De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 204] [p. 204] Tjitte Piebenga: Pas encore yn snjitters lûkt de forfage wrâld lâns myn ruten in lette beam slacht noch grien út hjir en dêr in nugget goud ik woe it dy jaen en om dyn boarsten wine marida mar it mei net men wol net lije dat ik soks doch it is ûnseedlik yn it iepenbier coasters fol tochten steamers mei langstmen farre tusken ús mar de havenarbeiders stake ik woe it dy jaen en om dyn boarsten wine marida mar de slûzen lizze ticht en wy farre yn it gebiet fan de passaten en dû witst hwat dat bitsjut de slûzen lizze ticht en de havenarbeiders stake marida siz my dat net wer ik kin it net net mear oan hwant de wrâld wol it net [pagina 205] [p. 205] ik bin sa bang soms foar ûnwaer en tonger mar as it simmer wurdt en de nuggets yn 'e safe fan de seizoenen lizze meistû it wer sizze hwant dan is de kâns op ûnwaer lang sa great net mar nou net wer sizze marida ik kin it net net mear oan hwant de wrâld wol it net de slûzen lizze ticht en de havenarbeiders stake mar it giet goed sa hwant der binne constellations dy't tachtich man forfiere kinne en it wurdt simmer skielk dan stake se net mear hwant se hawwe leansforheging krigen en dêr gyng it om marida siz it dan nou net hwant ik kin it net net mear oan hwant de wrâld wol it net marida skielk as it simmer wer wurdt Vorige Volgende