gelokkich, der kaem tsjin dat stânpunt forset fan Protestantske kant, it lêst noch fan ds. M. Groeneveld, dy't yn ‘Hervormd Amsterdam’ yngiet tsjin it plan fan ds. W.P. Keyser yn it ‘Hervormd Weekblad’ om lieten as gesang 250 wei to litten. Ds. Boelens-en-dy hawwe aldergeloks ek in brede visy hawn, dat sa is de Fryske skriftekennisse foar altyd forrike mei inkelde prachtige oersettingen fan Latynske hymnen.
Hwa't de oersetting fan it ‘adoro te’ yn de nije bondel forgeliket mei de oersetting fan deselde hymnus, dy't yn it lêste nûmer fan de Katholike Fries, it moanneblêd fan it R.F.B., ôfprinte stiet, sjocht, dat de ‘Protestantske’ oersetting folle tichter by de tekst fan St. Thomas fan Aquino stiet - fan rhytme en fan wurdkar - as de ‘Katholike’.
Lykwols, de Synoade hat har eigen bondel net goedernôch neisjoen. Hwant nêst de neamde gesangen steane der altyd noch wol in fyftjin oare Roomske, Latynske hymnen yn har bondel, oerset faeks via it Frânsk of Dútsk, mar dochs noch dúdlik werom to kennen. Wy hawwe foar ússels ris opskreaun, hokker lieten út dizze Fryske bondel yn it Latyn of yn de folkstael ek yn de Roomske tsjerken songen wurde. Dêrby kamen wy altyd op sa'n fjirtich, en dêr moat dan by bitocht wurde, dat lang net alle midsieuske hymnen mear bikend binne en dat yn Nederlân folle minder songen wurdt yn de R.K. tsjerken as b.g. yn Dútsklân of Frankryk. Der sil dus noch wol folle mear wêze, as hwat troch ús ûntdutsen is. En dan hawwe wy noch net iens meirekkene de gedichten fan nei-reformatoaryske katholiken as Vondel, de prysters Franciskus Xaverius (O, Deus, ego amo te: ges. 213) en Guido Gezelle (Het leven is een krijgsbanier, ges. 118). Ek binne net meirekkene de nasionale lieten, dy't foar eltse Nederlanner bikend wêze moatte, lyk as de lieten út Valerius' Gedenckklanck en it Wilhelmus, dat hjir yn syn Fryske versy, mei ‘Willem fan Nassou’ yn de bigjinletters, ôfprinte is.
De gedichten fan Protestanten binne ek hwat langer hwat minder taboe yn Katholike formiddens. Sa kin men yn Roomske tsjerkeboeken gedichten fine fan Revius en Camphuysen. En gelokkich fynt men dizze sangen hjir ek, forfryske. Ek in prachtich liet as gesang 281: ‘Hear, bliuw my nei’ is hiem to uzes.
Binne der dan gjin dingen to sizzen, dy't ús minder oansteane? Och, fansels. Der leit nou ienkear yn in bulte