Anne Wadman:
Eigen-wiisheden.
I
Tsien jier bifrijing. Tsien jier omdôch bisykjen de frijheit wurdich to wurden.
*
Je t'aime. I love you. Ich liebe dich. Soe it oan de earmoede fan de tael lizze of oan de earmoede fan ús gefoelens, dat it saneamd edelste fielen fan in minske syn útdrukking fynt yn sa'n egosintryske taelfoarm?
*
Litteraire krityk is in universele foarm fan misforstân-forsprieding. De man dy't mei anti-krityk mient oan it misforstân to ûntkommen, forsint him lykwols. Hwant hy bistriidt net it misforstân, mar hy forspriedt in nij misforstân: dat krityk sûnder misforstân mooglik wêze soe.
*
Sadré't de leauwigen like folle earbied hawwe foar it ûnleauwe as de ûnleauwigen foar it leauwe, falt oer fordraechsumheit to praten. Gjin minút earder.
*
It tokoart fan de Frijheit is, dat hja ek jildt foar dy't har net earbiedigje.
It tokoart fan de Demokraty is, dat hja bod jowt oan dy't har ûnderwrotte.
It tokoart fan de Folkspartij foar Frijheit en Demokraty is, dat hja mei Demokratyske middels de Frijheit jaen wol om op oarmans kosten ryk to bliuwen.
*
Myn idéael is in eigen auto. Hwant ik haw him net nedich.
*
Boerehistoarje. In boer giet nei stêd om in poun spikers: dy binne dêr in dûbeltsje guodkeaper as yn 'e buorren. Yn 'e Prins-Hindrikstrjitte falt him yn, dat er in goune reiskosten makke hat. Hy keapet 16 poun spikers en in glês bier. Sa hat er de kosten der wer út. En in moaije middei forgees.
*
Myn freon wol syn bern nei skoallen fol ûnderwiisfornijing stjûre. De harten sille dus nea witte dat se dom binne.