De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 199] [p. 199] Jelle de Jong: Twangarbeid yn 'e myn fan 'e wrald. wy binne mynarbeiders (sjoch prospektus heerlen of kerkrade) ús wurk is ûnder de skyl en de sinne skynt allinne op 'e bûtenkant ús pupillen binn' wiskunstich lyts ús lichem is fan swarte koal wy moasten yn 'e minen it is de twangarbeid fan dizze generaesje wy binne berne ûnder skoarstienreek it stienkoalgrús siet ús yn 't hier de sinne stiet to heech foar ús wy binne bang syn ljocht to sjen ús pupillen soen' yn diggels falle wy moatte bisykje to wennen oan 't ljocht eltse dei in pear sekûnden langer mar lear earst it brailleskrift Vorige Volgende