- Mar Rudy, dou hast omtrint fjouwer jier fuort west. Hoe kinst dan tinke....
- Foar spek en brea. Bureautsjinst, tolk.
'k Wiisde swijend nei syn stok.
- Bommen. In wûnder dat ik 't libben der ôfrêdden hie, seine se. Unfortúnlik west.
- Dan ha 'k dus forgees bliid west, Rudy.
- Bliid.
- Ja, mei dyn tsjinst nimmen, mei dyn einlings út 'e rie wêzen. Muoike hat dat ek sa oanfield. Hja hat my wyt en swart forwiten, doestou fuortroun wieste. 'k Hie dy oanhise, sei se.
- Oanhise. Der kaem noch al oanhysjen by to pas. Hja wiene fiersto bliid dat ik kaem. Kinst neigean, mei heit syn namme. En doe't it net woe, doe't ik wer siik rekke, ha se my let en set. 'k Woe dat 'k dea wie. Mar 't is net slagge. God wit, dat ik der war genôch foar dien ha.
- Sst, 'k hear har kommen.
- Hwerom moat se bang wêze? My kin it wier neat mear skele.
- Rudy.
Ik foel op 'e knibbels by him del en gûlde in bytsje mei de holle tsjin him oan. Beide stoareagen wy ta it finster út.
- Rudy! Sjoch ris, Rudy!
Boppe de stêd hong in readige gloede.
- 'k Hie it allang sjoen. Mar dou pieldest sa mei dysels om. Se baerne grif it haedkertier op. Dat dagge se altyd.
It wie midden yn 'e stêd. Efter de Aldhou.
- Haedkertier? It kin op it Saeilân wêze. Dêr is de SD.
It fjûr bilune al. It duorre net langernôch om wier bang to wurden. Dochs kaem ik hastich oerein en gyng fluch nei de keamer dernjonken. Muoike wie der al. Hja stiene mei har trijen efter de gerdinen wei nei de brân to sjen. Mei in raem fierde ik de finsters iepen.
- Sa kin men it better sjen, sei ik. Hja binne nou dochs fuort.
De oaren gûlden nou ek. Jet en Paul, triennen fan blydskip. Einlings. Dy fan Muoike en my smakken nearne net nei. Net ienris bitter. It wie net oars.
- Hwat hat it noch foar doel, sei Muoike.
Ik hie de moed net en fal har tsjin. De oaren hiene it gelokkich net heard.