Ir. J.J.M. Vegter:
It Fryske oarlochsmonumint.
It monumint oan de iepenbiere wei, dat in stik skiednis delset mank it libben fan al den dei, wie foar 1945 yn Fryslân frijwol ûnbikend. Wol koene wy de tinkstiennen en bitinkingsnudlen, dêr't de 19e ieu histoaryske feiten mei fêstlizze wollen hat, mar by de opstiging fan libbensmoed en libbenskriich dy't oer it bifrijde folk kaem, waerd it jin klear, dy forfeelsume monuminten sûnder fantasy soene fuortoan earder thúshearre op it tsjerkhôf fan de geast as op it siedlân fan de bifrijing.
De Stiennen Man wie in gunstige útsûndering, mar dy syn ûntstean lei dan ek al trijehûndert jier efter ús. De Stiennen Man is in stik fan it Fryske lân, it silhouet is kantich en persoanlik; hy hat in eigen namme krige en dêrmei in plak yn de famylje. Mar it izeren stekje - korset fan safolle Nederlânske monuminten, symboal fan ûnmacht en iensumheit - it izeren stekje iì der fansels en it wol dat monumint dochs wer bûten it libben fan ús-lju keare, dat it is mear in opsierend foarwerp as in libben bisit, in foarwerp dêr't men nei sjocht lyk as men sjen mei nei in stoel mei in stofkleed der omhinne, lyk as men nei boeken-efter-glês sjen mei of nei fisken yn in akwarium.
Wie dat ús idé fan de bifrijing: ynriuwe tusken izeren refters, ynpakke yn glês en plastic? Né rjochtoarsom: by de bifrijing gie it hert ús iepen, dat fan ús allegearre; wy hawwe ús net skamme to skriemen fan lok, al wie it bûtendoar. En elk op eigen wize hat syn hert bounzjen heard as woe it barste - om efkes dêrnei stil to stean, sâ stil to stean dat wy de amme fan God tusken de minsken hearre koene. Stil to stean, ûnforweechlik, mar oant yn it djipste wêzen biruorre en sadwaende sels wurden ta: in monumint.
Doe't de earste spanning der nei de bifrijing ôf wie, oppenearre him rounom de langst dy histoarje fan de jierren 1940 oant 1945 fêst to lizzen - en sa binne yn de stêdden, de doarpen en op it plattelân de monuminten ta stân kommen.
It tal is safolle mooglik biheind, hwant by soks foaral is ynbannigens in ding fan bilang; it giet der ommers om en jow yn it iepenbier utering oan jins fielingen. Wy witte.