettjin fersen ntl. wurdt in yllustraesje opnommen fan de Ljouwerter kunstner M.J. Walta, oant nou ta in frijwol ûnbikende figuer yn it lytse rychje fan Fryske grafisi, dy't mei dit wurk lykwols tige de oandacht op him festigje sil, as 't my net mist. Op himsels komt in neijer kontakt, liedend ta resultaten hwat de boekforsoarging oanbilanget, tusken skriuwers en byldzjende kunstners yn Fryslân grif net fan ûnpas. Yn dit forbân mei noch meidield wurde dat de bundel mei oersettingen fan de kwatrinen fan Omar Khayyam troch Inne de Jong, yllustrearre troch Martha Wadman, ek kommende weis is.