De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 193] [p. 193] E.B. Folkertsma: Tusken Peaske en Hjelhimelfeart. Noch nea hie de ierd' sa tylsk har peare Oan tilich sie, noch nea fakseare De skamte fan sa'n lije wyn; Hwa hie har kend sa weeld'rich sketten Yn reach fan beamt, útspand mei netten? Dêr moast in hege fûgel yn. Hwa tsjoenster koe sa gifgrien tsjoene, Hwa spylster weaker snaren poene? Dy Maeije song de himel nei. Hja woe de hege earn opheine, De machtich oan it grêf ûntteine; Dêr hie hja frjemde doelen mei. Hwat soe dy farre nei de beammen Fan 't fiere hôf en sit dêr dimmen To rêsten op in neaken nêst? ‘Yn mines kinst dy djip fornoeije, Yn mines wol mei lusten djoeije, Yn mines fine in oare rêst. Myn freon, ik wyt in wûnd're kouwe: It hûs muzyk, in wrâld to jowe, Dêr spilet frijheit sels har liet. Ut stiennen sil hja brea dy meitsje, Ut woastenij dy wûnders laitsje, Dy sjongend jaen al wrâlds gebiet. Och koest dat hûs, ik woe 't sa jerne, It is út lûd en skientme berne, It tilt, it rûzet fan muzyk, It sjongt it paradys to boppe; Hwat litst dy dan omfierren roppe? 't Is neijeroan, dyn keninkryk. [pagina 194] [p. 194] It is by my, myn doar stiet iepen, Myn boarsten noegje dy to sliepen, Myn stamme is in hege wacht. Hâld yntocht hjir, yn dizz' paleizen, Hwat silst dy weagje op faeije reizen? O hear myn stimme, frijheits klacht! Och, jow dy dochs net del by de Alde En diel mei him it ryk en hâlde In skeam'le rôf dyselme oer. By my is dines 't liet allinne, By my hast de ûnfordielde minne, De krêft, de macht, al 't ryksbistjûr. Ik sil dy spylje dideldeine, De lichte apel dy taheine, Al hwatst bigearst, silst hearlik ha. Ei, hwerfoar soest mei oaren diele? Wês dochs dysels, wol ien dy fiele: To folle is trije, ien mei ta.’ Sa spriek se en makke har flúnsk de boele, Waerd lûd, waerd liet, waerd al fioele, En joech har feil, in bûnte pau. Hja song de himel hast biskamme, Hja song triomf - ik wit har namme: It wie de Maeije, 't wie de frou. Mar de earn, foreale yn heger minnen, Hy fear omheech oer stjerte en sinnen Troch hym'len op by God, syn thús. Nou sit er heech to troane en stamme, De fûgel Gods - ik wyt syn namme: Ymmanuël, God dielt mei ús. Vorige Volgende