eage mefrou Wessels moarns únder brea-iten efkes troch de krante, dy't hja noch altyd tastjûrd krige fan har folk.
Hja lies fan it slimme ûngelok dat der bard wie op 'e strjitwei by N. Alhowol't de bus hurd riden hie, koe de chauffeur der neat oan dwaen, stie der. It slachtoffer, de sawn-en-tritich jierrige juffer E.W. moast op slach dea west hawwe.
Mefrou krommele hwat mei it flinterke bôlle om, dat op har boardtsje lei en seach mei argewaesje nei har oare helte, dy't forheftich mei it leppeltsje yn syn thé omskaeide, wylst er de post trochseach.
‘Roel, hoe faek moat ik nou noch sizze dat ik gek wurd fan dat gerear altyd!’
Hy grommele hwat en smiet it leppeltsje del.
‘Roel....?’ Hja wachte.
‘Nou....!’ It klonk net botte oannimlik.
Mefrou Wessels birette har en swei. Hja hie freegje wollen oft se joun net ris hjir of dêr hinne koene, mar as it sin sa stie dan wist hja it wol.
‘Nou....!’ sei er jitris.
‘Oh.... ik lês hjir fan in slim ûngelok yn N. Wenne dêr ek net in âlde flam fan dy?’
‘O ja? Hwat is der bard?’
Hja lange him de krante oer en seach hoe't er it lies. Earst gewoan, heal ûnachtsum, de ynitialen E.W. seine him ommers neat. Mar troch N. kaem ek efkes Lysbet Meinderts wer yn syn ûnthâld. Lysbet, ja, dat wie ek sa....
Hwat stie dêr, sawn-en-tritich jier? E.W.....? E.W.! Mar dat wie.... dat wie Elisabeth Wytsma! Sa hjitte Lys ommers. Lysbet dea.... Krekt nou't hy har sa nedich hie. Hy hie nea wer om har tocht, mar hy wist ynienen dat hja der west hie, al dy jierren, Lysbet, dy't nei him ûtsjoen hie. Dy't nea har doar en har hert foar him sletten hie. Hja hie der altyd west en hy koe har net misse.
Hy fielde dat de frou dy't foar him oer siet, him skerp achtsloech. Hy seach de jaloerskens op 'e loer lizzen. Hy seach hoe't hja bisocht de wierheit fan syn antlit to lêzen.
In wierheit dêr't hja him wer mei hjitfolgje soe as hja harsels wer foar in kear tokoart dien fielde.
‘It makket nochal yndruk op dy sa't liket,’ sei hja hwat spotsk. ‘Siet it sa djip?’
Hy seach har oan as wie hja op slach in folslein frjemde foar him wurden, pakte syn korrespondinsje byinoar, skou-